Coalitieakkoord “Foar de Mienskip''
Tekst van het document
Foar de mienskip
Noardeast-Fryslân 2024-2026
Yndeks Frysk
02
Nederlands
25
FRYSKE FERZJE
Ynhâld - Foaropwurd - Riedsbrede aginda - Koälysjeakkoart
04 06 10
Foaropwurd
Tusken de griene greiden en it terpelân dêr’t de wyn altiten wekker is en tusken bosken en elzesingels; yn húskeamers en doarpshuzen, by de ferienings en stiftingen, yn doarpen en wiken. Dêr leit ús MIENSKIP, feilich yn ‘e stiennen earms fan ‘e seedyk. En bytiden, hiel inkeld ris, weagje wy ús dêrbûten, foar in sneinskuier oer de kwelders mei de blik oer it Waad. Wy wenje yn ‘e wiken fan Dokkum, bûten as binnen de histoaryske bolwurken. Wy wenje yn Ferwert, yn Kollum, yn Hallum, yn Holwert, yn Easternijtsjerk, yn Westergeast as yn ien fan dy oare prachtige doarpen. Wy binne Noardeast-Fryslân. Dat is wat ús bynt.
05
FOAROPWURD
Foar de mienskip Foar jo leit it lokaal akkoart fan FNP, Gemeentebelangen (GBNF), CU en CDA. Fjouwer partijen dy’t de kommende jierren ynsette wolle op in bettere ferbining mei de mienskip fan Noardeast-Fryslân. Wy wolle alle doarpen en wiken, sûnder útsûnderingen, sjen, hearre en meinimme. ‘Foar de mienskip’ is dêrom de titel fan dit koälysjeakkoart.
Fisy en misje Yn ‘e fisy fan de FNP, GBNF, CU en CDA kinne in protte saken leechdrompeliger, better en goedkeaper organisearre wurde yn ús gemeente. Dêrom wolle wy folop romte biede foar inisjativen ‘fan ûnderop’ en dy finansjeel ek stypje mei bygelyks doarps- en wykbudzjetten en duorsumensbudzjetten. De mienskip mei dêrby wat fan ús freegje, mar wy freegje ek wat fan de mienskip; om bygelyks guon saken sels op te pakken en mei-elkoar út te fieren, eigner te wêzen fan eigen ideeën en projekten.
te organisearen en wy wolle ynvesteare om besteande inisjativen op dat mêd, lykas it ferbinen fan ûnderwiis en soarch, om tekoarten yn it Sociaal Domein oan te pakken om sa earder struktureel romte yn ‘e begrutting te kreëarjen. Oare grutte opjeften lykas wenningbou sille ek ekstra ynfestearrings freegje, ynvestearings dêr’t wy ús net foar wei wine kinne sjoen wy fan betinken binne dat de gemeente syn rol as húsfester wer better oppakke moat wêrby’t minsken mei in sosjaalekonomyske bining oan it gebiet in ekstra triuwke yn ‘e rêch fertsjinje.
Ferbining Wy fiele it as ús misje om dizze ferbining de kommende jierren better ta stân te bringen. De opjeften en ambysjes binne grut en dêrby wolle wy ynsette op ferbining. Dêrom komme FNP, GBNF, CU en CDA mei fiif wethâlders, foar in part yn dieltiid, dy’t alle fiif ek kontaktwethâlder binne foar in stik fan de gemeente. Dêrnjonken sykje hja ek fanút harren portefúlje en mei de doarpekoördinatoaren en bedriuwsfunksjonarissen aktyf kontakt mei de ynwenners, bedriuwen en organisaasjes en reageare hja as harren amtners flot as der fanút de mienskip kontakt mei se socht wurdt. Doarpsbelangen, wykrieden, ûndernimmers en ek individuele ynwenners moatte foechsum holpen wurde en bygelyks rêd antwurd krije op harren fragen, prosedueres en oanfragen om fergunnings.
Ek wolle wy ferbining sykje mei oare gemeenten om mei-elkoar in sterke fûst te meitsjen rjochting Den Haag en om in dúdlik sinjaal ôf te jaan: “’de ko stiet drûch” en tekoarten dy’t wy oprinne binne foar jimme rekken!”
Opjeften Ferbining op elk mêd is hurd nedich sjoen de grutte opjeften dêr’t wy de kommende jierren mei te krijen hawwe sille, net yn it lêste plak finansjele. Wy sille te meitsjen krije mei kosten dy’t omheech geane, ûnwissens oer it jild dat fan de ryksoerheid komt en ûnwissens oer de ekstra fild foar de Jeugdsoarch. Grutte besunigings lizze yn ‘e trend fan de ferwachtings en de koälysjepartiejn FNP, GBNF, CU en CDA binne fan betinken dat de mienskip dêrby safolle mooglik ûntsjoen wurde moat en dat de besunigings sa min mooglik ynfloed hawwe sille op kultuer, soarch en sosjale foarsjennings lykas bibleteken, gemeentlike swimbaden, buertkeamers en oare wolwêzenaktiviteiten. Wy sille de ferbining sykje mei dizze ynstânsjes om saken leechdrompeliger, better en goedkeaper
‘Foar de mienskip’ is dan ek mear as in titel, it is in misje en in oanpak. Wy sille der oan bouwe, mei jimme!
Aldergeloks hat ús prachtge gemeente ek in protte moaie tradysjes, evenminten, en plakken lykas jeugdhonken, brûsplakken en buertkeamers dy’t de ienriedigens fergrutsje, de mienskip libben en ús ynwenners lokkich hâlde. Dy libbene mienskip foarmet mei ús romme lânskip, ús talen, kultuer en ús wize fan libjen, ús goud. En mei dy libbendige mienskip fiele wy ús as lokale partijen, ferbûn, dêr wolle wy in fernijd ferbûn mei oangean, om op dy wize de grutte opjeften foar de kommende jierren treast te wêzen.
FNP, Gemeentebelangen Noardeast-Fryslân, CU en CDA
06
RIEDSBREDE AGINDA
07
RIEDSBREDE AGINDA
Ferbûn mei de ried
Mienskip
As koälysje wolle wy mear partisipaasje en mear gearwurking. Wy hawwe al in protte ferbinings mei organisaasjes en ferienings yn ‘e mienskip dy’t wy fersterkje wolle en noch mear úthelje wolle. Wy wolle ta op nije ferbinings. Wy nûgje de hiele mienskip út om mei te dwaan. Om mei ynwenners, bedriuwen, organisaasjes en ferienings de ambysjes en útdagings op te pakken.
De mienskip is hecht en libben, it bestjoer berikber en de gemeente tichteby. Wy hawwe in unike mienskip mei mear as 50 doarpen en in stêd. In mienskip dêr’t wy ússels yn wêze kinne, mei ús eigen tradysjes, kultuer, taal en gewoanten. En wêryn’t wy elkenien de romte jouwe om harren sels wêze te kinnen en begryp en respekt te hawwen foar elkoar.
En wy wolle ek, ferbûn mei de ried, de ûnderwerpen dêr’t de ried it breed oer iens is, mei-elkoar oppakke. As ried hawwe wy in opjefte dy’t wy mei-inoar oppakke moatte en oer in soad fan dy opjeften tinke wy itselde. Wy wolle as koälysje graach op dy punten riedsbreed gearwurkje. Want it is goed dat wy as partijen ferskillende stânpunten oer ûnderwerpen hawwe. Mar it is noch moaier dat wy op ûnderwerpen dêr’t wy it oer iens binne, gearwurkje kinne, it goede foarbyld jaan, dy ienriedichheid ek útstrielje en mei-elkoar stean foar de mienskip fan Noardeast-Fryslân. Want dêr dogge wy it foar! Gearwurkje op riedsbrede ûnderwerpen helpt ús ús as ried ús mei elkoar te ferbinen. Troch ús te ferdjipjen yn ûnderwerpen en troch mei-elkoar aktyf oan ‘e slach te gean. Net, lykas yn de foarige perioade, mei in protte wurk- en klankboerdgroepen, mar konkreet, oan de hân fan start notysjes, mei amtlike stipe en in kolleezje dat har rol pakt.
Us mienskip hat in ryk ferieningslibben, in protte maatskiplike inisjativen, sterke doarpsbelangorganisaasjes, ferbûnens fia klup, kultuer, tsjerke as kroech. Wy hawwe in mienskip wêryn’t it gewoan is dat wy om elkoar tinke op ‘e buert, in earm om ‘e skouder, in harkjend ear en wêr nedich de helpende hân útstekke: dat is de krêft fan ús mienskip. Ferbûnens, belutsenheid en oparbeidzje binne de kearnwurden. Dy krêft wolle wy koesterje en gebrûk fan meitsje. Dêr past in gemeente by dy’t tichteby de minsken stiet. Dat wy as Noardeast-Fryslân in gruttere gemeente binne betsjut net dat wy op ôfstân stean. De ried wol sichtber en belutsen wêze by doarpen en wiken. En ús gemeente moat tsjinstber wêze oan de mienskip. In gemeente dêr’t ús ynwenners, bedriuwen, organisaasjes en ferienings blier fan wurde. In gemeente dy’t sjocht nei it belang fan it gehiel fan de mienskip, fan dêrút stimulearret, harket, meitinkt, fasilitearret en wêr mooglik meifearret en wêr nedich ûnderstipet. En foaral in gemeente dy’t betrouber en berikber is, dêr’t in ôfspraak in ôfspraak is. En wy wolle fansels, foar de mienskip, ús unike ôfwikseling oan lânskip hoedzje en noedzje en it bioferskaat befoarderje. Wêrby’t bioferskaat in fanselssprekkendheid is en wêrby’t wy ynsette op maatregels lykas: útstelde meandata, ekologysk bermbehear en in stimulearingsfûns grien yn doarpen en wiken.
Konkrete riedsbrede opjefte(n): - Befoarderje fan dat wat ús bynt yn de mienskip (mei doarpen- en wiken fûns en oare inisjativen); - Mei de mienskip in pûster jaan oan bioferskaat - Foarmjaan fan in gemeente middenmank de mienskip mei aktive en sichtbere riedsleden en in tsjinjende oerheid.
08
Wenjen
Soarch
It wenningoanbod yn ús gemeente stiet faai en al hielendal foar guon doelgroepen. Der is grut ferlet oan huzen yn ús gemeente. Dit jildt foar alle doelgroepen en dêr moatte wy dus ek breed op ynsette. Sawol foar hier as keap, foar jong en foar âld, foar alle ynkommens en foar doarpen en stêd, nei aard, skaal en karakter. Wy wolle as gemeente komme ta in oanpak om yn dit brede ferlet te foarsjen. Dit troch inisjativen dy’t op priemmen set binne of wurde fanút de doarpen te befoarderjen en te stypjen, troch as gemeente sels in aktive rol te spyljen én troch gear te wurkjen mei de wenningboukoöperaasjes. Om sa romte te bieden oan minsken dy’t yn ús gemeente wenjen bliuwe wolle en dy’t hjir komme wolle te wenjen, en mei in ferskaat yn oanbod oan te sluten by de ferskillende behoeftes foar partikuliere bou, hierwenten, wenjen en soarch en alternative boufoarmen.
Wolle wy soarch, wolwêzen en ûnderstypjen duorsum, berikber en betelber hâlde, dan sille wy dit better organiseare en ferbine moatte. Dêrom is de ôfrûne jierren al ynsetten op de ûntwikkelings yn it Sociaal Domein en de needsaaklike feroarings dy’t dêrfoar nedich binne, lykas de ferbining wenjen en soarch, ûnderwiis en soarch en wolwêzen en soarch.
Konkrete riedsbrede opjefte(n): - Bouwe nei aard en skaal yn alle doarpen en stêd foar alle doelgroepen en mei foarrangsmooglikheden foar minsken mei bining mei it gebiet.
Konkrete riedsbrede opjefte(n: - It befoarderjen fan soarch tichteby en leechdrompelich, berikber en betelber.
Ekonomy en rekreaasje Lytsskalige ekologysk ferantwurde toerisme en rekreaasje hat yn ús gemeente grutte kânsen. It Lauwersmargebiet, it terpelânskip de Noardlike Fryske Wâlden, de Waadsee (UNESCO Werelderfgoed) en Dokkum as hystoaryske stêd binne trekpleisters mei bopperegionale útstrieling. De romte, rêst mar ek de tsjustere nacht binne kearnwearden by it profilearjen fan ús gemeente. Op dit ûnderwerp sille wy oplûke mei lokale toeristyske ûndernimmersorganisaasjes. Konkrete riedsbrede opjefte(n): - Befoarderjen fan lytsskalich, toersime dat ekologysk ferantwurde is en rekreaasje.
09
Duorsumens en enerzjytransysje Noardeast-Fryslân wol in duorsume gemeente wêze en har ûntwikkelje op it mêd fan duorsume enerzjy. Enerzjytransysje is ien fan de grutste globale opjeften dêr’t wy as gemeente in aktive rol yn hawwe te ferfullen. Wy wolle enerzjy helje út duorsume bronnen, en dat mei net ta skea gean fan it lânskip, én betelber bliuwe foar minsken dy’t it no al krap hawwe. Noardeast-Fryslân hat de ambysje fêststeld om yn 2030 op syn minst 70% fan de enerzjy dy’t nedich is op duorsume wize te ferkrijen. Oansluting by lokale inisjativen is dêrfoar need saaklik. Krekt om it opwekken fan enerzjy fanút duorsume bronnen mooglik te meitsjen, mei each foar de lânskiplike kearnwearden fan it gebiet én om dizze t’en goede komme te litten oan de ynwenners fan ús gemeente, stelle wy dêr yn it koälysjeakkoart in tal rânebetingsten oan. Mar wy sjogge graach mei de folsleine ried hoe’t wy as Noardeast-Fryslân in pûster jaan kinne oan enerzjytransysje binnen dy rânebetingsten. Dêrby bliuwt besparjen fan enerzjy (bygelyks yn wenningen) in wêzentlik ûnderdiel fan ús enerzjyhúshâlding. Konkrete riedsbrede opjefte(n): - Stumulearjen duorsumens en enerzjytransysje.
Lânbou De lânbou is fan grut belang en karakteristyk foar Noardeast Fryslân. Feehâlderijen en lânboubedriuwen leverje in grutte bydrage oan ús regionale ekonomy en duorsumens. Gauris giet It om desennia-âlde famyljebedriuwen dy’t belangryk binne foar de maatskippij en om ûndernimmers dy’t der eare yn lizze om in goede wurkjouwer te wêzen. In protte fan ús ynwenners binne dan ek direkt as yndirekt hjirby belutsen. De gemeente pakt een rol as ferbiner tusken agrariërs en natuerorganisaasjes en as oan-jijer foar kânsen yn (natuerrynklusive) lânbou, duorsumens en bioferksaat. Konkrete riedsbrede opjefte(n): - In dúdlike lânbou-aginda foar de kommende jierren.
RIEDSBREDE AGINDA
10
KOALYSJE AKKOART
Ferbûn as koälysje Hjirnei folgje de tema’s út it koälysjeakkoart. Dit binne deselde tema’s as by de riedsbrede aginda. Mar yn it koälyssjeakkoart hawwe wy as koälysje wol konkreter bepaald op hokker wize wy op in tal gebieten ús ambysjes foarmjouwe wolle en dêr kaders en rânebetingsten oan meijaan wolle. De ûnderwerpen dy’t yn it koälysje-akkoart weromkomme binne: - Mienskip; - Wenjen; - Soarch; - Ekonomy; - Duorsumens.
11
MIENSKIP Doarpen- en wikenbelied As koälysje steane wy foar in hechte en libbene mienskip, wêrby’t de gemeente fan de mienskip is, foar de mienskip wurket en dêr’t bestjoerders berikber binne. Dêrfoar wol de koälysje in aktyf kearnebelied útfiere, wêrby’t wy ek echt wurkje mei kontaktwethâlders. Dy binne net allinnich bestjoerlik oansprekpunt foar in doarp, mar hja jouwe harren ûnder de minsken fan dat doarp, binne werkenber, binne oansprekpunt en maklik benei te kommen en hawwe in gefoel mei harren doarpen. De kontaktwethâlders harkje nei de ynwenners én hearre ek nei se: hja begripe wat de minsken sizze. En hja binne dúdlik en fertelle njonken wat wol allegear kin, ek wat net kin. Hja jouwe oan wêr’t ynwenners wêze moatte, as wannear’t ynwenners antwurd ferwachtsje kinne en hja skeakelje foar it fierder ôfhanneljen mei de fakwethâlders. Kontaktwethâlders wurkje dêrby fansels net allinnich nau gear mei de doarpekoördinatoaren, dy’t de stim fan it doarp yn de organisaasje trochklinke litte. Op dy wize steane wy nei de fúzje yn ‘e foarige perioade as grutte gemeente júst tichterby en middenmank de mienskip ynstee fan fierder fuort. De kontaktwethâlder is bestjoerlik kontaktpersoan foar it doarp. Dat betsjut net dat hy alle ûnderwerpen sels ôfdwaan sil.
De kontaktwethâlder soarget der, mei de doarpe nkoördinator, wol foar dat linich skeakele wurdt mei de ynhâldlik belutsen wethâlder dy’t it fraachstik dêr’t it om giet yn syn portefúlje hat. Om inisjativen yn ‘e doarpen en wiken te stimulearjen is it doarpe- en wikefûns belangryk en foarsjennings yn ‘e doarpen lykas doarpshuzen, MFC’s, buertkeamers, jeugdhonken ensafh. Ferienings foar doarpsbelangen binne de spil dêr’t it om draait, wêrby’t hja rekkenje kinne op (finansjele) stipe; û.o. troch en fia de doarpskoördinatoaren. Ek it besteande ferieningslibben spilet in essinsjele rol yn de Mienskip en wy wolle de ynstânhâlding dêrfan stimulearje.
KOALYSJEAKKOART MIENSKIP
Doarpen- en wikenbelied Sosjale ferbining Belutsenheid boargers Foarsjenningennivo Kultuer en media Meartaligens Monuminten en erfguod Behear iepenbiere romte Bioferskaat Behear en ûnderhâld begraafplakken Miljeu Offalbelied- en ynsammeljen
Konkreet wolle wy dêrfoar wurkje mei/oan: - Opdracht jaan foar in ûndersyk nei de stimulearring fan it ferieningslibben en it fuortbestean fan ferienings, bygelyks fia in fûns foar mienskipsinisjativen wêrby’t ferienings in tsjinprestaasje leverje - Behâld doarpen- en wikenfûns; - Behâld fan de OZB-kompinsaasje foar doarpshuzen, wêrby’t dizze oanfitere wurde sille om de finasjele romte dy’t troch dy kompinsaasje ûntstiet ynsette foar it duorsum meitsjen en renovaasje; - Berikbere foarsjennings foar ynwenners.
Tsjinstbere oerheid In gemeente tichteby har ynwenners betsjut ek tsjinstberens yn de tsjinstferliening. Wy wolle ús ynwenners it fertrouwen jaan om better út te meitsjen wat der yn harren wyk of doarp dien wurdt, lykas it ynrjochtsjen fan in jeugdhonk, snoei- en dyk(herstel)wurk en plantûntwikkeling yn wiken en doarpen. Tsjinstberens betsjut, fanút it ramt fan it folsleine belang fan de mienskip, betingsten skeppe, fasiliteare en meitinke mei inisjativen fan ynwenners en ûndernimmers. Dit is ek folslein yn de trend mei de bestjoerings- en organisaasjefilosofy dy’t de organisaasje brûkt en dy’t ek oan de basis stiet fan de Verbeteragenda. De bestjoerings- en organisaasjefilosofy as paadwizer en mei de Verbeteragenda hat de organisaasje sûnt de amtlike fúzje al in ôfgryslik grutte foarútgong makke en dêr binne wy grutsk op.
12
Dêrom hawwe wy as koälysje der alle fertrouwen yn dat wy, yn deselde trend as mei de omjouwingswet nije útdagings treast binne om noch mear mei de ynwenners belied te foarmjen. Sa is mei de oanheakker (‘aanhanger’) in rûntsje by de doarpen/wiken fan Noardeast-Fyslân makke om ynwenners te hifkjen nei de tsjinstferliening en it belied fan de gemeente. Dizze foarm fan ynteraktive beliedstarieding kinne wy út wreidzje troch bygelyks mear gear te wurkjen mei erfarings saakkundigen en belangegroepearrings. De oarganisaasje moat ek de line dêr’t goed mei útein setten is fan dúdlik, betrouber en berikber wêze, trochsette. Dêr past in goede en flotte ôfhanneling fan oanfragen, klachten en fergunnings. Wy stean foar in organisaasje dy’t effisjint wurket wêrby’t de ynwenners rap holpen wurde, witte wat hja ferwachtsje kinne en dêr’t alle meiwurkers harren ferplichte fiele om telefoansyke fragen en e-mails binnen de servicenoarmen dy’t fêststel binne, te beäntwurdzjen. Tsjinstferliening moat fierder digitalisearre wurde, mar mei der net ta liede dat it persoanlik kontakt mei de boarger ferlern giet. Wy wolle de kommunikaasje rjochting ynwenners noch fierder ferbetterje.
Konkreet wol de koälysje dêrta ynfesteare yn: - Ynteraktive beliedsfoarming; - Ferbetterjen fan de kommunikaasje mei klanten, bedriuwen en ynwenners; - Ynklusive tsjinstferliening mei omtinken foar letterswakkens, fisueel beheinden en oarstaligen - Profesjonele, effisjinte en kwalitative tsjinstferliening (koarte wachttiden, foldwaan oan de servicenoarmen en in track- en trace systeem sadat ynwenners witte wat de status fan bygelyks in oanfraach is) mei omtinken foar it behâld fan de minslike mjitte en persoanlik kontakt. troch it program tsjinstferliening dat wy yn 2025 útfiere - De gemeente sil ynsette op it tebekkringen fan it net-brûken fan foarsjsennings troch it ferbetterjen fan de fynberens dêrfan.
Bioferskaat En wy wolle fansels, foar de mienskip, ús unike lânskip fol fariaasje behâlde en it bioferskaat befoarderje. Dêrfoar wurkje wy gear mei ynwenners en mei de lânbou oan mear fariaasje yn ús grien mei mear blommen en krûden om sa bettere omstannichheden te kreëaren foar ynsekten en fûgels. Wêrby’t bioferskaat fanselssprekkend is en wêrby’t wy ek as gemeente sels ynsette op maatregels as: útstelde meandata, ekologysk bermbehear en stimulearringsfûns grien yn doarpen en wiken. Wy sjogge ek in dúdlike relaasje mei lânbou dy’t har bygelyks aktyf ynset foar bou- en greidefûgelbehear. Konkreet betsjut dit dat wy ús ynsette foar de folgjende punten: - Trochsette mei it pilotprojekt oars omgean mei meane en ynsiedzjen; - It belûken fan iepenbiere grienfoarsjenning (bermbehear) by ekologyske seame ‘van stad tot Wad’;
Kultuer Kultuer is in belangryk aspekt fan ferbining en dêrmei in basis foar sosjale gearhing. Us gemeente is ryk oan kultuer, tradysjes en eveneminten en dat wolle wy behâlde. Wy hawwe in soad muzyk- en teater op lokaasje, iepenloft spullen en eveneminten dy’t de identiteit en it ferskaat útdrage. Kultureel sit him de krêft fan dizze regio yn dizze soarten poadia en eveneminten dy’t nonken lokaal ek bopregionale besikers oanlûke kinne. Kultuer is der net allinnich ta de ferdivedaasje fan de ynwenners, mar is troch de ynfrastruktuer in wichtich sosjaal fangnet. Dêrom wolle wy eveneminten, ferienings en akkommodaasjes stypje en nimme wy in aktive hâlding oan rjochting organi saasjes (fan eveneminten). Wy binne ek fan betinken dat tradysjes as optúchde weinen, fjoerbulten en karbytsjitten by ús gemeente hearre. Konkreet: - Stypjen eveneminten en kultuerele projekten; - Aktive hâlding en trochhgean mei it evenemintebelied; - In fêst terrein foar gruttere eveneminten yn en om Dokkum; - Gebrûk meitsje fan kultuer as previnsjemodel yn it sosjaal domein; - Goede tagonklikens en (finansjele) berikberens fan musea om ynwenners en toeristen nau by ús kultuer en histoarje te beheljen.
13
KOALYSJEAKKOART MIENSKIP
Fryske taal en meartaligens
Sport, muzyk en kultuer
As Fryske gemeente wolle wy ús eigen taal en de streektalen better hoedzje en noedzje. De gemeente docht der sels mear oan om it Frysk in foaroansteand plak te jaan en ek yn it ûnderwiis te befoarderjen.
Foarsjennings foar sport, muzyk en kultuer fine wy fan grut belang foar de sosjale gearhing. It muzykûnderwiis op de muzykskoalle en op skoallen is fan belang en moat bestean bliuwe. Dêrby wolle wy mear gearwurking tusken muzyk skoallen en it ûnderwiis kultuersektor stimulearje.
Utgongs- en aksjepunten: - ‘Frysk foarop yn ‘e kommunikaasje mei ynwenners; - De Fryske taal hat in lykweardich plak binnen ús meartalige gemeente, dy’t dit aktyf útdraacht en dêr ek finansjeel yn bydrage wol; - Streektalen mear sichtber yn stêd en doarpen, yn bygelyks stegenammen, gedichten en teksten op muorren en finansjele stipe by it skriftlik digitaal fêstlizzen fan it Dokkumers en de oare streektalen no’t dy der noch binne; - Mear omtinken foar en help by letterswakkens (‘laaggeletterdheid’) yn de beide rykstalen.
Fan ôffal nei grûnstoffen Yn 2020 is de kadernota grûnstoffenynsamling fêststeld. Om dêrop fuort te bouwen wol de koälysje de sirkulêre gedachte stimulearje en it rêstôffal sa folle as mooglik beheine. Dêrom ûnderstreekje wy de VANG-doelstellings. De kommende perioade wurkje wy oan in ûndersyk wêrby’t wy sjogge hoe wy sa goed as mooglik oan de VANG-doelstelligs foldwaan kinne. Mei de ferienings dy’t op dit stuit noch belutsen by it ynsammeljen fan âld papier wolle wy wurkje oan in ôfbouregeling. Om it ferieningslibben stimulearje te bliuwen wurdt der wurke oan in ferieningsfûns lykas dat oanhelle wurdt ûnder it kopke “doarpen- en wikenbelied”. ôfspraak: - Der moat ien ûndûbelsinnich grûnstoffe-ynsamlingssysteem wêze foar de folsleine gemeente om maksimaal by te dragen oan it heljen fan de VANG-doelstellings. Dit moat it risseltaat wurde fan it ûndersyk dat yn 2025 útfierd wurdt - Wy ûndersykje hoe’t wy it ferieningslibben stimulearjen bliuwe kinne en wurkje oan in ferieningsfûns lykas neamd ûnder it kopke “doarp- en wikenbelied”. - Dêrnei wurdt in ôfbouregeling realisearre foar de tsjerken, skoallen en ferienings, dy’t op dit stuit in fergoeding krije foar it ynsamljen fan âld papier
Bibleteken binne fan belang foar in protte maatskiplike fraachstikken. It wurdt hieltiten fan grutter belang dat minsken harren ûntwikkeljen bliuwe, bygelyks op it mêd fan technology. Mar ek foar letterswakken as op it mêd fan digitale ynklúzje binne bibleteken fan grutte belang. Dit betsjut konkreet: - Gearwurking teaters, muzyk(skoallen) en ûnderwiis stimulearje; - Tariven en kontribúsjes sa leech mooglik hâlde sadat safolle mooglik bern en folwoeksenen der gebrûk fan meitsje kinne. Húshâldings mei in leech ynkommen moatte dêrfoar in ekstra finansjele bydrage by de gemeente oanfreegje kinne; - Stimulearje en stypje dat bibleteken en musea mear ynstekke op it Frysk.
Stêdebân Crediton en Fulda Wy steane posityf oer foar de stêdebân fan Dokkum mei Creditoin en Fulda fanút de ferbûnens mei Bonifatus as figuer fan Europeeske betsjutting. Mei de blik nei bûten ta kinne wy dat mear foarmjaan en kânsen benuttigje: mear minsken út de befolking (jongerein) by útwikseling belûke, ûnderwiis en ûndernimmers op dit ûnderwerp better ferbine en hjiroan keppele kânsen op it mêd fan ferbliuws- en kultuertoerisme benutte. Dat biedt kânsen foar de hiele gemeente. Dêrom sil ús spearpunt wêze: - Kânsen fan de stêdebân mei ynwenners, ûndernimmers en ûnderwiis foarmjaan en útbouwe foar de folsleine gemeente Noardeast-Fryslân.
14
WENJEN Bouwen en fergunnings De druk op de wenningmerk is grut. De fraach is folle grutter as it oanbod en jong talint giet fuort út ús regio omdat der te min starterswenningenen sosjale hierwenningen binne. De koälysje wol de opjeften mei ambysje oppakke. Oan ‘e iene kant nûgje wy alle doarpen út om aktyf fanwegen te kommen mei plannen wêrby’t wy dizze linich en mei maatwurk fasiliteare wolle, sadat ek yn de doarpen in brede sprieding wat doelgroepen en priisklasse oanbelanget, realisearre wurde kin. Oan de oare kant moat in aktyf grûnbelied en in aktive rol foar de gemeente helpe by gaadlike húsfesting foar alle doelgroepen. Yn it totaalpakket moat der, mei omtinken foar de romtlike kwaliteit, romte wêze foar alle doelgroepen, sosjaal en yn de frije sektor; starters en senioaren, wen-soarch kombinaasjes, generaasjebestindich wenjen en alternative wenfoarmen. De klam moat dêrby lizze op betelberheid. Dêrby wol de koälysje ek ynnovative tydlike wenfoarmen fasiliteare om de druk fan de tsjettel te heljen. Sawol ynwenners dy’t hjir wenjen bliuwe wolle as minsken dy’t hjir komme wolle te wenjen moatte de mooglikheid krije, wêrby’t de ynwenners mei sosjaalekonomyske bining oan it gebiet in triuwke yn ‘e rêch fertsjinje en yn guon gefallen foarrang krije kinne moatte. Yn ‘e gearwurking mei alle partijen sjogge wy in mearwearde foar it ‘wenplatfoarm’.
Romtlike ûntwikkeling/ romtlike kwaliteit Wenjen Grûnbelied Omgevingswet Bedriuwsfiering+Tsjinstferliening ICT Sintrale Húsfesting Fergunningferliening Húsfesting amtlik apparaat
Wy wolle de wenningbou-opjeften yn Dokkum én doarpen mei de folgjende maaregels ynfolje: - Ynvesteare op aktyf grûnbelied; - Maatwurk, per doarp fasilitearje, nei aard, skaal en karakter; - Doarps- en stedsûntwikkelingsmaatskippijen (DOMs en SOMs) stimulearje, finansjeel stypje en wêr mooglik better fasilitearje; - Iepen stean foar alternative wenfoarmen/ynnovative wenningbou lykas generaasjewenningen en ‘hofjes’wenningen. It belied dat wy ferwurdzje yn ‘e wen- en soarchfisy wurdt opnommen yn it folkshúsfêstingsplan: - Tefoaren komme dat wenningen dy’t gaadlik binne foar permaninte bewenning in rekreaasjefergunning krije; - Fêststellen fan in húsfestingsferoardering; - In fasilitearjende amtlike organisaasje: flotte ôfhanneling fan fergunningoanfragen, binnen de wetlike termyn fan 8 wike; - Meitinke mei de ynwenners yn de trend fan de Omgevingswet; - Gearwurkje mei wenningkoöperaasjes om it persintaazje sosjale hierwenten, ek yn ‘e doarpen, op peil te hâlden (jierliks fêstlein yn prestaasje-ôfspraken) - Omtinken foar wenjen yn kombinaasje mei soarch.
De koälysje is har der goed bewust fan dat dit in ynvestearing yn de amtlike organisaasje freget om ûntwikkelings op gong te bringen en ambysjes wier te meitsjen.
15
KOALYSJEAKKOART WENJEN
Histoarysk karakter binnenstêd Dokkum
Kultureel erfguod, monuminten en tsjerken
Wy binne grutsk op it histoaryske sintrum fan de binnenstêd fan Dokkum. Dy wolle wy hoedzje en noedzje en fierder ûntwikkelje. It is ek moai dat der in goed plan leit foar it op ‘e nij ûntwikkeljen fan it Harddraverspark yn Dokkum, dat it sintrum en de funksje fan it park ferbynt en fersterket. Júst om it karakter fan de binnenstêd sa te hâlden passe dêr gjin nije brêgen nei it Panwurk en de bolwurken by.
Wy wolle fol soarch omgean mei monumintale en karakteristike gebouwen en oansichten yn ús gemeente. It monumintebelied dat no opsteld wurdt, moat in solide en struktuerele basis foarmje foar it beskermjen, behâld en behear fan monuminten en erfguod yn ús gemeente, lykas karakteristike buorkerijen en it kultuerhistoarysk lânskip.
Utgongspunt: - Gjin nije brêgen nei it Panwurk en de bolwurken.
Wy wolle ek in regionale fisje foar tsjerken yn de gemeente Noardeast-Fryslân: foar in yntiidse besinning op ôfbraak of werbestimming fan tsjerken as monuminten dy’t it gesicht bepale foar de lokale mienskip. De ryksoerheid hat yn 2019 fia de Rijksdienst Cultureel Erfgoed de gemeenten dêrta oproppen. Ynset: - Fêststellen en útfieren monumintebelied - Opstelle fan in fysje op tsjerken
16
SOARCH Soarch en wolwêzen Wy wolle soarch, wolwêzen en it stypjen duorsum, berikber en betelber hâlde. Dêr is mear gearwurking mei de mienskip foar nedich. Troch gear te wurkjen, dúdlike ôfspraken te meitsjen en mei mear omtinken foar previnsje kinne wy ekstra ambysjes wiermeitsje én de soarch ek betelber hâlde. Troch op in oare wize nei soarch te sjen kinne wy yn it Sociaal Domein besparje sûnder dat dit ôfbrek dwaan sil oan de soarch oan ynwenners. Dêr is ús gemeente de ôfrûne jierren al mei útein setten. Troch bygelyks skerper tafersjoch op kontrakten mei soarch oanbieders en troch in oare effisjintere ynset fan soarchjild. Troch in bettere ferbining fan soarch mei it ûnderwiis, wolwêzenynstellings en húsartsen kin op ‘e langere termyn in kostenbesparring opsmite. De earste trêden yn dy ferbining binne makke en dy moatte mei mear faasje trochsetten wurde om ta leechdrompelige, betelbere, takomst duorjende soarch te kommen. Ynwenners dy’t gebrûk meitsje fan soarch en byhearrende foarsjennings moatte hjir op in ienfâldige wize gebrûk fan meitsje kinne. Soarch moat tichteby wêze en der moat effisjint wurke wurde mei de budzjetten dy’t nedich binne. Wolwêzenorganisaasjes hawwe hjir in belangrike rol yn. Dêrnjonken sjogge wy in ûntwikkeling fan de Sionsberg ta streeksikehús mei in útwreiding fan de spoedsoarch.
Troch gearwurking mei de húsartsen kin leechdrompelige soarch tichtby oanbean wurde. It sûnensbelied sille wy mear foarmjaan neffens de ‘Fryske Mienskip Oanpak’. Doel dêrfan is te kommen ta in stimulearjende en sûne omjouwing wêryn’t jongerein feilich opgroeie. kinne Op lokaal nivo wurde aksjes, ynterfinsjes en maatregels opsteld en ynsetten om it wolwêzen yn brede sin ûnder jongerein te stimulearjen. Op basis dêrfan meitsje belutsenen sels in aksjeplan dat hja ek útfiere. As lokale belutsenen sjogge wy bygelyks skoallen, húsartsen en wolwêzenswurk dêr’t neffens ús betinken mei mear gearwurking gruttere risseltaten boekt wurde kinne. Ek de sportferienings binne foar ús wichtige partners yn it sûnensbelied om in sûne wize fan libjen foar eltsenien te befoarderjen.
Sociaal Domein Underwiis (berneopfang / vve, ûnderwiishúsfesting) Sûne wize fan libjen (bewege, foeding) Wolwêzenswurk (algemien) Jobinder Finânsjes Ferkeap gemeentehus Ferwert
De ôfrûne fjouwer jier hat Noardeast-Fryslâ yn oparbeidzjen mei erfaringssaakundigen belied op de earmoed ûntwikkele mei apart omtinken foar bern en sosjale útsluting. Dit belied moatte wy, yn gearspraak mei de doelgroep, fierder troch ûntwikkelje. Dêrby moatte de sterkste skouders de swierste lêsten tôgje. Húshâldlike help moat wer ôfhinklik makke wurde fan it yn kommen. Bern yn húshâldings mei in minimumynkommen moatte altiten meidwaan kinne oan sport-, skoalle- en muzykaktiveiten. Sawol op it mêd fan âldereinbelied (yn kombinaasje mei wenjen en soarch) as op it mêd fan jongereinbelied jildt dat ynvesteare yn previnsje harsels op ‘e doer, net allinnich finansjeel mar ek kwalitatyf weromfertsjinnet. Yn it soarch- en wolwêzenbelied moat in tanimmende ferienliking ûnder âlderein, mar ek ûnder allinnichsteande jongerein, mear omtinken krije. It oanpart âlderein ferdûbelet de kommende jerren. Wy wolle gearwurkje mei doarpsbelangen, wenningkoöperaasjes, wolwêzenwurkers en -foarsjennings yn de doarpen en inisjativen op it gebiet fan mienskipssoarch, wêrby’t minsken elkoar (ûnder)stypje en stimulearje. As koälysje sette wy ús der op yn dat der in folweardich en in ôfwikseljend oanbod foar wenjen en soarchfoarsjenning, ek yn de lytsere doarpen, bestean bliuwt. Wy wolle komme ta in robúst jeugd- en jongereinwurk foar
17
stêd en doarpen. Wy wolle ús mei wolwezenorganisaasjes ynsette foar wolwêzenaktiviteiten dy’t preventive en leechdrompelige soarch en begelieding biede. Ek dat kin de kosten yn it Sociaal Domein werom bringe, sûnder dat it wolwêzen gefaar rint. Neffens ús is ek in keppeling mooglik mei it bibleteekwurk as plak fan it sosjaal treffen yn ‘e wyk. Noardeast-Fryslân is in reinbôgegemeente. Dêr binne wy grutsk op en dat wolle wy bliuwe! Wy stean as Noardeast-Fryslân ek foar in ferspriede opfang fan asylsikers oer stêd en doarpen, nei aard en skaal. As gemeente wolle wy statushâlders romhertich en goed húsfeste, útstruid oer kearnen. Dit fertaalt him yn de folgjende punten: - Besparjen op kosten trochsette sûnder dat it de soarch oan ynwenners ûnderstek docht - Sûnens- en wolwêzenbelied fia it ‘Fryske Mienskip Oanpak’: ynset op belutsenens en previnsje; - Wy hâlde de klam op previntive jeugdsoarch om sa goed mooglik yn te stean foar de kwaliteit en betelberens fan de jeugdfoarsjennings.
- Stimulearjen gearwurking skoallen, húsartsen en wolwêzenswurk; - Mei doelgroep trochûntwikkeljen belied tsjin earmoed; - Ynset op farieard oanbod wen- en soarchfoarsjennings, ek yn lytse doarpen; - Ynset op previnsje tichteby en leechdrompelich yn sûnens-, wolwêzens-, âlderein- en jongereinbelied; - Noardeast-Fryslân bliuwt in reinbôgegemeente; - By de wenningbouproduksje rekken hâlde mei ekstra kontingint foar statushâlders om dizzen goed húsfeste bliuwe te kinnen; - In sûne wize fan libjen, yn gearhing mei sport, befoarderje
KOALYSJEAKKOART SOARCH
Ferdreaunen Foar minsken dy’t ferdreaun binne fan hûs en hiem nimme wy ferantwurdlikheid en wy biede harren feilichheid en ûnderdak. Dit dogge wy op in respektfolle wize nei de ferdreaunen ta, mar ek nei ús ynwenners. Dêrby wolle wy foar asylsikers en statushâlders as gemeente sels de leije yn hannen hâlde en wolle wy betrouber wêze, foar ús mienskip en nei it COA ta. Dit fertaalt him yn de folgjende punten: - De taakstelling om statushâlders te fêstigjen, moat folslein útfierd wurde. Dat wol sizze dat de tsjinwurdige efterstân ynrûn wurde moat en yn de takomst wolle wy dat de taakstelling foar 100% ynfuld wurdt - Nettsjinsteande de spriedingswet realisearje wy in struktureel AZC foar 100 persoanen. Dit moat ôfstimd wurde mei it COA en swart op wyt fêstlein wurde dat de eksploitaasje foar it COA is. - Mocht bliken dwaan dat by de útwurking fan de moasje “statushouders juli 2024” der in tal statushâlders boppe de jildige taakstelling pleatst wurde kin, dan sil de koälysje hjir posityf foaroer stean, yn gearhing mei in yntegrale oanpak, ek as dit substansjeel ekstra middels freget. Betingst is dat der in deugdlik plan is foar dekking en finansiering fan de lêsten. Under in yntegrale oanpak fersteane wy in ôfwaging yn gearhing mei oare doelgroepen, bygelyks starters, soarchfregers en doelgroepen út de urginsjeferoardering.
- De notysje Ferdreaunen is in yntegrale taheakke by dit koälysjeakkoart
18
Underwiis It ûnderwiis én de skoallen as sosjaal plak yn wyk en doarp binne fan grut belang yn ús gemeente en dat wolle wy graach behâlde. De gemeente hat yn oparbeidzjen mei de skoalbestjoeren in yntegraal húsfestingplan (IHP) ûntwikkele. Dit moat de kommende jierren útfierd wurde, mei in iepen ear foar it ûnderwiis. Yn goed oerlis en yn oparbeidzjen mei it ûnderwiis sille wy, mei each foar de demografyske ûnwikkelingen, it IHP ek echt realisearje, mooglik mei oare finansieringsfoarmen. Gearwurking tusken ûnderwiis en berne-opfang om te kommen ta yntegrale bernesintra kinne sawol ynhâldlike (efterstannen te foarren komme) as finansjele foardielen opsmite. Ek hjir wolle wy de gearwurking Underwiis en Soarch, yn de trend fan de Fryske Mienskip Oanpak, rjochte op previnsje en belutsenens, stimulearje.
Wy fine it praktysk beropsûnderwiis it fûnemint fan ús arbeidsmerk. De fakopliedings binne wichtich foar wurk gelegenheid en de takomst fan in protte jongfolk yn ús regio. Yn it fuortset ûnderwiis binne de plannen foar fierdergeande gearwurking tusken ferskillende skoalbestjoeren o sa nei’t sin; benammen op it mêd fan technysk ûnderwiis en de ûntwikkeling fan de ‘nieuwe leerweg’ en it fak technology. Wy binne foar gearwurking fan it VMBO mei it MBO en it bedriuwslibben. As gemeente spylje wy mei de Versnellingsagenda in aktive en finasjele rol op it opsetten en fasilitearjen fan netwurken tusken (fak)skoallen en bedriuwen, ûnder mear fia de Versnellingsagenda. It is fan belang om goede (fak)minsken foar de takomst yn de regio te hâlden en op te lieden. Dokwurk is foar ús in foarname partner. Dit sosjaal ûntwikkel bedriuw helpt minsken mei in ôfstân om dielnimme te kinnen binnen de arbeidsmerk.
19
Konkrete punten: - As gemeente fasilitearje wy ûnderwiis mei goede húsfesting. Dêrby stribje wy nei kwalitatyf goed berikber en betelber ûnderwiis. Dizze mooglikheid wolle wy ek foar de lytsere skoallen yn doarpen biede, seker dy mei in stabyl tal learlingen op de langere termyn - It IHP wurdt yn it earste fearnsjier fan 2025 by de tiid brocht. Yn dit IHP sille ek de reeël te ferwachtsjen kosten opnommen wurde foar in totaaloersjoch. - Stimulearjen en stypjen gearwurking ûnderwiis, oerheid en ûndernimmers; - Ynset op gearwurking ûnderwiis en soarch yn ‘e trend fan it ‘Fryske Mienskip Oanpak.
Finânsjes Wy wolle op in ferantwurde wize omgean mei mienskipsjild, want wy sjogge de al earder neamde grutte finansjele opjeften dy’t op ús ôf komme: kosten dy’t omheech gean, ûntflechting fan de amtlike organisaasje, ûnwissens oer jild fanút de ryksoerheid, en ûnwissens oer de ekstra middels fanút de jeugdsoarch. Dêrby wolle wy de mienskip safolle mooglik mije, sadat de besunigings gjin ôfbrek dogge oan kultuer, soarch en sosjale foarsjennings. Krekt dêrom ynvestearje wy yn gearwurking en previnsje om mei de mienskip foarsjennings leechdfrompeliger en goed keaper te organisearjen. Troch njonken de krêft en selsredsumens fan de Mienskip ek subsydzjemooglikheden sa goed mooglik te brûken, hâlde wy de finânsjes op oarder. Dêrom stekke wy ek gjin grutte bedragen yn ynfrastrukturele projekten as nut, needsaak en (maatskiplik) rendemint net dúdlik genôch is. Wy wolle krekt omgean mei ús foarsjennings. Omdat dizze ûnderwerpen wol in relaasje mei elkoar hawwe brûke wy it útgongspunt dat lêsteferheging allinnich mooglik is om behâld fan it foarsjenningsnivo te garandearjen.
HOOFDSTUK 01
Dêrfoar sil ús stribjen wêze: - Ynvesteare yn bettere tsjinstferliening, fersnelling fan wenningbou en soarch tichteby; - Wy wolle de totale wenlêsten op it Frysk gemiddelde hâlde, it leafst leger. - Yn oparbeidzjen mei oare Fryske gemeenten bliuwe wy dúdlike sinjalen ôfjaan oan ‘Den Haach’ oer de de koarting op Jeugdsoarch - De Fryske Mienskip Oanpak sjogge wy as in oanpak om ta in duorsem finansjeel belied te kommen dat rekken hâldt mei de demografyske ûntwikkeling fan de gemeente - Ynsette op it oanboarjen fan middels út oare bronnen, sa mooglik yn ANNO-ferbân, basearre op goede plannen en konkrete projekten, wêrby’t it primaat by de ynhâldlike portefúlje leit.
20
KOALYSJEAKKOART EKONOMY
EKONOMY Ekonomy Om de wurkgelegenheid, de ekonomyske fitaliteiten en de leefberens yn ús gemeente te ferheegjen, wolle wy it ekonomyske klimaat fan Nardeast-Fryslân befoarderje. Kaaiwurden dêrby binne: romte foar ûndernimmers, gear wurking (sawol mei ûndernimmers as yn ANNO ferbân yn ‘e regio), en kânsen benutte, passend by de gemeente. Undernimmers moatte folop de kâns krije hjir mei in bedriuw útein sette te kinnen. Wêr mooglik moat de gemeente harren skewiele en fasiliteare. Besteande bedriuwen moatten genôch mooglikheden krije om binnen de grinzen fan ús gemeente út te wreidzjen. Utwreidingen moatte wol passend wêze en meie de iepenheid fan ús skoandere lânskip gjin ûnderstek dwaan. De gemeente is aktyf belutsen by de lokale ûndernimmers. Dêrby nimme wy as gemeente it foartou om bedriuwe nei ús gemeente te heljen. Om ûndernimmers romte te jaan moatte wy goed gebrûk meitsje fan it convenant bedrijventerreinen, troch it ûntwikkeljen fan bedriuwsterreinen dy’t oanslute by de fraach fan stêd en doarpen, mar wol rekken hâlde mei de kearnwearden fan ús gemeente. De gemeente is in betroubere partner dy’t meitinkt yn kânsen en ferantwurdlikheid doart te dielen. De gemeente stiet foar in goede tsjinstferliening en nauwe gearwurking. Yn dy gearwurking spylje de bedriuwsfunksjonarissen in wichtige rol.
Underdiel fan dy gearwurking is ek goed harkje nei iedeeën fan ûndernimmers, ekonomysk belied mei de ûndernimmers foarmjaan en mei-elkoar ynvesteare yn ynnovaasje en wurkgelegenheid. En wy binne grutsk op sosjaal-wurkbedriuw Dokwurk. Dat ie ien fan de grutste wurkjouwers fan ús gemeente en dy is ûnmisber foar minsken mei in ôfstân ta de arbeidsmerk. Troch de júste begelieding is der wer takomst foar dizze minsken en in fersterking fan ús bedriuwen dy’t krekt om goede arbeidskrêften ferlegen sitte, Digitale ûntsluting is fan wêzentlik belang. Dit moat sterk stiumlearre wurde, júst mei omtinken foar it bûtengebiet. Rap ynternet is foar ûndernimmers dy’t útein sette in basis-
Berikberens en romte foar bedriuwen Detailhannelstruktuer Takomstbestindich duorsume ynnovative bedriuwichheid Arbeidspartisipaasje/begelieding nei wurk Rekreaasje en toerisme Sport Behear en ûnderhâld sportfjilden en gebouwen Regiodeal/Versnellingsagenda
foarsjenning mar ek foar it tanimmen fan it thúswurkjen is dit fan belang. Wy hâlde fêst oan de fêststelde winkeltidenferoardering foar de detailhandel dêr’t wy yn lykwicht romte mei jouwe oan ûndernimmers en minsken foar wa’t de sneinsrêst wichtich is Kearnpunten binne: - Romte foar ûndernimmers; - Bedriuwsterreinen passend by aard en skaal van doarpen en stêd; - As gemeente in betroubere partner wêze; - Sterke stimulearing digitale ûntsluting. - By de kadernota 2026 bringe wy it ûntwikkelfûns by de tiid dêr’t struktuerfersterkjende projekten mei elkoar yn gearhing yn ûnderbrocht binne.
Rekreaasje en toerisme Rekreaasje en toerisme (R&T) is in groeisektor binnen ús gemeente. It Lauwersmargebiet, it terpelânskip, de Noardlike Fryske Wâlden, de Waadsee (UNESCO Werelderfgoed) en Dokkum as histoaryske stêd binne trekpleisters fan bopperegionale alluere. It foltôgjen fan it Súd Ie projekt bringt hjirfoar ekstra kânsen mei har mei, foar bygelyks it ûntwikkeljen
21
fan far- en fytsrûtes en it opknappen en begeanber meitsjen fan âlde paden en (op)fearten om toerist en bewenners ûnder de meast geunstige omstannichheden genietsje te litten fan ús lânskip. Untwikkeling moat wol passe by de regio: duorsum, ekologysk, en lytsskalich. Romte, rêst en de tsjustere nacht binne kearnwearden fan ús gemeente. Ynset op ‘duorsum toerisme’ slút dêr goed op oan: besikers dy’t bewust de natuer- en kultuerkwaliteiten fan ús gebiet opsykje. De gemeente moat har (mei de provinsje) sterk meitsje foar bettere monitoaring fan rekreaasjegasten troch ûndernimmers. Dat wol sizze: registraasje fan besikersoantallen, harren herkomst, mediagerbrûk en beoardieling fan ús krite. Analyze fan dizze regiosifers is nedich foar ynsicht yn trends en foar in bettere ûnderboud toeristysk-ekonomysk advys oan ûndernimmers en gemeentebestjoer. Dêrom sette wy konkreet yn op: - Befoarderjen rekreaasje en toerisme, dat past by de aard en de skaal fan de gemeente - Opset strukturearre monitoaring R&T.
HOOFDSTUK 01
Sport Bewegen soarget foar sûne, partisipearjende en lokkige minsken. Krekt as kultuer is sport ek wichtich foar de sosjale gearhing en krêft fan de mienskip. Sport moat dêrom foar in elk leechdrompelich en tagonklik wêze. De gemeente spilet hjir in oanfiterjende rol yn. Binnen de sport is sportakkommodaasjebelied belangryk. Wy wolle ta op in belied mei mear omtinken foar behear, gebrûk, en enerzjyfraachtsikken. It behear moat duorsum en safolle mooglik enerzjyneutraal wêze en de gemeente wol dêr wer in foarname rol yn spylje. Spearpunten: - Befoarderjen en stimulearjen fan sport; - Ferbetterjen sportakkommodaasjebehear, ek rjochte op it duorsum meitsjen en dêrtroch it besparjen op enerzjy.
22
KOALYSJEAKKOART DUORSUMENS
DUORSUMENS Duorsumens en enerzjytransysje It lânskip fol fariaasje, sawol iepen en wrydsk as mei bosk en elzesingels, biedt romte en kânsen foar duorsumens, natuer, bioferskaat en lânskip. Dizze kânsen hawwe wy ek izerhurd nedich foar de geweldich grutte opjeften op it mêd fan enerzjy. Wy wolle sels foarsjen yn ús eigen enerzjyferlet, it brûken fan fossile brânstoffen safolle mooglik beheine en de CO-2 útstjit ferminderje. De gemeente nimt dêryn it foartou. Mei de needsaaklike enerzjytransysje wolle wy mei de enerzjy dy’t wy duorsum opwekke foarsjen yn ús eigen enerzjyferlet en enerzjy betelber hâlde, hielendal foar minsken werby’t it net rom sopket. Wy wolle in gemeente wêze dy’t enerzjy besparret en hellet út duorsume bronnen, wêrby’t de opbringsten fan sawol enerzjy ás it geniet fan de lânskiplike kearmkwaliteit t’en goed komt oan ús ynwenners.
Duorsumens Enerzjytransysje Lânbou Kustprojecten Ferkear en ferfier Mearjierrich ûnderhâldsbelied Ynfrastruktuer
Om alle belangen harren gerak te jaan hawwe wy de folgjende ôfspraken makke*: - Jin sels rêde kinne mei it enerzjyferlet, dêrop ynsette en ek ree wêze te ynvestearen wêr’t mooglikheden him foardogge en folop gebrûk te meitsjen fan ûntjouwings en nije kânsen (bygelyks aquathermy, wetterstof en opslach fan enerzjy), bygelyks fia enerzjykoöperaasjes; - Wy sette troch mei it bestriden fan enerzjy-earmoed yn relaasje mei enerzjytransysje - Wy beävesearje pro-aktyf de realisaasje fan in twadde ûnderstasjon yn Dokkum - Wy sette, fanút sosjaal, ekonomysk en maatskiplik belang, yn op de realisaasje fan “smart energy hubs” yn Hallum en sa mooglik ek op Betterwird. Dêrby hâlde wy rekken mei de útgongspunten fan de sinneljedder, omjouwingspartisipaasje en technyske ynnovaasje. - Wy meitsje belied foar de opslach fan enerzjy wêrby’t wy der foar ynstean dat dit net kommersjeel brûkt wurdt - De gemeente krijt fanút wet- en regeljouwing in regyrol yn de waarmtetransysje. Wy stelle hjirfoar in waarmteprogram op wêrby’t wy as gemeente aktyf partisipearje yn waarmte- as enerzjybedriuwen; - We benutsje de Proeftuin Aardgasvrije Wijk in Eanjum om dêr fan te learen en meitsje dizze skaalber foar de rest fan de gemeente. We dogge hjirby relevante kennis op en soargje dat we de opdiene kennis behâlde.
- Bliuwend ynsette op ús ambysjes foar sirkulariteit; - Stimulearen ynwenners dy’t harren huzen better isolearje wolle mei duorsumheidsfûnsen; - Wy binne tsjin gaswinning en nije gasboarrings yn de gemeente - Gjin kearnenerzjy as opslach kearnôffal as CO2 yn ús gemeente; - Enerzjy dy’t opwekke is komt oan de mienskip t’en goede en is net ornearre foar grutte datasintra, ek dy wolle wy hjir net.
23
HOOFDSTUK 01
Lânbou
Ferkearsfeiligens
De lânbou- en fiskerijsektor is typearjend en fan grutte wearde foar ús gemeente. Mei de lânbou- en fiskerijsektor wolle wy ýs ynsetten bliuwe foar ynnovaasje, duorsumens en bioferskaat.
Ferkearsfeiligens is fan grut belang foar ús. Dêrom wolle wy ek ynvesteare yn de oanpak fan ûnfeilige sitewaasjes, feilige en goed ûnderhâlden diken en fytspaden, lykas de rûnwei Wânswert. Wy hawwe omtinken foar de ûntsluting fan de regio Kollum rjochting A7.
Op it mêd fan lânbou en fiskerij is der in dúdlike relaasje mei bioferskaat, bygelyks mei it yn stân hâlden en ferbetterjen van it leefgebiet foar greide- en bougrûnfûgels. Foar duorsumens en lânbou is skaalfergrutting en yntinsivearjen net altiten de oplossing. Yn ús gemeente is der dêrom gjin plak foar nije bio-yndustrie dy’t net oan grûn bûn is. Wy wolle as gemeente meibewege yn ‘e lân- en túnbousektor en dizze sektor ek better op de aginda sette. Wy wolle dêrfoar de oanbefellings fan de kertiermakker lânbou útfiere. Dizze hat yn gearspraak mei de sektor in byld sketst en oanbefellings dien. Op basis dêrfan wolle wy kânsrike ûntjouwings trochsette en konkreet meitsje: - Swietwettermanagement (mei de provinsje, It Wetterskip en de sektor ûndersyk dwaan en plannen konkreet meitsje; - Enerzjy; better foarsjen yn tûke lokale foarsjennings/ bufferjen; - Kompostearen fan bermgers en hekkelspesy/ kringlooplânbou; mooglikheden ûndersykje en fruchtberheid fan de boaiem, wetterretinsje en bioferskaat fefoarderje. - Wy stelle in omjouwingsprogram op foar it tema Lânbou mei as ûnderdiel de fasilitearjende rol fan de gemeente yn de transysje fan de lânbou. - Wy sille aktyf ús kennisnetwurken P10 en VNG benutte - In tapassing op de konsumint om ‘griener’te ûndernimmen, fan boer oant túnker, wat ek liede moat ta in positiver byldfoarming fan de sektor.
In auto-earme binnenstêd biedt, njonken in mear ferkearsfeilige sitewaasje ek kânsen foar in oantrekliker Dokkum en foar de horeka. Stadich ride smyt net per definysje in gruttere ferkears feiligens op. Mei dêrom bliuwt de snelheid fan it ferkear yn it bûtengebiet, sa’t dy no is. Ek wolle wy oan it opstelde mobiliteitsplan hannen en fuotten jaan. Dit hâldt yn: - Ynvesteare yn ferkearsfeiligens; - Auto-earme binnenstêd; - Utfiering jaan oan it opstelde mobiliteitsplan
Foar de mienskip
Noardeast-Fryslân 2024-2026
26
NEDERLANDSE VERSIE
Inhoud - Voorwoord - Raadsbrede agenda - Coalitieakkoord
27 29 33
27
HOOFDSTUK 01
Voorwoord
Tussen de groene weiden en het terpenland waar de wind altijd wakker is en tussen bossen en elzensingels; in huiskamers en dorpshuizen, bij de verenigingen en stichtingen, in dorpen en wijken. Daar ligt onze MIENSKIP, veilig in de stenen armen van de zeedijk. En soms, heel soms, wagen wij ons daarbuiten, voor en zondagswandeling over de kwelders met de blik over het Wad. Wij wonen in de wijken van Dokkum, buiten of binnen de historische bolwerken. Wij wonen in Ferwert, in Kollum, in Hallum, in Holwert, in Easternijtsjerk, in Westergeast of een van al die andere prachtige dorpen. Wij zijn Noardeast-Fryslân. Dat is wat ons verbindt.
28
VOORWOORD
Foar de mienskip Voor u ligt het lokaal akkoord van FNP, Gemeentebelangen (GBNF), CU en CDA. Vier partijen die de komende jaren in willen zetten op een betere verbinding met de mienskip van Noardeast-Fryslân. Wij willen alle dorpen en wijken, zonder uitzonderingen, zien, horen en meenemen. ‘Foar de mienskip’ is daarom de titel van dit coalitieakkoord.
Visie en missie In de visie van de FNP, GBNF, CDA en CU kunnen veel zaken laagdrempeliger, beter en goedkoper georganiseerd worden in onze gemeente. Daarom willen wij volop ruimte bieden voor initiatieven ‘van onderop’ en die ook financieel ondersteunen met bijvoorbeeld dorps- en wijkbudgetten en duurzaamheidsbudgetten. De mienskip mag daarbij iets van ons vragen, maar wij vragen ook iets van de mienskip; bijvoorbeeld om bepaalde zaken zelf op te pakken en met elkaar uit te voeren, eigenaar te zijn van eigen ideeën en projecten. Verbinding Wij voelen het als onze missie om deze verbinding de komende jaren beter tot stand te brengen. De opgaven en ambities zijn groot en daarbij willen wij inzetten op verbinding. Daarom komen FNP, GBNF, CU en CDA met vijf wethouders, deels in deeltijd, die alle vijf ook contactwethouder zijn voor een deel van de gemeente. Daarnaast zoeken zij ook vanuit hun portefeuille en samen met de dorpencoördinatoren en bedrijfscontactfunctionarissen actief contact met inwoners, bedrijven en organisaties en reageren zij of hun ambtenaren vlot als er vanuit de mienskip contact met hen wordt gezocht. Dorpsbelangen, wijkraden, ondernemers en ook individuele inwoners moeten adequaat geholpen worden en bijvoorbeeld vlot antwoord krijgen op hun vragen, procedures en vergunningsaanvragen. Verbinding zien wij ook graag binnen de gehele gemeenteraad.
In de verkenningsfase zijn mienskip, wonen, zorg, economie en duurzaamheid door alle partijen als belangrijke opgaven voor deze raadsperiode benoemd. Deze opgaven vormen niet alleen de hoofdthema’s van dit coalitieakkoord, maar komen ook terug als raadsbrede agenda in het eerste hoofdstuk; in de hoop dat deze thema’s raadsbreed onderschreven worden en dat we daarin als partijen zoveel mogelijk gezamenlijk op kunnen trekken, verbinding tussen coalitie en oppositie. Opgaven Verbinding op elk vlak is hard nodig gezien de grote opgaven waar we de komende jaren voor zullen komen te staan, niet in de laatste plaats financiële. We zullen te maken krijgen met stijgende kosten, onzekerheid over de gelden vanuit de
rijksoverheid en onzekerheid over de extra middelen voor de Jeugdzorg. Grote bezuinigingen liggen in de lijn der verwachting en de coalitiepartijen FNP, GBNF, CU en CDA vinden dat de mienskip daarbij zoveel mogelijk ontzien moet worden en dat bezuinigingen zo weinig mogelijk ten koste moeten gaan van cultuur, zorg en sociale voorzieningen zoals dorpshuizen, bibliotheken, gemeentelijke zwembaden, buurtkamers en andere welzijnsactiviteiten. We zullen de verbinding zoeken met deze instanties om zaken laagdrempeliger, beter en goed koper te organiseren en wij willen investeren om bestaande initiatieven op dat gebied, zoals het verbinden van onderwijs en zorg, om tekorten in het Sociaal Domein terug te dringen en op die manier eerder structureel ruimte in de begroting te creëren. Andere grote opgaven zoals woningbouw zullen ook extra investeringen vragen, investeringen waar wij niet onderuit kunnen aangezien wij vinden dat de gemeente zijn rol als huisvester weer beter op moet pakken waarbij mensen met een sociaaleconomische binding aan het gebied een extra zetje in de rug verdienen.
Ook willen wij verbinding zoeken met andere gemeenten om samen een sterke vuist te maken richting Den Haag en een duidelijk signaal af te geven: “’de ko is leech’ en tekorten die wij oplopen zijn op voor rekening!” Gelukkig kent onze prachtige gemeente ook veel mooie tradities, evenementen en plaatsen zoals jeugdhonken, bruisplekken en buurtkamers die de saamhorigheid vergroten, de mienskip levendig en onze inwoners gelukkig houden. Die levendige mienskip vormt, samen met ons ruime landschap, onze talen, cultuur en onze manier van leven ‘ús goud’. En met die levendige mienskip voelen wij ons als partijen verbonden, daar willen wij een hernieuwd verbond mee aangaan, om op die manier de grote opgaven voor de komende jaren samen het hoofd te bieden. ‘Foar de mienskip’ is dan ook meer dan een titel, het is een missie en een aanpak. Wij gaan eraan bouwen, met u! FNP, CDA, CU en Gemeentebelangen
29
RAADSBREDE AGENDA
HOOFDSTUK 01
30
RAADSBREDE AGENDA
Verbonden met de raad
Mienskip
Als coalitie willen we meer participatie en meer samenwerking. We hebben al veel verbindingen met organisaties en verenigingen in de mienskip die we willen versterken en nog beter benutten. En we gaan nieuwe verbindingen aan. We nodigen de hele mienskip uit mee te doen. Om samen met inwoners, bedrijven, organisaties en verenigingen de ambities en uitdagingen op te pakken.
De mienskip is hecht en levendig, het bestuur bereikbaar en de gemeente dichtbij. We hebben een unieke mienskip met meer dan 50 dorpen en een stad. Een mienskip waarin we onszelf kunnen zijn, met onze eigen tradities, cultuur, taal en gewoonten. En waarin we iedereen de ruimte geven zichzelf te zijn en begrip en respect hebben voor elkaar.
En we willen ook, verbonden met de raad, de onderwerpen waar de raad het breed over eens is gezamenlijk oppakken. Als raad hebben we een gezamenlijke opgave en over veel van die opgaven hebben we dezelfde opvattingen. Laten we gezamenlijk, in verbinding, die zaken oppakken. Want op die manier kunnen we de krachten bundelen. Samenwerken maakt sterker. En met vereende krachten brengen we Noardeast- Fryslân vooruit. In het verkennings- en informatieproces hebben de partijen een aantal overeenkomende punten benoemd. Graag willen we als coalitie op die punten raadsbreed samenwerken. Want het is goed dat we als partijen verschillende standpunten over onderwerpen hebben. Maar het is nog mooier dat we op onderwerpen waar we het over eens zijn kunnen samenwerken, het goede voorbeeld geven, die eensgezindheid ook uitstralen en samen staan voor de mienskip van Noardeast-Fryslân. Want daar doen we het voor! Samenwerken op raadsbrede onderwerpen helpt ons als raad ons met elkaar te verbinden. Door ons samen te verdiepen in onderwerpen en door samen actief aan de slag te gaan. Niet, zoals in de vorige periode, met veel werk- en klankbordgroepen, maar concreet, aan de hand van startnotities, met ambtelijke ondersteuning en een college dat zijn rol pakt.
Onze samenleving kent een rijk verenigingsleven, veel maatschappelijke initiatieven, sterke dorpsbelangenorganisaties, verbondenheid via club, cultuur, kerk of kroeg. We hebben een mienskip waarin het gewoon is dat we naar elkaar omkijken op de buurt: een groet, een arm om de schouder, een luisterend oor en waar nodig de helpende hand uitsteken: dat is de kracht van onze samenleving. Verbondenheid, betrokkenheid en samenwerking zijn de kernwoorden. Die kracht willen we koesteren en benutten. En daar past een gemeente bij die dicht bij de mensen staat. Dat we in de als Noardeast-Fryslân een grotere gemeente zijn betekent niet dat we op afstand staan. De raad wil zichtbaar en betrokken zijn bij dorpen en wijken. En onze gemeente moet dienstbaar zijn aan de samenleving. Een gemeente waar onze inwoners, bedrijven, organisaties en verenigingen blij van worden. Een gemeente die naar het totaalbelang van de mienskip kijkt, vandaaruit stimuleert, luistert, meedenkt, faciliteert waar mogelijk meebeweegt en waar nodig ondersteunt. En bovenal een gemeente die betrouwbaar en bereikbaar is, waar afspraak ook afspraak is. En natuurlijk willen we, voor de mienskip, ons unieke gevarieerde landschap behouden en de biodiversiteit stimuleren.
Waarbij biodiversiteit vanzelfsprekend is en waarbij we inzetten op maatregelen als: uitgestelde maaidata, ecologisch bermbeheer en stimuleringsfonds groen in dorpen en wijken. Concrete raadsbrede opgave(n): - Stimuleren van de verbondenheid in de mienskip (met dorpen- en wijken fonds en andere initiatieven); - Samen met de mienskip een impuls geven aan bio diversiteit; - Vormgeven van een gemeente midden in de mienskip met actieve en zichtbare raadsleden en een dienstbare overheid.
31
Wonen Het woningaanbod in onze gemeente staat onder druk en al helemaal voor bepaalde doelgroepen. Er is grote behoefte aan woningen in onze gemeente. Dit geldt voor alle doelgroepen en daar moeten we dus ook breed op inzetten. Zowel voor huur als koop, voor jong en voor oud, voor alle inkomens en voor dorpen en stad, naar aard, schaal en karakter. We willen als gemeente komen tot een aanpak om in deze brede behoefte te voorzien. Dit door initiatieven die opgezet zijn of worden vanuit de dorpen te stimuleren en ondersteunen, door als gemeente zelf een actieve rol te spelen én door samen te werken met de woningbouwcorporaties. Om zo ruimte te bieden aan mensen die in onze gemeente willen blijven wonen en die hier willen komen wonen, en met diversiteit in aanbod aan te sluiten bij de verschillende behoeftes voor particuliere bouw, huurwoningen, wonen en zorg en alternatieve bouwvormen.
Zorg Willen we zorg, welzijn en ondersteuning duurzaam, bereikbaar en betaalbaar houden, dan moeten we dit beter organiseren en verbinden. Daarom is de afgelopen jaren al ingezet op de ontwikkelingen in het sociaal domein en de noodzakelijke veranderingen die daarvoor nodig zijn, zoals de verbinding wonen en zorg, onderwijs en zorg en welzijn en zorg.
HOOFDSTUK 01
Concrete raadsbrede opgave(n): - Stimuleren van zorg dichtbij en laagdrempelig, bereikbaar en betaalbaar.
Economie en recreatie Kleinschalige ecologisch verantwoorde toerisme en recreatie heeft in onze gemeente grote kansen. Het Lauwersmeergebied, het terpenlandschap, de Noardlike Fryske Wâlden, de Waddenzee (UNESCO Werelderfgoed) en Dokkum als historische stad zijn trekkers met bovenregionale uitstraling. De ruimte, rust maar ook de duistere nacht zijn kernwaarden bij het profileren van onze gemeente. Op dit onderwerp gaan wij samen optrekken met lokale toeristische ondernemingsorganisaties. Concrete raadsbrede opgave(n): - Stimuleren van kleinschalig, ecologisch verantwoord toerisme en recreatie. - Bouwen naar aard en schaal in alle dorpen en stad voor alle doelgroepen en met voorrangsmogelijkheden voor mensen met binding met het gebied.
32
Duurzaamheid en energietransitie Noardeast-Fryslân wil een duurzame gemeente zijn en ontwikkelen op het gebied van duurzame energie. Energietransitie is één van de grootste globale opgaven waar we als gemeente een actieve rol in hebben te vervullen. We willen energie opwekken uit duurzame bronnen, waarbij dit niet ten koste van het landschap gaat, én betaalbaar blijft voor de mensen die het nu al krap hebben. Noardeast-Fryslân heeft de ambitie vastgesteld om in 2030 minimaal 70% van de benodigde elektriciteit op een duurzame wijze op te wekken. Aansluiting op lokale initiatieven is daarvoor noodzakelijk. Juist om energie opwekking vanuit eigen duurzame bronnen mogelijk te maken, met oog voor de landschappelijke kernwaarden van het gebied én om deze ten goede laten te komen aan de inwoners van onze gemeente stellen we in het coalitieakkoord daar een aantal randvoorwaarden aan. Maar we kijken graag met de gehele raad hoe we als Noardeast-Fryslân een impuls kunnen geven aan energietransitie binnen die randvoorwaarden. Daarbij blijft besparen van energie (bijvoorbeeld in woningen) een cruciaal onderdeel van onze energiehuishouding. Concrete raadsbrede opgave(n): - Stimuleren duurzaamheid en energietransitie.