Coalitieakkoord SWF 2022-2026 I Frysk
Tekst van het document
Koalysje-akkoart 2022-2026 Súdwest-Fryslân: Grutsk en tichtby
21
De organisaasje Wy stean in organisaasje foar dy’t tsjinstferlienend, fleksibel en mei lef meiwurket om ús ambysjes en de besteande en takomstige taken út te fieren. Tsjinstferlienend nei de mienskip ta. Sa’t wy earder al stelden binne de meiwurkers mear yn ’e wiken, doarpen en stêden oanwêzich om ynwenners op it plak sels by te stean en te helpen mei de ûnderwerpen dy’t harren en ús oangean. Doarps- en wykkoördinatoaren, meiwurkers fan gebietsteams, mar ek oare amtners binne needsaaklik foar it kontakt mei ynwenners. Sy sille in (noch) gruttere rol spylje en krije genôch sizzenskip yn ’e organisaasje foar harren wichtige wurk. Mei lef bedoele wy dat wy de organisaasje útdaagje om kreatyf te wêzen binnen alle regels, mar ek om de grinzen fan dy regels op te sykjen. Regels kinne ommers wizige wurde en soms is dat ek nedich. Wy meitsje wurk fan it benchmarkûndersyk dat koartlyn oplevere is. Mei in strategyske personielsplanning wolle wy in profesjonele organisaasje bouwe dy’t klear bliuwt foar de takomst. Romte foar eksperimint en inisjatyf Wy wolle ús ynwenners, ûndernimmers en frijwilligers útdaagjen bliuwe en stypje dan ek fan herten de eksperiminten en ynnovaasjes dy’t yn ’e mienskip ynset wurde. Mei ried en died stypje wy dy. Wy stelle dêrfoar jild beskikber, mar brûke ek ús amtlike en bestjoerlike netwurken om kânsrike inisjativen slagje te litten.
Wy moedigje ek oan om mei dizze eksperiminten de grinzen fan wetten en regels op te
sykjen. Dat heart no ien kear by it besykjen fan nije wurkmetoaden en inisjativen. Tagelyk biede wy ek oan om mei sokke inisjativen te wurkjen oan it fernijen fan ’e besteande wet- en regeljouwing. Wy wolle ús dan ek bestjoerlik profilearje as in eksperiminteargemeente dêr’t nije inisjativen opbloeie en fierder brocht wurde.
Finânsjes De gemeente Súdwest-Fryslân fiert in sûne finansjele húshâlding. Wy ferheegje de OZB allinnich mei de ynflaasjekorreksje en presintearje jierliks in slutende begrutting. Yn dizze faze fan it jier is it lestich om te bepalen wat de omfang is fan ’e beskikbere finansjele middels. Sawol fanút it Ryk (ynkomsten) as út ’e eigen organisaasje wei (Jierrekken en ûnûntkomberheden) binne der punten dy’t noch net bekend binne. Benammen it noch ûntbrekken fan ’e Maaiesirkulêre jout gâns ûnwissichheden. Foar it oanjaan fan in beskikbere romte moatte dus ferwachtings en oannamen dien wurde. Op grûn fan ferwachtings oer saken as de startnota fan it Ryk, de maartbrief 2022 fan it Ryk, in advys fan it netwurk fan 100.000+ gemeenten, de foarriedige útkomsten fan ’e Jierrekken 2021, in ynskatting fan autonome ûntwikkelingen en inkele rinnende saken, is it de ynskatting dat der net folle strukturele romte wêze sil, mar wol wat ynsidintele romte.
Dizze middels sille wy ferantwurde ynsette om de ambysjes mei krêft te realisearjen. By it opstellen fan ’e programmabegrutting 2023 litte wy ek ûndersykje oft wy by it ferwurkjen fan ’e algemiene útkearing de (eigen) oantallen jierliks mutearje litte kinne en hoe’t dat eventueel ferwurke wurde kin yn ’e begrutting. Ek wolle wy neigean oft it hantearjen fan ’e metoade fan rinnende prizen foar de gemeente SúdwestFryslân fan mearwearde wêze kin en winsklik is om yn te fieren. Fierder sille wy ûndersykje op hokker wize de ried mear fet krije kin op ’e programmabegrutting. Op it stuit is der sprake fan trije programma’s dêr’t de fleksibiliteit fan it kolleezje optimaal mei brûkt wurde kin. Wy ûndersykje mei de auditkommisje oft it mooglik is in balâns te finen tusken dizze fleksibiliteit en de transparânsje foar de ried. Dêryn moat ek in ferbining makke wurde mei de krityske prestaasje-yndikatoaren. Ta beslút gean wy nei oft en hoe’t de ekstra ynkomsten út it Wynpark Nij Hiddum Hou ten goede komme kinne oan ’e hiele gemeente.
Wy skatte yn dat der in struktureel bedrach beskikber is fan € 0,4 miljoen en yn ’e perioade oant 2026 in ynsidinteel bedrach fan € 32,1 miljoen.
Koalysje-akkoart 2022-2026 Súdwest-Fryslân: Grutsk en tichtby
22
Us aksjes organisaasje en tsjinstferliening
Kommunikaasje
Ynwenners en ûndernimmers yn need witte de regelingen en mooglikheden te finen troch in aktive rol fanút ’e gemeente. Net mei yngewikkelde formulieren, mar in direkt telefoannûmer en in Whatsappservice. Wy ferstjoere lêsbere en begryplike brieven. Yn stee fan ôfstanlike kommunikaasje is der in telefoanpetear of moeting tusken ynwenners en gemeente. Frije ynrin foar ynwenners yn it gemeentehûs foar it meitsjen fan ôfspraken. Brieven en kommunikaasje fan ’e gemeente wurde test troch in boargerpanel op begryplikens. Alderen, behelpliken en minsken mei in soad stress (emoasje om skulden of gesin hinne, psychososjale oandwaningen) wurde thús opsocht troch amtners dy’t ynfielend en meilibjend binne. De Sosjaal Riedsfrou stiet foar ynwenners klear om ûnearlike en/of ûnbegryplike saken út te sykjen of oan te kaarten. It Gebietsteam en oare meiwurkers organisearje leechdrompelige (ynrin)sprekoeren ticht by de ynwenners en ha wykliks sitting yn in moetingsromte yn wyk, doarp of kearn.
op it fergrutsjen fan ’e minsklike maat, ûntwikkeljen fan profesjonals en systematysk learen, om dêrmei de nedige strukturele ferbetterings troch te fieren.
Gearwurkje en Europa
Wy helje yntiids mear ynvestearrings binnen troch in ûnderskiedend ferhaal en heldere karren foar wurkjen mei wetter(stof), sirkulêre ekonomy ein rekreaasjesektor dy’t wearde taheakket. Wy kommunisearje ambisjeuzer en konkreter hoe’t wy in logyske hub binne op ’e Wetterstof-lijn yn Nederlân. Wy toane inisjatyf en nûgje pro-aktyf partijen út dy’t ús helpe kinne yn ús ambysjes.
Kollegiaal bestjoer
Elk kolleezjelid draacht út syn as har portefeuille wei by oan it fierder foarm jaan en realisearjen fan it akkoart.
Feiligens en hanthaving
Wy ynvestearje yn previnsje en wolle mei oare partners mear sichtber wêze yn ’e wiken en doarpen. Wy hanthave op 2e wenningen, toeristyske ferhier fan wenningen en Airbnb.
Tsjinstferliening
Finânsjes
Digitale tsjinstferliening moat minsken echt fierder helpe, persoanlik en tichtby. Gjin pearse krokodillen of fan ’e bok op ’e ezel. Der moat altyd in telefoannûmer en mailadres beskikber wêze om earne yn gefal fan haast kontakt oer op te nimmen. It beskikbere bedrach foar de fersterking fan ’e tsjinstferliening wurdt breed ynset rjochte
Koalysje-akkoart 2022-2026 Súdwest-Fryslân: Grutsk en tichtby
Gjin ferheging fan wenlêsten,allinne mei ynflaasjekorreksje. Wy fiere in deeglik finansjeel belied mei foldwaande reserves. Wy gean aktyf op ’e syk nei kofinansiering om ús doelen te realisearjen. Dêrfoar sjogge wy nasjonale (lykas regiodeals) en Europeeske subsydzjes as kânsrike opsjes. Wy wolle ús eigen middels (dêrûnder ûntwikkelfûns) mei klam brûke om as hefearm/kofinansiering te brûken om kânsen yn ús gemeente te benutten. Undersocht wurdt oft wy by it ferwurkjen fan ’e algemiene útkearing de (eigen) oantallen jierliks mutearje litte kinne en hoe’t dat eventueel ferwurke wurde kin yn ’e begrutting. Ek wurdt neigien oft it hantearjen fan ’e metoade fan rinnende prizen foar de gemeente Súdwest-Fryslân fan mearwearde wêze kin en winsklik is om yn te fieren. Undersocht wurdt hoe’t de ried mear fet krije kin op ’e programmabegrutting. De ynkomsten út Nij Hiddum Hou komme te goede oan ’e hiele gemeente.
23
Oersjoch portefúljeferdieling Kolleezje fan Boargemaster en Wethâlders Bestjoersperioade 2022-2026 Boargemaster frou J.A. de Vries
Wethâlder hear M. Rietman (PvdA)
Wethâlder frou P. van den Akker (CDA)
Algemien bestjoer Bestjoerlike gearwurking en koördinaasje fan netwurken Iepenbiere oardering en feiligens Brânwacht Rampebestriding Kommunikaasje Boargersaken
Wenjen en grûnbedriuw Rekreaasje en toerisme Ferkear en ferfier Offal, wetterbehear en rioel Ûntjouwing en it ûntjouwingsfûns Bedriuwsfiering
Jeugd(soarch) en ûnderwiis Kultuer en keunst, ynkl. erfgoed Fernijing lokale demokrasy Aginda Boalsert Hanthavening
Wethâlder frou M. Poelman (PvdA)
Wethâlder hear B. Dam (CDA)
Wethâlder hear H. de Boer (FNP)
Wurk en ynkommen, ynkl. MBU-ûnderwiis Soarch, ynkl. WMO en gebietsteams Tsjinstferliening, ynkl. húsfêsting en digitalisearring Europa
Romtlike ûntjouwing en de Untjouwingswet Ekonomyske saken (ynkl. Ofslútdyk) Sport en bewegen Moetingsplakken Aginda Snits Aginda Súdwesthoeke
Koalysje-akkoart 2022-2026 Súdwest-Fryslân: Grutsk en tichtby
Finânsjes Duorsumens en klimaataginda Kearnebelied Lânbou, natuer en lânskip Kapitaalgoed, ynkl. fêstgoed en húsfêsting bûtentsjinst Aginda Iselmarkus
24