CConstaterende datLeeuwarden
Koppel je AI →
Document · PDF

Evaluatie weidevogelcompensatie 2014-2022 provincie

Besluitvorming (raad) 21 juni 2023, gemeente LeeuwardenBij agendapunt: Vaststellen bestemmingsplan De Hem inclusief bijlagen (o.a. welstandscriteria)29.727 woorden

Open het PDF bij de gemeente ↗Naar de vergadering →

Tekst van het document

Uit het bestand gehaald, zonder opmaak, tabellen en afbeeldingen · deel 3 van 4

De nammen fan ’e petearpartners en ynstânsjes/organisaasjes dy’t se fertsjintwurdigje, binne méi de folsleine útwurkings fan ’e petearen fierderop yn dizze rapportaazje te finen, sjoch TAHEAKKE. De persoanen dy’t befrege waarden, binne selektearre op grûn fan ’e (mannichfâldige) kontakten dy’t sy út harren funksje wei hawwe mei de provinsje Fryslân wat it greidefûgelkompensaasjebelied oanbelanget. Om in beskate uniformiteit te krijen yn ’e output fan ’e fraachpetearen en ’e ‘útkomsten’ neitiid wat makliker mei-inoar ferlykje te kinnen, is besletten om ’e te befreegjen persoanen allegear sawat deselde njoggen (standert)fragen foar te lizzen. Yn gearwurking binne op it provinsjehûs de fragen yn ’e grûnferve set en se binne neitiid troch de fraachpetearhâlders ‘te pas’ makke mei it each op ’e spesifikens fan ’e persoanen dy’t ûnderfrege wurde soene en dy harren eftergrûn. Utkomsten en oanrikkemandaasjes Nei oanlieding fan ’e fraachpetearen dy’t hâlden binne, kinne (gearfetsjend) de neikommende útkomsten bekend makke en oanrikkemandaasjes dien wurde: 1. It rapportearjen troch it BFVW fan ’e briedresultaten fan greidefûgels yn greidefûgelkompensaasjegebieten soe optimalisearre wurde kinne. 2. Fierwei de measte petearpartners yn dit ûndersyk binne (poer) fóár it ferlingjen fan ’e behearskontrakten mei de provinsje Fryslân. 3.

Mear fleksibiliteit by it ôfsluten fan krektneamde behearskontrakten is neffens de petearpartners winsklik. 4. De ynterne kommunikaasje oer en koördinaasje fan it behearsbelied op it provinsjehûs is foar ferbetterjen fetber. 5. De kontakten tusken de minsken ‘yn it fjild’ en ’e provinsjale amtners wurde oer ’t generaal as ‘prima’ ûnderfûn.

6. Boeren moat in ‘stip’ op ’e hoarizon bean wurde. By it tekenjen fan dy stip moatte oerheden/harren amtlike fertsjintwurdigers harren bewust wêze fan ’e grutte rol dy’t se dêrby spylje. 7. De ‘lju yn it fjild’ achtsje it fan grut belang, dat oangeande it kompensaasjebehear op it provinsjehûs ien of mear fêste oansprekpunten beskikber binne, dy’t dy funksje dan ek foar langere tiid ferfolje. Hieltyd wer in ‘nije’ amtner as oansprekpunt smyt yn ’e praktyk frustraasjes op. 8. It monitoarjen wat it tal greidefûgels en ’e útkomst fan aaien oanbelanget, wurdt yn ’t algemien as befredigjend ûnderfûn. It is wol saak om yn ’e rekken te hâlden, dat it bestân oan fûgelwachters net tefolle fergrizet en dat der op ’e tiid nije oanwaaks komt. 9. It greidefûgelkompensaasjesysteem blinkt net oer alle boegen út troch ienfâld en is dêrtroch foar guon organisaasjes min te trochgrûnjen (lit stean te kontrolearjen). 10. De provinsje is neffens fierwei de measte petearpartners it bêste ‘loket’ foar it behearen fan ’e jilden foar de greidefûgelkompensaasje. 11. De oanbelangjende provinsjale amtners soene wat faker in loop mei de fertsjintwurdigers fan ’e ûnderskate ynstânsjes troch it fjild meitsje kinne, om mei eigen eagen te sjen wêr’t it wat de greidefûgelkompensaasje oanbelanget no krékt om te rêden is. Soks is ek goed foar de bilaterale kontakten en ’e ferhâldings ûnder inoar. 12.

Der moat, mei it each op it ûntwikkeljen fan mear écht kânsryk greidefûgel(kompensaasje)lân, oer neitocht wurde oft langere kompensaasjeterminen as 12 jier ek winsklik binne. 13. De positive útkomsten/fertuten fan greidefûgelbehear moatte troch de provinsje better mei de bûtewacht kommunisearre wurde. Goede resultaten beljochtsje kin nammentlik in sniebaleffekt jaan. Op sa’n wize kinne faaks mear boeren derta brocht wurde om bygelyks oer te gean nei natuerynklusyf buorkjen. 14. De provinsje soe mear gebrûk meitsje moatte fan ’e spesifike kunde en ekspertize fan it BFVW.

TAHEAKKE Evaluaasje (resepsje) greidefûgelkompensaasjebelied Provinsje Fryslân Petearen mei ‘lju út it fjild’, hâlden hjerst-winter-foarjier 2021/2022 Petear 1 Petearpartner: Foarsitter Natuerkoperaasje Baarderadiel Petearplak en -tiid: Ljouwert, provinsjehûs; 23 septimber 2021, 11.00 oere – 12.45 oere Foarleine fragen: -1. Hoe belibje jo it kontakt mei de provinsje oer it ynfoljen fan ’e kompensaasjeferplichtings? -2. Kinne jo wat sizze oer hoe’t it kontakt ferrint tusken de Natuerkoperaasje en de boer of boeren? -3. Hoe sjocht de Natuerkoperaasje tsjin de mei de provinsje oangiene kontrakten oan? Moat der bygelyks mear romte wêze foar fleksibiliteit? -4. Moat de provinsje him ek mear bemuoie mei de útfiering fan ’e kompensaasje? (Foldocht de monitoaring troch de provinsje wol?) -5. As de kompensaasje troch boeren net goed útfierd wurdt, grypt de provinsje dan, neffens jo betinken, wol goed yn? -6. Hoe giet it mei de monitoaring fan ’e resultaten? Moat de provinsje dêr ek mear op stjoere? -7. Op it stuit siket de provinsje om in ‘lokaasje’ foar it behearen fan ’e jilden foar greidefûgelkompensaasje. Wolle jimme as Natuerkoperaasje (-kollektyf) dêr ek mear romte foar hawwe? -8. Kontrakten rinne foar 12 jier en dêrnei moat socht wurde om in oplossing om it behear troch te setten. Hoe sjogge de boeren yn jo gebiet dêr tsjinoan?

-9. Binne der ferbetterpunten? Antwurden: -1. ‘De Natuerkoperaasje Baarderadiel behertiget de “belangen” fan sa’n 100 boeren yn in gebiet fan sa’n 1600 hektare. Oer ’t generaal hawwe dy fia de Natuerkoperaasje 12-jierrige kontrakten mei de provinsje ôfsletten (trije boeren hawwe in 30-jierrich kontrakt). Dy kontrakten hâlde yn, dat de boeren by harren buorkjen tige rekken hâlde mei “de natuer”. De earste fan dy kontrakten binne yn 2011/12, doe’t it om kompensaasje yn it ramt fan it oanlizzen fan ’e Heak om Ljouwert hinne te rêden wie, ôfsletten. Dat hâldt yn, dat se ynkoarten op ’en nij besjoen wurde moatte. Natuerkoperaasje Baarderadiel is poer fóár it ferlingjen fan ’e kontrakten. Us as Natuerkoperaasje is it opfallen, dat de provinsje net folle each hat foar de organisaasje fan it grûnoerflak. It kontakt oer it ynfoljen fan kompensaasjeferplichtings en it al of net ferlingjen fan ’e 12-jierrige kontrakten tusken Natuerkoperaasje Baarderadiel en ’e provinsje, rint oars fia provinsjaal amtner greidefûgelkompensaasje. Dy persoan is neat mis mei. -2. De kollektiven, dêr’t Natuerkoperaasje Baarderadiel ek by oansletten is, binne neffens my te grut. As Weidumer ken ik bygelyks amper boeren yn Súdwest-Fryslân. It organisearjen fan natuerynklusyf buorkjen moat winlik sa desintraal mooglik. Wy as Natuerkoperaasje kénne ús boeren.

Dy boeren hawwe ek de kontakten mei de Natuerkoperaasje. Nét mei it kollektyf. -3. As foarsitter fan Natuerkoperaasje Baarderadiel bin ik fan betinken, dat der wat it ôfsluten fan kontrakten mei de provinsje oanbelanget mear fleksibiliteit wêze moat. Nim bygelyks de kontrôle op fochtich griedefûgelgerslân. Ut ’e provinsje wei wurdt dan op it neilibjen fan ’e maatregel kontrolearre. Der wurdt nét sjoen nei it efterlizzende doel, nammentlik oft it tal fleanfluch wurdende jonge greidefûgels ek tanimt. -4. De Natuerkoperaasje giet oer hoe’t de kompensaasje syn beslach krijt en wie oan no ta ek altyd de kontroleur fan ’e regeling. De Natuerkoperaasje wurdt ien kear jiers befrege troch de provinsje oer “hoe’t it giet”. It rapportearjen troch de BFVW fan ’e briedresultaten soe better kinne. -5. De provinsje moat winlik efterfang wêze foar Natuerkoperaasje of -kollektyf. Pas as saken op ’e kop ferkeard komme, soe de provinsje yngripe moatte. De provinsje moat allinne as stôk efter de doar fungearje. -6. De provinsje moat yndied mear op it monitoarjen fan resultaten stjoere. De BFVW docht no de tellerij fan ’e greidefûgels en wurdt dêrfoar betelle troch de kollektiven. Us Natuerkoperaasje jout pleatslike fûgelwachten ek wolris wat sinten foar de tellerij. Lykwols, it frijwlilligersbestân fan ’e fûgelwachten ferâlderet en der is gjin oanwaaks fan ûnderen op.

Alde fûgelwachters geane lang net altyd mei harren tiid mei. Sa hawwe in soad bygelyks it mier oan it rapportearjen fan tellings fia de snoadfoan of de kompjûter. Dêrtroch wurdt de tellerij njonkelytsen in probleem en krije wy gjin goed byld (mear) fan hoe’t ús belied útwurket. De provinsje soe mear druk útoefenje kinne op ’e BFVW om mear yn te setten op it belûken fan jongerein by de tellerij. -7. Ja hear, wy as Natuerkoperaasje wolle wol de “lokaasje” wêze, foar it behearen fan ’e jilden foar de greidefûgelkompensaasje. Benaderje ús mar. Wy dogge it graach! Okkerdeis hiene wy in gearkomste oer de útkomsten fan it ôfrûne greidefûgelbriedseizoen op in pleats yn Hatsum. Dêr wie in kollega-boer út Baaium ek by. Beide binne “bevlogen” natuerynklusive boeren, mei in grut hert foar de greidefûgels. Ast dy “bevlogenens” kombinearje kinst mei in ynteressante finansjele prikkel út ’e oerheid wei, bist op it goede paad.

-8. Dêr hoech ik net in tel oer nei te tinken: de boeren wolle stik foar stik graach fierder mei it behear neffens de regeling sa’t dy der de lêste (lyts) 12 jier west hat. -9. Dy binne der! -a. It Oanfalsplan Skries giet no fan start. Se binne dêr mei oan ’e gong yn Idzegea en op oare plakken. Mar winlik moat dat plan begjinne yn “Baarderadiel”. En dan yn ’e Húnzer Polder en op Skrins en Skrok. Dêr lizze de wíér goede betingsten foar it plan. -b. De kontakten mei de provinsje oer de Regiodeal binne prima. Mar it is in poepetoer om ’e jildstreamen te krijen wêr’t se wêze moatte. It begryp fan amtners dy’t hjir yn it provinsjehûs sitte, is der faak net. De ynterne koördinaasje op it provinsjehûs liket nergens op. De iene amtner wit net wat oft de oare docht. Dêrtroch ûntstiet ûnbegryp tusken de amtlike wrâld en “it fjild”. It soe al hiel wat wêze, as amtners de tiid krigen om harren de problematyk goed eigen te meitsjen en net nei twa jier wer op in oare baan yn it provinsjehûs set waarden. In betûfte, goed ynwurke amtner, dy’t wit wêr’t er it oer hat, is in segen foar de wurkers “yn it fjild”. Dat “fjild” hat grut belang by amtlike stabiliteit op it provinsjehûs wat it natuerbelied oanbelanget.’

Petear 2 Petearpartner: Mozaykregisseur by Natuerkoperaasje Baarderadiel Petearplak en -tiid: Jorwert, 28 oktober 2021, 10.00 oere – 14.00 oere Foarleine fragen: -1. Hoe wurdt it kontakt tusken de Natuerkoperaasje en ’e provinsje belibbe oer it ynfoljen fan ’e kompensaasjeferplichtings? -2. Hoe ferrint it kontakt tusken jo as mozaykregisseur en de boeren? -3. Hoe sjogge jo as mozaykregisseur tsjin de oangiene kontrakten oan? Moat der bygelyks mear romte wêze foar fleksibiliteit? -4. Moat de provinsje him ek mear bemuoie mei de wize fan útfieren fan ’e kompensaasje? Bygelyks by it monitoarjen fan it al of net goed útfieren troch de boeren. En moat de provinsje ek yngripe as saken net goed rinne? -5. Hoe ferrint it monitoarjen fan ’e resultaten winlik? Moat de provinsje dêr ek mear op stjoere? -6. De provinsje is op ’e siik nei in lokaasje fan behear. Wolle jo as mozaykregisseur ek (mear) romte ‘yn’ sa’n lokaasje hawwe? -7. Kompensaasjekontrakten rinne foar 12 jier en dêrnei moat socht wurde nei in oplossing om it behear troch te setten. Hoe sjogge de boeren yn jo wurkgebiet dêr tsjinoan? -8. Binne der, nei oanlieding fan wat oft yn it foargeande op ’t aljemint kommen is, wat jo oanbelanget, ek ferbetterpunten? Antwurden: -1. ‘Dat kontakt is wat my oanbelanget poerbêst.

Foaral de lêste jierren is it kontakt mei provinsjaal amtner greidefûgelkompensaasje prima! Dat jildt foar sawol de mûnlinge as de skriftlike kontakten. En bygelyks ek foar it mei-inoar op fjildbesite gean en it keppeljen fan it burowurk oan ’e praktyk. De funksje is troch de jiertten troch ferskate ambtners útfiert, de kontakten wienen dêrfoar mei de foargonger oars ek goed. -2. Dy kontakten tusken my as mozaykregisseur en ’e ûnderskate boeren ferrinne sûnder útsûndering goed! Al hat it kontakt mei elke ôfsûnderlike boer syn eigen, spesifike, ynstek fanneden. Sa sitte twa boeren “yn de oergong nei”; is ien boer krekt ferstoarn en ûnderhâld ik no de kontakten mei dy syn “erven”. En der is ek in boer dwaande mei it beëinigjen fan syn bedriuw. -3. As it der werklik op oankomt, is der yn it oerlis tusken boer en provinsje yn ’e regel genôch romte. Ofhinklik fan ’e spesifike sitewaasje kinne der lykwols wolris bystellings nedich wêze. Dat de kontrakten somtiden ek wolris tefolle “romte” biede, benammen wat it bedongjen oanbelanget, is lykwols ek in feit. Myn advys oan ’e provinsje soe dêrom by it ôfsluten fan nije kontrakten wêze, dat yn alle gefallen mear omtinken jûn wurdt oan wat al of net mei wat it bedongjen oanbelanget. Sa bin ik derfoar, om mar ien kear yn it seizoen te bedongjen en dan foar’t it greidefûgelseizoen begjint.

Dus net mear jarre útride en alhielendat gjin keunstdong (ekstra) mear struie yn in lettere faze fan it seizoen! As de boer dat lêste perfoarst dwaan wol, dan alhielendal net rûge dong útride en jarje. De keunstdong soe yn dat gefal allinne mar néi it briedseizoen, fóár de twadde sneed bygelyks, lichtjes oer it lân brocht wurde meie. -4. It liket my in goed ding as de provinsje him mear dwaande hâlde soe mei it útfieren fan ’e kompensaasje. Sa soe der yn foarkommende gefallen mear omtinken jûn wurde moatte oan bygelyks spesifike fersiken fan ’e mozaykregisseurs. Sa lang as alles goed giet – en dat giet it aldergeloks yn ’e measte gefallen! – , is der neat te rêden. Mar somtiden soe it handich wêze as der (krekt as mei ANLB) in foege stôk efter de doar stean soe, en dat yn ’e mande mei de provinsje om oplossingen socht wurde koe.

-5. As mozaykregisseur soargje ik no foar it monitoarjen fan ’e resultaten. Dat bart yn goed oparbeidzjen mei de pleatslike fûgelwachten. Yn foarkommende gefallen moat ik lykwols fêststelle, dat de oanbelangjende pleatslike fûgelwacht syn tellingen net op oarder hat. It Bûn fan Fryske FûgebeskermingsWachten is op ’e hichte fan ’e krektneamde problematyk, mar stiet machteleas. De pleatslike fûgelwachten binne nammentlik wól oansletten by it BFVW, mar se meie harren saken (tellingen ensa) selsstannich regelje. Winlik kin dat en moat dat ek net oars. Oars krije de pleatslike fûgelwachters harren nocht derôf en dan binne wy noch fierder fan hûs! Dochs is it winsklik, dat út de provinsje wei ek stjoerend hannele wurde kin nei de pleatslike fûgelwachten ta. Bygelyks troch dyen taktysk te wizen op ’e ferplichtings dy’t sy frijwillich op harren nommen hawwe wat it greidefûgelbehear oanbelanget. Soks soe eventueel mei gâns ferdrach yn kontrakten tusken de fûgelwachten en ’e provinsje fêstlein wurde kinne. Hoe’t ien en oar lykwols ek yn ’e foarm getten wurdt, der moat altyd rekken mei hâlden wurde, dat it frijwilligers sûnder fergoeding binne dy’t it ynventarisaasjewurk dwaan moatte. Sokken kinne net foar de folle 100% oanstjoerd wurde en moatte hiel hoeden op eventuele lekken en brekken oansprutsen wurde.

As dat lêste te heftich dien wurdt, is de kâns nammentlik grut, dat net folle fûgelwachters it fjild mear yn wolle om it nuttige ynventarisaasjewurk te dwaan. -6. Dy romte wol ik yndied graach hawwe! Behalven it Oanfalsplan Skries sitte wy hjir yn ’e Natuerkoperaasje Baarderadiel mei in gebiet fan sa’n 30 bunder en ien fan sa’n 10 bunder, dêr’t ferstannige dingen mei dien wurde moatte. Se binne by de provinsje bekend. Mochten de PN/SKNL-oanfragen yn dit stik fan saken om watfoar reden dan ek net trochgean kinne, dan is in goede kompensaasjeregeling mei nije fergoedingen de bunder foar 12 jier nei alle gedachten de bêste opsje. Konkreet moat yn myn gebiet in boer earst noch in stikmannich saken juridysk útite mei de ferpachter út Hollân wei. De kwestje mei de oare boer is fierder ek net samar oplost (en de APG-opdracht sit winlik no al “fol”). Dus, al mocht der wol genôch jild binnen APG wêze, dan kin ik dizze gefallen nea foar 15 novimber 2021 yn ’e systemen sette. Koartsein: de ienige opsje dy’t dan oerbliuwt, is wol in nije kompensaasje agrarysk (dy’t dan yngiet yn 2023). -7. De boeren fine it spitich, dat de kontrakten nei 12 jier ôfrinne! Want se hawwe net om ’e nocht meidien oan 12 jier opbou en behâld fan fûgels en biotoop. Mar se binne wol bliid, dat der finansjeel om in oplossing socht is om it behear op ’e selde foet trochsette te kinnen.

Dat liket dus skielk goed te kommen fia it beskikber-wêzen fan APG-jild (fan ’e twadde “golf” ôf) en fia ANBL-útbetelling. It liket no sels mooglik om, dêr’t dat winsklik is, it behear wat te yntinsivearjen! It doel is om ’e kontrakten yn ’e takomst der yn twa fazes “útrinne” te litten: Faze 1: 4 stiks lêste, dy’t der earder útrinne, kinne tydlik noch ferlingje oant 2025 (12 + 2 jier bygelyks). Faze 2: 3 stiks, dy rinne oant 2028. -8. Ferbetterpunten binne der altyd (earder yn dit petear haw ik al in stikmannich neamd)! Lykwols, as de kontakten tusken de lju yn it fjild en ’e provinsjale amtners ûnderinoar goed binne en bliuwe, kinne wy yn ’e takomst mei-inoar yn ’e “lestige gefallen dûke”, om dêr yn goed oerlis oplossingen foar te sykjen.’

Petear 3 Petearpartner: Mozayk/gebietsregisseur by nasjonaal lânskip/natuerkollektyf/feriening Noardlike Fryske Wâlden

Petearplak en -tiid: Burgum, tongersdei 25 novimber 2021, 10.00-11.20 oere Foarleine fragen -1. Hoe belibje jo it kontakt mei de provinsje oer it ynfoljen fan ’e kompensaasjeferplichtings? -2. Kinne jo wat sizze oer hoe’t it kontakt ferrint tusken natuerkollektyf Noardlike Fryske Wâlden en de boeren? -3. Hoe sjocht de Noardlike Fryske Wâlden oan tsjin de mei de provinsje oangiene kontrakten? Moat der bygelyks mear romte wêze foar fleksibiliteit? -4. Moat de provinsje him ek mear bemuoie mei de útfiering fan ’e kompensaasje? (Foldocht de monitoaring troch de provinsje wol?) -5. As it behear troch boeren net goed útfierd wurdt, grypt de provinsje dan nei jo betinken wol goed yn? -6. Hoe giet it mei de monitoaring fan ’e resultaten? Moat dêr ek mear op stjoerd wurde troch de provinsje? -7. Op it stuit siket de provinsje nei in ‘lokaasje’ foar it behearen fan ’e jilden foar greidefûgelkompensaasje. Wolle jimme, as Noardlike Fryske Wâlden, dêr ek mear romte foar hawwe? -8. Kontrakten rinne foar 12 jier en dêrnei moat socht wurde om in oplossing om it behear troch te setten. Hoe sjogge de boeren yn jo wurkgebiet dêr tsjinoan? -9. Binne der ferbetterpunten? Antwurden: -1. ‘As regisseurs hawwe wy net folle “stjoering” wat it kontakt mei de provinsje oer it ynfoljen fan ’e kompensaasjeferplichtings oanbelanget. Us taak is foaral it melden fan ûnregelmjittichheden.

Wurde dy lêsten net konstatearre, dan jouwe wy oan, dat it jild dêr’t de boer rjocht op hat, útkeard wurde kin. -2. It kontakt tusken natuerkollektyf de Noardlike Fryske Wâlden en ’e boeren ferrint goed. Ik ûnderhâld de kontakten mei fiif boeren. Sels bin ik goed op ’e hichte fan ’e sitewaasje en ik ken myn “pappenheimers”. Myn taak is it om it behear yn ’e gaten te hâlden. Fan ’e iere maityd ôf, mar ek yn ’e oare seizoenen, gean ik suver alle wiken wol in kear, gauris op ’e motor, nei de gebieten dy’t ik yn behear haw. Wat de kontakten mei funksjonarissen fan ’e provinsje oanbelanget, haw ik it gefoel, dat yn ’e tiid doe’t foargonger fan no, hjir yn it ramt fan it wurk oan ’e Sintrale As de septer swaaide, der mear kontakt wie mei de provinsje as hjoed-de-dei. -3. Wat dy fleksibiliteit yn ’e mei de provinsje oangiene kontrakten oanbelanget, kin ik allinne mar sizze, dat wy as Noardlike Fryske Wâlden dêr flak foar binne. Dat wy mear romte hawwe wolle foar fleksibiliteit, haw ik ek al bepraat mei de ambtner greidefûgelkompensaasje fan ’e provinsje. Mei de koördinator fan de Noardlike Fryske Wâlden en myn oansprekpunt yn ús organisaasje, haw ik it der ek oer hân. Sy stiet der allyksa ûnder. -4. Om my hoecht de provinsje him net mear te bemuoien mei de útfiering fan ’e kompensaasje. De konstruksje sa’t dy der no is, is goed.

De Noardlike Fryske Wâlden moat de kompensaasje útfiere. Dêr sit nammentlik de kennis. Foar de provinsje is de rol fan it opstellen fan ’e kontrakten en it útbeteljen fan ’e bedraggen dêr’t de boeren rjocht op hawwe. -5. As it behear (de kompensaasje) troch de boeren net goed útfierd wurdt, grypt de provinsje nei myn betinken wol goed yn. Dat wurdt dan dien op grûn fan ’e rapportaazje oangeande hoe’t it gien is yn in bepaald gebiet dy’t de provinsje alle jierren fan minsken lykas ik krijt. Ik moat wol sizze, dat de troch my opstjoerde rapportaazje al in kearmannich yn it provinsjale amtlike sirkwy te siik rekke is. Ik hoopje, dat soks fan ’t jier net wer bart. Ik haw de ambtner greidefûgelkompensaasje yn alle gefallen dúdlik witte litten, dat myn rapportaazje oangeande dit rinnende jier ûnderwilens op it provinsjehûs is.

Wat op ’t stuit spilet, is dat de provinsje winlik ek net dúdlik foar eagen hat hoe oft it no krekt moat mei de kompensaasje yn gebieten lykas de Noardlike Fryske Wâlden. De deputearre soe eins nije regels “jaan” moatte, mar hy wit sels blykber, omreden fan ’e oansteande weten regeljouwing fan ’e Europeeske en ’e lanlike oerheid, ek net hoe’t it allegear krekt moat. Sadwaande witte boeren en regisseurs yn it fjild op dit stuit ek net wêr’t se oan ta binne. Wat my dan steurt, is dat by de Oanfalsplan Skries-klub, dy’t wakker op ’e tromme slacht en ek wol wat foarinoar krijt, net ien boer sit. Dat is in miste kâns! -6. Wat oft it monitoarjen fan ’e resultaten oanbelanget, soe ik oan ’e konstruksje sa’t dy no funksjonearret foarearst neat feroarje. Dy is nammentlik goed en ’e provinsje hoecht der dêrom ek net mear op te stjoeren. Ik bin fan betinken, datst net tefolle minsken yn it lân omrinne litte moatst. Dat is net goed foar de greidefûgels dy’t dêr eventueel sitte en soe ek erchtinkendheid by de behearders fan dat lân tewei bringe kinne. -7. De ambtner greidefûgelkompensaasje is no dochs dejinge dy’t de jilden foar de greidefûgelkompensaasje út ’e provinsje wei beheart? Ik haw it dêr neffens my alris oer hân mei him.

Hy krimmenearre der doe oer, dat ûnderskate “geledingen” yn it provinsjaal apparaat it wolris wat sitte litte op it stik fan ’e ynformaasjefoarsjenning rjochting him. Ik haw dêr de yndruk út krigen, dat it kommunisearjen tusken bepaalde ôfdielings op it provinsjehûs better kin. As de saken op it provinsjehûs goed foarinoar binne, is dat ek better foar de dúdlikens fan ’e minsken yn it fjild. -8. It hinget fan ’e behearders – yn myn rayon binne dat mei-inoar 24 – ôf hoe’t dy nei 12 jier it behear sjogge. Yn myn gebiet wurdt ek wurke mei behearstiden fan 18 jier. Mar ik kin leau ’k wol feilich sizze, dat de tendins ûnder ús boeren is: trochgean! Dat bringt my by noch wat oars! Ik soe nammentlik pleitsje wolle foar ien datum wat it foar de easte kear meanen oanbelanget. Dy soe, om ’e oersichtlikens, 1 juny wêze moatte. Want dan bist yn ’e praktyk folle fleksibeler. As der nammentlik op dy datum gjin ljip te sjen is, kin der wol meand wurde. Binne der al ljippen en/of piken, dan kinst yn oerlis mei in útsteldatum wurkje. -9. Ferbetterpunten wat my oanbelanget (en ik haw it earste al earder neamd) binne de kommunikaasje fan ’e ferskate ôfdielings ûnderinoar by de provinsje en ’e kommunikaasje fan ’e provinsje nei de natuerkollektiven yn it algemien ta.

Sa binne der by de transysje fan ’e kontakten en kontrakten nei oanlieding fan it oanlizzen fan ’e Sintrale As in stikmannich saken minder goed gien. Foar it oare rinne de kontakten mei de provinsje wol aardich goed. It is fansels sa, dat der op ’t stuit op it mêd fan it lânboubelied, it natuerbehâld en alles wat dêrmei oan nitraat- en CO-2emisjes anneks is, Europeesk en lanlik in soad spilet. En dat allegear méi yn it ramt fan ’e klimaatferoaring op mondiaal nivo. Ik begryp wol, dat it foar in provinsjale oerheid ek allegear net like dúdlik en maklik is. Mar it is no ienkear sa, dat boeren it nut fan ’e regelingen fan oerheidswege (likefolle hokfoar oerheid) ynsjen moatte kinne. Boeren moatte in stip op ’e hoarizon hawwe. By it tekenjen fan dy stip spylje oerheden en harren amtlike apparaten in gruttere rol as se sels wolris yn ’e rekken lykje te hawwen. Alle reden dus om yn te setten op in oer alle boegen sa goed en earlik mooglike kommunikaasje!

Petear 4 Petearpartner: Temakoördinator Greidefûgels & Guozzen en Natuer & Lânskip by natuerkollektyf/nasjonaal lânskip de Noardlike Fryske Wâlden (NFW) te Bûtenpost Petearplak en -tiid: online/telefoanysk: moandei 7 febrewaris 2022 (10.00-12.00 oere) en tiisdei 8 febrewaris (oer de dei ferspraat) Foarleine fragen

-1. Hoe ‘belibje’ jo it kontakt mei de provinsje Fryslân oer it ynfoljen fan ’e greidefûgelkompensaasjeferplichtings yn jo wurkgebiet? -2. Kinno jo wat sizze oer hoe’t it kontakt ferrint tusken natuerkollektyf de Noardlike Fryske Wâlden en de boeren yn it gebiet? -3. Hoe sjocht natuerkollektyf de Noardlike Fryske Wâlden tsjin de mei de provinsje Fryslân oangiene kontrakten oan? Moat der bygelyks mear romte wêze foar fleksibiliteit? -4. Moat de provinsje him ek mear ‘bemuoie’ mei de útfiering fan ’e kompensaasje? (Foldocht de monitoaring troch de provinsje wol?) -5. As de kompensaasje troch boeren net goed útfierd wurdt, grypt de provinsje dan, neffens jo betinken, wol goed yn? -6. Hoe giet it mei it monitoarjen fan ’e resultaten? Moat dêr ek mear op stjoerd wurde troch de provinsje? -7. Op it stuit siket de provinsje nei in ‘lokaasje’ (loket) foar it behearen fan ’e jilden foar greidefûgelkompensaasje. Wolle jimme, as Noardlike Fryske Wâlden, dêr ek mear romte foar hawwe? -8. Greidefûgelkompensaasjekontrakten rinne foar 12 jier en dêrnei moat socht wurde om in oplossing om it behear troch te setten. Hoe sjogge de boeren yn jo wurkgebiet dêr tsjinoan? -9. Binne der wat jo/jo organisaasje oanbelanget ek ferbetterpunten oangeande it greidefûgelkompensaasjebelied sa’t dat oan no ta troch de provinsje Fryslân (út)fierd wurdt?

Antwurden: -1. ‘Het contact met de provincie Fryslân is wat rommelig. Sinds ik werkzaam ben bij de NFW (2016) is ons aanspreekpunt voor het compensatiebeheer aan de Stinswei al meerdere keren veranderd. Soms zelfs zonder dat we dat wisten. Daar kwamen we dan achter wanneer we vragen hadden en bij de “oude” contactpersoon geen gehoor meer kregen of dat diegene aangaf niet meer de contactpersoon te zijn. Dat heeft er ook toe geleid dat onze verantwoordingsrapportages van enkele jaren ineens “kwijt” bleken. Erger nog, in eerste instantie werd ons verweten dat we ze niet opgestuurd hadden. Dat is naderhand goed opgelost en tegenwoordig vindt er zo nu en dan, wanneer nodig, contact plaats. -2. De boeren die weidevogelbeheer aan de Stinswei uitvoeren, zijn in de meeste gevallen ook beheerder in het Agrarisch Natuur- en Landschapsbeheer (ANLb). En voeren naast compensatiebeheer ook weidevogelbeheer, landschapsbeheer of waterbeheer uit binnen het ANLb. Van daaruit zijn de contacten met de beheerders goed. Verder heeft elk weidevogelgebied een eigen beheerregisseur die de nauwste contacten met de boeren onderhoudt. Het compensatiegebied valt onder één van de weidevogelmozaïeken in het ANLb en heeft daarmee ook een eigen beheerregisseur. De beheerregisseur is de schakel tussen het kantoor van de NFW en de boeren. -3.

In zijn algemeenheid moet er meer flexibiliteit in het weidevogelbeheer komen. Dat geldt voor het ANLb en daarmee dus ook voor het compensatiebeheer. De pakketten daarvan zijn gebaseerd op de ANLb-pakketten en zijn zelfs nog minder flexibel, omdat de rustperiodes al vooraf zijn vastgesteld. Daar zou nog wel wat ruimte gewenst zijn om te starten met een standaardrustperiode tot 1 juni en die gedurende het seizoen en afhankelijk van de weidevogels op te plussen naar een langere rustperiode. -4. Ik heb niet zo goed zicht op hoe de provincie de monitoring uitvoert. Onze beheerregisseur in het gebied heeft goed zicht op wat er gebeurt en hoeveel vogels er zitten. Daarnaast krijgen wij als NFW de telgegevens jaarlijks van de BFVW. In dat opzicht weten we dus voldoende over het gebied en over de weidevogels die er zitten. Ik denk niet dat de provincie zich meer moet bemoeien met de uitvoering. Volgens mij is de huidige werkwijze goed. NFW voert samen met beheerders en beheerregisseur het beheer

uit en verantwoordt dat aan de provincie. Het staat de provincie natuurlijk te allen tijde vrij gedurende het seizoen vragen te stellen over het beheer, monitoringsgegevens, etc. Daar kan de NFW de provincie dan van voorzien. -5. Voor zover ik kan inschatten grijpt de provincie als de compensatie niet goed uitgevoerd wordt wel goed in. Het is nog niet zo vaak voorgekomen dat hier sprake van was. Onze beheerregisseur zit er bovenop en spreekt beheerders waar nodig ook aan. Mocht er echt iets niet goed gaan, dan weet de beheerregisseur de NFW en/of de provincie te vinden. Zaken die niet goed gaan proberen we als NFW ook zo snel mogelijk bij de provincie kenbaar te maken en zo samen tot een oplossing te komen. Naar mijn idee werkt dat prima zoals het nu gaat. -6. De beheermonitoring in het gebied wordt net als in het ANLb gedaan door de BFVW. Dat gaat goed en daarop hoeft niet meer gestuurd te worden door de provincie als het aan mij ligt. De beleidsmonitoring in het ANLb wordt opgepakt door de provincie. Hoe dat voor het compensatiegebied aan de Stinswei zit, weet ik niet. -7. De huidige werkwijze is dat de NFW uitvoerend (in het veld) de werkzaamheden (monitoring, schouw, etc.) op haar neemt en dat de uitbetaling bij de provincie ligt. Hiervoor wordt op dit moment door de provincie gewerkt aan een nieuwe overeenkomst. Wat mij betreft is dit een prima werkwijze. -8.

Ik vind het op dit moment lastig om in te schatten hoe de boeren in de NFW aankijken tegen het doorzetten van het beheer nadat de twaalfjarige weidevogelcompensatiecontracten zijn afgelopen. Per volgend jaar (2023) gaat het nieuwe Gemeenschappelijk Landbouwbeleid (GLB) in en verandert er voor boeren van alles. Daarnaast is het natuurlijk ook afhankelijk van de weidevogels en of die er na afloop van een contractperiode nog zijn. Zitten er nog vogels, dan verwacht ik dat de boeren over het algemeen bereid zijn het beheer voort te zetten, mits er een reële vergoeding tegenover staat. -9. Een verbeterpunt is in ieder geval dat de communicatie naar ons toe soms wel wat beter mag. Verder duurt het vaak lang voordat bekend is wat er gaat gebeuren. Er zijn wel ideeën, maar het duurt vaak nog jaren voordat er daadwerkelijk iets mee gebeurt. Ook daar zou in de communicatie het één en ander beter kunnen.’ Petear 5 Petearpartners: Sekretaris ôfdieling Ljouwert fan ’e Feriening Miljeudefinsje en bestjoerslid fan dy Feriening Petearplak- en tiid: Provinsjehûs Ljouwert (Provinsjekeamer); tongersdei 24 febrewaris 2022, de moarns fan 10.30 oere oant 12.00 oere Foarleine fragen: -1. Hoe belibje jimme as bestjoersleden fan ’e Feriening Miljeudefinsje ôfdieling Ljouwert it kontakt mei de provinsje Fryslân oer it ynfoljen fan ’e greidefûgelkompensaasjeferplichtings yn jimme wurkgebiet? -2.

Kinne jimme wat sizze oer hoe’t it kontakt ferrint tusken Feriening Miljeudefinsje en de boeren yn it gebiet dêr’t jimme de finger yn oan ’e pols hâlde? -3. Hoe sjocht Miljeudefinsje ôfdieling Ljouwert tsjin de troch de provinsje mei de natuerkollektiven/-ferienings/boeren oangiene kontrakten oan? -4. Moat de provinsje him, neffens Miljeudefinsje, ek mear ‘bemuoie’ mei de útfiering fan ’e kompensaasje? (Foldocht de monitoaring troch de provinsje wol?) -5. As de kompensaasje troch boeren net goed útfierd wurdt, grypt de provinsje dan, neffens it betinken fan Miljeudefinsje, wol goed yn?

-6. Hoe giet it mei it monitoarjen fan ’e resultaten fan it greidefûgelkompensaasjebelied (it tanimmen fan ’e fûgelstân)? Moat dêr, neffens Miljeudefinsje, ek mear op stjoerd wurde troch de provinsje? -7. Op it stuit siket de provinsje om in ‘lokaasje’ (loket) foar it behearen fan ’e jilden foar greidefûgelkompensaasje. Hawwe jimme, as Miljeudefinsje, ek ideeën oer wat oft in goede saakkundige ynstânsje foar it behearen fan dy jilden wêze soe? -8. Greidefûgelkompensaasjekontrakten rinne foar 12 jier en dêrnei moat socht wurde om in oplossing om it behear troch te setten. Hoe wurdt út jimme optyk wei tsjin dat (eventueel) trochsetten fan it behear troch boeren oansjoen? -9. Binne der wat oft jimme organisaasje oanbelanget ek ferbetterpunten oangeande it greidefûgelkompensaasjebelied sa’t dat oan no ta troch de provinsje Fryslân (út)fierd wurdt? Antwurden: (S=sekretaris, B=bestjoerslid) -1. S: Ús foarsitter dy’t koartlyn ophâlden is, ûnderhold foar ús de kontakten mei de provinsje. Fan har haw ik heard, dat dy kontakten mei de ûnderskate amtners wol goed en plezierich ferrûnen. B: Ik heb mij ook in die contacten verdiept en kan alleen maar onderstrepen wat de secretaris zojuist gezegd heeft. S: Op no 9 maart hoopje wy in rapport te publisearjen oer wat oft wy fûn hawwe oangeande de polityk en it beslútfoarmjen wat de greidefûgelkompensaasje oangeande de Hounspolder oanbelanget.

Yn it proses om ta dat rapport te kommen, hat it ús tige frustrearre, dat wy sa min oan alle stikken fan oerheidswege oer de Hounspolder komme koene. De systemen dy’t de ûnderskate oerheden – dus ek de provinsje Fryslân! – der njonkelytsen op neihâlde, wurde slim yngewikkeld en mei dêrtroch suver fraudegefoelich. Dy systemen nekke ús hast. De ynformaasje dy’t foar ús fan belang is om ’e politike beslútfoarming te monitoarjen, kinne wy allinne mar mei in soad muoite boppe wetter krije. Dat jildt ek foar de ynhâldlike kant fan ’e kompensaasjekontrakten mei de boeren. Rekkensommen fiere de boppetoan. Somtiden moatte wy mei WOB-fersiken wurkje, om ynformaasje dy’t iepenbier wêze moatte soe boppe wetter te krijen. Dat soe winlik net sa wêze moatte. -2. S: Ús eardere foarsitter hie wol kunde oan in stikmannich “kompensaasjeboeren”. Dy kontakten wiene freonlik. Mar fierder hawwe wy as ôfdieling Ljouwert fan Miljeudefinsje net folle streekrjocht kontakt mei de boeren. -3. B: Wat die aangegane contracten betreft, heb ik de beschikbare cijfers op een rij gezet. Door de strenge privacyregeling is het echter moeilijk om zaken na te gaan en een beeld te krijgen van wie, wat, waar. Wel ben ik tot de conclusie gekomen, dat plas-dras plus kruidenrijk het meest effectief is om tot een talrijkere weidevogelstand te komen. Dat wordt landelijk ook onderschreven.

Wat dan opvalt, is dat er in de praktijk in verhouding maar zo weinig hectares tot plas-dras en kruidenrijk worden gemaakt. S: Dy hektares binne yn ’e stikken dy’t wy ta ús foldwaan krije wol werom te finen. Mar dochs falt it ôf, om as Miljeudefinsje goed ynformearre te reitsjen. Oft de fûgels nei in pear jier behear noch wol op ’e persielen sitte en hoefolle oft der sitte fan elke soart, kinne wy út ’e stikken mar min gewaarwurde. En as wy dêr neifraach nei dogge by provinsjale amtners, kinne dy ús ek net folle wizer meitsje. -4. S: Wy sjogge der yn feite neat fan hoe’t de provinsje de útfiering fan ’e greidefûgelkompensaasje monitoaret. Wy beskikke op ’t stuit oer mar ien monitoaringsrapportsje. Dat fine wy net “top”. H: En het enige wat wij dan in dat rapportje lezen, is: “Wij gaan het weer proberen. Wij hebben nieuwe ambities.” S: Ús yndruk is, dat it hiele hanthavenjen fan it greidefûgelkompensaasjebelied yn Fryslân dien wurde moat troch mar twa provinsjale amtners. Nettsjinsteande dat dy ek stipe krije “út it fjild wei”, liket ús dat tal oan ’e lytse kant, om it tafersjoch goed dwaan te kinnen.

-5. B: Wij zien niet of de provincie wel adequaat ingrijpt als de compensatie door boeren niet goed uitgevoerd wordt. Neem nu “Baarderadiel”. In dat gebied, zo hebben wij te horen gekregen, krijgt de gewone agrariër bijna elke week wel een adviseur aan de deur die hem wil bijpraten over de nieuwste regelgeving. Is het dan een wonder, dat die beste boer het op het laatst ook allemaal niet meer weet? En dan staat in de stukken, dat er ook allerhande sancties kunnen worden opgelegd bij het niet goed toepassen van de regelgeving. Maar of die sancties eventueel ook werkelijk worden opgelegd, kunnen wij als Milieudefensie niet nagaan. S: En sa rinne wy dus foar de safolleste kear tsjin de yngewikkeldheid fan it systeem oan! -6. S: Hoe’t it giet mei it monitoarjen fan ’e resultaten fan it greidefûgelkompensaasjebelied en oft de fûgelstân, as útkomst fan dat belied, ek yndie tanimt, is de hamfraach. Dat is de essinsje as it giet om it belied foar de greidefûgel. B: Zoals ik al eerder heb gezegd, hebben wij er geen enkele kijk op welke vogels naar bepaalde gebieden toekomen, er al zaten en of dat dezelfde zijn als in andere jaren, of dat het “nieuwkomers” zijn. S: Oangeande “Wiarda”, it ienige projekt dêr’t wy in oersjoch fan krigen hawwe, hawwe wy de konklúzje lûke moatten, dat de fûgelstân “desastreus” is.

Wy hawwe fernommen dat it mei it tal fûgels yn “Baarderadiel” (ék yn it kompensaasjegebiet) wól goed giet. Yn Baarderadiel wurdt lykwols, wat de fûgeltellerij oanbelanget, ek folle better de finger oan ’e pols hâlden as dat soks deun om Ljouwert hinne it gefal is. B: De zwakte in het systeem is, dat de tellingen van vrijwillige vogelwachters (BFVW) moeten komen. Het lijkt mij, dat die vrijwillige basis “tricky” wordt op de lange duur. De vogelwachters worden ouder en de jonge aanwas van onderop stagneert. -7. S: Wy soene sa gau net witte wa’t in bettere lokaasje of “loket” wêze kinne soe as de provinsje sels foar it behearen fan ’e greidefûgelkompensaasjejilden. Wat oft wy wól waarnommen hawwe, is it noedlike feit, dat eksterne buro’s dy’t troch de provinsje ynhierd wurde om guon saken út te sykjen – en dy’t dus de provinsje, om sa mar te sizzen, as “broodheer” tsjinje – ús net maklik fan ynformaasje foarsjen wolle. Dat hawwe wy bygelyks fernommen doe’t wy fan sa’n buro ynfo hawwe woene oer de 300 meter fersteuringsôfstân dy’t yn ’e “Weidevogelnota” stiet en dy’t yn acht nommen wurde moat by it tsjin gebieten mei wichtige natuerwearden oan plennen fan nijbouwiken. It buro ferwiisde ús nei de provinsje en/of de gemeente, om’t it dêr de opdracht om ûndersyk te dwaan fan krigen hie.

Yn ús belibjen moat sokke ynfo iepenbier en foar elk tagonklik wêze, om’t dy ynfo ek op kosten fan ’e mienskip opdien is. B: Wij als Milieudefensie ervaren wel vaker tegenstand uit ambtelijke instanties als wij bijvoorbeeld naar titels en dossiernummers van rapporten informeren of naar hoe de geldstromen vloeien naar het beheer in het veld. -8. B: Wat wij horen, is dat op een – ik noemde het woord al eerder – “tricky” manier de compensatieperioden van 12 jaar worden verlengd. Daarbij is bijvoorbeeld niet steeds onderzoek gedaan naar de effectiviteit van de voorgaande 12 jaar compensatiebeheer en hoe duurzaam of dat wel was. De belangrijkste maatregels zoals het toepassen van plasdras worden ook maar voor een klein gedeelte getoetst. S: Us is ek net dúdlik wêrom’t foar in tiidrek fan 12 jier keazen is. Wêrom bygelyks net foar 30 jier? Sa’n perioade soe de natuer yn ús wurkgebiet – ik neam De Him, de Hounspolder en de Súdlannen – wíér wat oan hawwe. Fierder is de grutte fan it fûns dêr’t de kompensaasjejilden yn stoart wurde faaks wol te iensidich ôfhinklik fan ’e kompensaasjeprojekten dy’t yntsjinne wurde. -9. B: Verbeterpunten betreffende de weidevogelcompensatie zijn er – wij hebben dat eerder in dit gesprek ook al gezegd! – zeker. Zo vult het weidevogelfonds zich niet meer aan en is daardoor niet geschikt voor duurzaam weidevogelbeheer. Het fonds biedt thans een

afkoopsom, maar zou veel meer uit moeten gaan van het verdienmodel van de boer. Dat zou eigenlijk de essentie moeten zijn; dáár zou het over moeten gaan. De berekeningen welke in het kader van de weidevogelcompensatie worden gemaakt zijn volgens ons op zijn minst discutabel en niet overzichtelijk. S: En dêr kin noch oan tafoege wurde, dat de regeling, mei it each op in duorsume takomst foar boer, natuer en maatskippij, winlik ta moatte soe op in soarte fan 50-50 systeem, dêr’t de boer foar de helte syn ynkomsten yn hellet út syn natuerynklusyf buorkjen en foar de oare helte “fertsjinnet” yn ’e foarm fan (oerheids)subsydzjes en oarsoartige aktiviteiten (boerekemping ensafh.). En dat allegear mei as heger doel, om in bydrage te leverjen oan in sûnere libbensomjouwing, dêr’t elkenien baat by hat, en tsjin ’e mondiale feroaring fan it klimaat.’ Petear 6 Petearpartner: Koördinator Natuerbehear Fryske Greiden en Waad by de Vereniging tot behoud van Natuurmonumenten Petearplak en -tiid: Easterein (Skrok 11A); tongersdei 24 maart 2022, de middeis fan 13.30 oant 15.00 oere Opm.: De (lanlike) ‘Vereniging tot behoud van Natuurmonumenten’ beheart yn Fryslân û.o.

de natuergebieten: Hegewiersterfjild (yn ’e Lytse Bouhoeke by Kimswert); Filenspolder (by Wytmarsum); Skrins (by Easterlittens); Skrok (by Wommels); Leonserpolder (by Leons) en kompensaasje-foar-de-heak-om-Ljouwertlân oan ’e westkant fan ’e provinsjale dyk LjouwertBoalsert by Hoptille/Hilaard-Jorwert. Foarleine fragen: -1. Hoe wurdt it kontakt fan Natuurmonumenten mei de provinsje belibbe as it om it ynfoljen fan ’e greidefûgelkompensaasjeferplichtings giet? -2. Hoe ferrint eins it kontakt tusken Natuurmonumenten en de provinsje? -3. Hawwe jimme as Natuurmonumenten ek geregeldwei kontakten mei boeren? En hoe ferrinne dy dan? -4. Hoe sjocht Natuurmonumenten tsjin de kontrakten oer greidefûgelkompensaasje oan? Moat der bygelyks ek mear romte wêze foar fleksibiliteit? -5. Moat de provinsje him, neffens Natuurmonumenten, ek mear dwaande hâlde mei de útfiering fan ’e kompensaasje? Bygelyks troch monitoaring en ta te sjen op in goede útfiering troch boeren en yngripe wannear’t it net goed giet? -6. Hat Natuurmonumenten ek sicht op ’e monitoaring fan ’e resultaten? Moat de provinsje dêr ek mear op stjoere? -7. Op it stuit siket de provinsje om in lokaasje (‘loket’) foar it behearen fan ’e greidefûgelkompensaasjejilden. Wol Natuurmonumenten dêr ek in rol yn spylje? -8. Kontakten rinne foar 12 jier en dêrnei moat socht wurde om in oplossing om it behear troch te setten.

Hoe sjocht Natuurmonumenten dêr tsjinoan? -9. Binne der (oer ’t algemien) ferbetterpunten? Antwurden: -1. ‘As Natuurmonumenten hawwe wy tsien hektare lân yn eigendom dêr’t wy in greidefûgelkompensaasjefergoeding fan ’e provinsje Fryslân foar krije. It is kompensaasjelân út ’e heak om Ljouwert wei. It leit oan ’e kant fan it tankstasjon by Hilaard (Hoptille). Spitich is, dat it tal fûgels yn it gebiet de lêste jierren wol wat weromrint. Wat oft dêr de krekte oarsaak fan is, witte wy noch net. It kontakt mei de provinsje oer de kompensaasjefergoeding belibje wy as “wol goed”. Wy hawwe oangeande dy fergoeding in pear kear jiers mailkontakt en dan is it fierders okee. Dan krije wy it bedrach “keurich” útkeard. It is wol wat lestich dat op it provinsjehûs wol gauris in wikseling fan ’e wacht is wat oft de minsken dy’t foar ús de oansprekpunten binne, oanbelanget. Nije funksjonarissen moatte har dan earst de matearje wer eigen meitsje en soks kin samar ta fertraging yn it ôfhanneljen fan saken liede.

-2. It is net perfoarst nedich om oer ús lân by Hilaard in soad kontakt te hawwen mei de provinsje. De kontakten dy’t wy dêroer hiene mei de foargonger fan ’e hjoeddeiske provinsjale funksjonaris wiene yn ’e regel tige plezierich en dy mei de nije no ek. Wat faaks wol in punt fan omtinken foar de takomst wêze kin, is dat wy, as behearders fan Natuurmonumenten, faker mei provinsjale “natueramtners” it fjild yn geane, om te sjen wêr oft wy it konkreet mei inoar oer hawwe. Sokke bilaterale kontakten komme ek de ferhâldings ûnder inoar te’n goede. -3. In soad boeren pachtsje lân fan ús en dy hawwe dus belang by goede kontakten mei Natuurmonumenten. Dêr komt by – en dat skeelt wat de goede kontakten oanbelanget in slok op in buorrel! – dat wy winlik gjin partij binne by it heljen fan eventuele Natura 2000doelen. Wy sitte dus net yn in opposysjesitewaasje mei boeren. Wy binne winlik in partij dêr’t de boeren wol graach mei oparbeidzje wolle. Tusken ús, as Natuurmonumenten Fryslân, en “ús” boeren bestiet gjin “haat en nijd”. -4. De greidefûgelkompensaasjekontrakten binne neffens ús goed opsteld en ek al behoarlik fleksibel. Dat jildt ek foar de kontrôle op it neilibjen dêrfan. De kontroleurs kontrolearje goed, mei each foar de spesifike sitewaasje yn it fjild.

Al is dat by oare ynstânsjes wolris oars, de kontroleurs helje de boeren, bygelyks by it kontrolearjen op plas-dras, it bloed perfoarst net ûnder de neilen wei! Alles giet yn reedlikens. -5. Op it stik fan it hanthavenjen fan it op in goede wize útfieren fan ’e kompensaasje is faaks noch wol wat winst te boeken. En dan foaral wat oft it behear om it útkommen fan ’e aaien hinne oanbelanget. Der soe better besjoen wurde moatte oft der yn in bepaalde tiid al aaien en piken binne en oft der yn dy selde tiid eventueel ek al meand wurdt. Dêrby moat net allinne sjoen wurde nei de kwantitative aspekten (hoefolle piken binne der al), mar ek nei de kwalitative (binne de omstannichheden foar de piken goed genôch om yndied ek fleanfluch en folwoeksen te wurden). Dat kwalitative aspekt wurdt wol gauris fergetten. As Natuurmonumenten binne wy yn wêzen ek in gewoane partikuliere natuerbehearder. In stikje standertkontrôle troch de provinsje of in oare ynstânsje dêroerhinne, soe dêrom en dêrby net iens sa ferkeard wêze. -6. Wat oft de monitoaring fan ’e resultaten oanbelanget: wy telle alle jierren wat de oantallen fûgels binne en wat oft de útkomst fan ’e aaien is. Sa telle myn kollega en iksels yn al ús greidefûgelterreinen. Fierder wurde wy holpen troch gâns betûfte frijwillige fûgelwachters, dy’t in soad goed telwurk dogge en dy’t wy dêrom ek mar moai trochtelle litte.

As Natuurmonumenten hawwe wy oars wol noed oer de takomst fan ús frijwillige fûgelwachters. It “bestân” fan goede fûgelwachters fergrizet nammentlik yn heech tempo en der is fan ûnderop suver gjin oanwaaks mear fan jonge fûgelwachters. -7. De provinsje Fryslân liket ús de meast logyske parij wat oft it behearen en útbeteljen fan ’e greidefûgelkompensaasjejilden oanbelanget. Oars sein: de provinsje is en bliuwt wat Natuurmonumenten oanbelanget de bêste opsje. Wy sjogge dus it nut fan in “oare lokaasje of loket” alhielendal net yn en hawwe ek út noch yn net it ferlet om dêr in rol by te spyljen. -8. Ast derfoar stiest, liket in perioade fan 12 jier in hiel skoft. Mar dy 12 jier binne yn ’e “wrâld” fan it natuerbehear samar om. 12-jierrige kontrakten foar greidfûgelkompensaasje binne dêrom neffens Natuurmonumenten oan ’e krappe kant. Sa’n perioade stiet yn wêzen frijwat heaks op ’e doelstelling om ta “duorsum” natuerbehear te kommen, benammen ek yn ’e greidefûgelkompensaasjegebieten. Foar de greidefûgelstân jildt: wat langer de behearperioade wat better. Wy soene dêrom pleitsje wolle foar langere kompensaasjeterminen as de 12 jier dy’t no foar in soad gebieten jilde. Trochsette dus, as de beheartermyn yn in beskaat gebiet ôfrint.

-9. As wy as Natuurmonumenten in algemien ferbetterpunt yn it greidefûgelkompensaasjebelied fan ’e provinsje neame meie, is dat dat wy oanriede wolle soene om yn dat stik fan saken te stribjen nei it klusterjen (oaninoar fêstlizzen; mei-inoar ferbinen) fan kompensaasjegebieten. Dus net oeral losse stikjes kompensaasjelân te hawwen, mar te besykjen om massa en folume te kreëarjen. Wy stimme mei, dat soks in dreech proses is, mar it belied moat dêr al op rjochte wêze! Yn dat ramt wize wy op it Skries-oanfalsplan, dêr’t wy as Natuurmonumenten ús ek fan herte by oansletten hawwe.’ Petear 7 Petearpartners: Dielnimmende boer en boerinne Funksje: Mei harren dochter maatskipsleden yn in bedriuw fan 112 hektare greidelân (dêr’t njoggen hektare natuerkompensaasje fan ’e heak om Ljouwert by sit). De maatskip hat 190 melke en kalve kij, 85 stiks jongfee, 12 jonge hynders foar it opfokken, 40 skiep en in fariearjend tal bargen fan it seldsume Dútsk-Deenske readbûnte Husumer ras. Petearplak en -tiid: De amper in jier âlde ûntfangstromte njonken de grutte lisboksstâl by de pleats fan ûnder Baaium, tongersdeitejûn 21 april 2022, fan 20.00 oere oant 22.30 oere. Foarleine fragen: -1. Hoe sjogge jimme oan tsjin it kontakt mei it kollektyf en ’e gebietsregisseur oer it ynfoljen fan ’e greidefûgelkompensaasje? -2.

Binne jimme fan betinken dat de provinsje genôch belutsen is by it hiele riden en farren om ’e kompensaasje hinne? Fernimme jimme genôch fan ’e provinsje yn dat stik fan saken? -3. Hoe sjogge jimme, as agrariërs, tsjin de ôfsletten kompensaasjekontrakten oan? Moat der bygelyks mear romte wêze foar fleksibiliteit? -4. Kompensaasjekontrakten rinne foar 12 jier en dêrnei moat socht wurde om in oplossing om it behear troch te setten. Hoe sjogge jimme dêr tsjinoan? -5. As de kompensaasje troch boeren net goed útfierd wurdt, grypt de provinsje dan, foarsafier’t jimme dat besjen kinne, wol goed yn? -6. Hoe giet it mei de monitoaring fan ’e resultaten fan it behear (tal greidefûgels, nêsten, aaien, piken dat fleanfluch wurdt)? Moat de provinsje dêr ek mear op stjoere? -7. De provinsje hat himsels de fraach steld oft de provinsje noch wol de goede ‘ynstânsje’ is foar it behearen fan ’e jilden foar greidefûgelkompensaasje. Soe der net in oar ‘loket’ foar it behearen fan dy jilden komme moatte? Hoe sjogge jimme dêr tsjinoan? -8. By greidefûgelbehear sa’t jimme ta tapasse, heart ek de komst fan predatoaren. Om’t frijwat predatoaren in beskerme status hawwe, meie dy net samar opromme wurde. Dêr moat de provinsje gauris earst tastimming foar jaan. Hoe sjogge jimme tsjin dy problematyk oan? -9.

Binne der wat jimme, as lju dy’t alle dagen winlik wol mei greidefûgelbehear oan ’e gong binne, ek ferbetterpunten oangeande it greidefûgelkompensaasjebelied sa’t dat oan no ta troch de provinsje Fryslân (út)fierd wurdt? Antwurden: -1. ‘Wy binne super tefreden oer ús kontakten mei sawol it kollektyf as ús gebietsregisseur. It plezierige is, dat beide net it “rântsje” fan wat oft kin en wat oft net kin yn it behear opsykje. Wy krije de romte om te hanneljen nei eigen goed ynsjen. Dêrby hawwe wy yn it gefal fan ús gebietsreggissuer te krijen mei in man mei hert, om net te sizzen passy, foar de greidefûgelsaak. -2. Dêr hawwe wy winlik net iens safolle op te sizzen. Tsien prosint fan it kompensaasjejild dat wy fan ’e provinsje barre, giet nei it natuerkollektyf of de natuerkoperaasje. Dat is by alle kompensaasjes sa. Wy hawwe njoggen hektare kompensaasjelân fanwegen de heak om Ljouwert. Wy neame dat hjir ek ‘Provinsjelân’. It mei net earder as op 15 juny meand wurde.

As wy wat fan ’e provinsje hearre, is dat meastal oft wy ek sjen litte kinne wat oft wy krekt dogge oangeande de greidefûgels: wy moatte dus sjen litte kinne wat oft der bart. Dat lêste soest yn Bibelske termen ek “rintmasterskip” neame kinne. Wy binne datoangeande wól fan betinken, dat de provinsje ek in rol hat yn it rintmasterskip. En dêrom soe de provinsje him, yn ’e foarm fan ’e amtners dy dêr oer geane, wolris wat mear sjen litte kinne by ús op ’t hiem en yn it lân. Dat jimme, de fraachstellers, hjir no lykwols binne, sjogge wy ek as in goed kontaktmomint! Alles mei-inoar binne wy net ûntefreden oer ús kontakten mei de provinsje. -3. It is njonkelytsen yndied wol ta oan mear fleksibliteit wat de ôfsletten kompensaasjekontrakten oanbelanget. It “Grutto-aanvalsplan” dat koartlyn fêststeld en oannommen is, hellet wat oangeande de kompensaasje ôfpraat is nammentlik yn. It behear moat om dy reden oanpast en by de tiid brocht wurde. Alles wat it belied oanbelanget moat der no op rjochte wêze om it tal greidefûgels ek yndied oanwinne te litten. -4. It behear sa’t dat yn ’e tolvejierrige kontrakten fêstlein is, moat bliuwe! Mar it moat wol keppele wurde oan it krektneamde nije “Grutto-aanvalsplan”. Yn dat stik moat de provinsje dus neffens ús ek mei de tiid meigean. Tolve jier is winlik langernôch.

Soest skowe kinne moatte mei stikken lân, ek mei lân fan oare boeren, en mei meandata. Fierder soe in tuskentiidske evaluaasje fan hoe’t de saken rinne in goed ding wêze. -5. Wy hawwe noch nea heard, dat de provinsje earne yngrypt hat as de kompensaasje troch in boer net goed útfierd waard. Dus, dêr hawwe wy fierder ek gjin sicht op. As boeren wurde wy oars troch in hiel grut ferskaat fan ynstânsjes en bedriuwen kontrolearre! Jimme wolle net witte wêr oft wy allegear wol net oan foldwaan moatte, om ’e goede beoardielings en “papieren” te krijen. Men hat der suver in deitaak oan, om dat allegear by te hâlden. Mar wy dogge it graach. En dat allegear mei as doel om in sa duorsum en ferantwurde mooglik produkt foar de konsumint ta stân te bringen. -6. It monitoaringssysteem dêr’t wy no mei wurkje kin hiel goed sprekken lije. Dat komt net yn it minst troch de treflike neisoargers dy’t de fûgels op ús lân yn ’e gaten hâlde. By ús kin de gebietregisseur waarnimmings en tellings dwaan yn alle gebieten fan it natuerkollektyf. Us fûgelwachters telle allinne yn harren eigen rayon. It giet ús der lykwols om, dat de tellings doge. De provinsje hat yn dat stik ek in ferantwurdlikheid. Dy moat méi soargje dat de sifers fan ’e tellings betrouber binne. It is op dit stuit de ferantwurdlikheid fan ’e BFVW dat der genôch lju oplaat wurde, dy’t mei ferstân fan saken waarnimme en telle kinne.

As de BFVW dat oplieden lykwols net (mear) foarinoar krijt, moat de provinsje syn ferantwurdlikheid nimme. Want sûnder goede waarnimmings en tellings kin gjin goed greidefûgelbehear útfierd wurde. -7. Wy hawwe der alhielendal gjin muoite mei as de sitewaasje bliuwt sa’t er no is. Sa’t de provinsje it greidefûgelkompensaasjebelied op dit stuit útfiert, is neffens ús neat mis mei. It behearen en útkearen fan ’e greidefûgelkompensaasjejilden troch de provinsje kin wat ús oanbelanget wol moai sa trochgean. In oar “loket” hawwe wy alhielendal gjin ferlet fan. -8. Wat it bestriden fan predatoaren oanbelanget, is de provinsje ús te foarsichtich. Dat bestriden moat frijjûn en dellein wurde by de behearders fan it greidefûgellân. As wy bygelyks gjin rotteklemmen sette meie, lûke dy bisten it lân yn en rjochtsje se grutte skea oan ûnder de (jonge) greidefûgels. Ast by de ûngediertebestriding dan ris in (beskerme) murd yn ’e klem krijst, is dat byfangst. Der is neat frustrearjender as mei ynmoed moannenlang greidefûgelbehear ta te passen en dan de fertuten dêrfan yn ien nacht troch in pear predatoaren dy’tst net bestride meist teneate dwaan te litten. -9. Ferbetterpunten binne der wis! Sa soe de deputearre mear de klam lizze moatte op ’e saken dy’t wól goed geane yn it greidefûgelbehear (hy leit no gauris de klam op saken dy’t

noch nét goede geane!). Ast dy goede dingen nammentlik beljochtest, kin dat in sniebaleffekt jaan, ek by oare boeren dy’t yn harrren omgean litte om fan it gongbere buorkjen oer te stappen nei bygelyks natuerynklusyf. De merk is noch altyd frij. Dat wol sizze, dat wy as “natuerboeren” konkurrearje moatte mei de gongbere agrariërs. De polityk (de deputearre) soe ek mear omtinken jaan moatte oan it belang fan sûne grûn dêr’t sûne produkten fanôf komme foar sawol it plattelân as de stêd. De polityk moat dy ferbining sjen litte en net de klam lizze op ferskillen tusken stêd en plattelân wat in sûne leefomjouwing oanbelanget. Wy leauwe yn it konsept fan it natuerynklusive buorkjen en dat in ko in ko bliuwe moat en net as in produksje-ienheid definiearre wurdt dy’t nei in x tal jierren ôfskreaun wurdt.’

Petear 8 Petearpartner: Beliedsmeiwurker bûnsburo by Bond Friese VogelWachten (BFVW). Dat bûn is oprjochte yn 1947. Petearplak en -tiid: Op it bûnsburo fan it BFVW yn Wiuwert (Labadistendyk 2); tongersdei 23 juny 2022, fan 10.00 oere oant 12.15 oere. Foarleine fragen -1. Hoe belibje jimme as BFVW it kontakt mei de provinsje Fryslân oer it ynfoljen fan ’e greidefûgelkompensaasjeferplichtings (yn Fryslân)? -2. Kinne jo wat sizze oer hoe’t it kontakt ferrint tusken it BFVW en ’e boeren yn ’e gebieten dêr’t jimme de greidefûgelstân yn ’e gaten hâlde? -3. Hoe sjocht it BFVW tsjin de troch de provinsje mei de ûnderskate partijen (natuerkollektiven/-ferienings/boeren) oangiene kontrakten oan? -4. Moat de provinsje him, neffens it BFVW, ek mear ‘bemuoie’ mei de útfiering fan ’e kompensaasje? (Foldocht de monitoaring troch de provinsje wol?) -5. As de kompensaasje troch de boeren net goed útfierd wurdt, grypt de provinsje dan, neffens it betinken fan it BFVW, wol goed yn? -6. Hoe giet it mei it monitoarjen fan ’e resultaten fan it greidefûgelkompensaasjebelied (it tanimmen fan ’e greidefûgelstân)? Moat dêr, neffens it BFVW, ek mear op stjoerd wurde troch de provinsje? -7. Op it stuit siket de provinsje om in ‘lokaasje’ (loket) foar it behearen fan ’e jilden foar greidefûgelkompensaasje.

Hawwe jimme, as BFVW, ek ideeën oer wat oft in goede saakkundige ynstânsje foar it behearen fan dy jilden wêze soe? (Oars as de provinsje dus.) -8. Greidefûgelkompensaasjekontrakten rinne foar 12 jier (guon langer) en dêrnei moat socht wurde om in oplossing om it behear troch te setten. Hoe wurdt út ’e optyk fan it BFVW wei tsjin dat (eventueel) trochsetten fan it behear troch boeren oansjoen? -9. Binne der, wat it BFVW oanbelanget, ek ferbetterpunten oangeande it greidefûgelkompensaasjebelied sa’t dat oant no troch de provinsje Fryslân (út)fierd wurdt? Antwurden: -1. ‘Dat kontakt is de minimale kant it neist. Foarsafier’t ik wit, hawwe wy de lêste jierren net ien kear in fersyk om advys of sokssawat fan ’e provinsje krigen. Dat is fansels in frjemde saak: by ús sit ommers in soad kunde en ekspertize wat de greidefûgelproblematyk oanbelanget. Sa leit der in ôfspraak, dat wy as BFVW de stippekaarten mei dêrop de nêsten ensafh. fan ’e greidefûgels op fersyk oan ’e provinsje leverje soene. Foarsafier’t ik wit, hat ús de lêste fiif jier net ien kear sa’n fersyk berikt! -2 Oer ’t generaal ferrinne de kontakten tusken de boeren en ús BFVW-frijwilligers hiel goed. En wat better oft de kontakten tusken BFVW-ers en boeren binne, wat better oft it is foar de greidefûgels. Fan in jonge biologyske boerinne hearde ik okkerdeis, dat sy perfoarst net sûnder “har” BFVW-neisoarger kin.

In soad boeren wolle wilens harren lânwurk graach om ’e greidefûgels tinke, mar dan hawwe se wol ferlet fan ’e “eagen en earen” fan it BFVW.

Wy as BFVW hâlde der ek net fan om ús rol op ’en allerskerpsten oan te setten. Wy hearre wolris, dat kontrôle-ynstânsje FUMO yn syn wurk wol fan dy “skerpe kantsjes” hat. En dêr komme dan ek kiezzige reaksjes fan ’e boeren op. Goed en freonlik oparbeidzje mei de boeren hawwe wy heech yn it findel te stean. Dêr berikst it measte mei. -3. Lit ús earst mar ris fêststelle, dat de greidefûgelbiotoop yn Fryslân op grutte skaat fernield is en noch wurdt! Wy as BFVW sille der alles oan dwaan om fierdere skea foar te kommen. Hoe’t de kontrakten tusken de provinsje en ’e ûnderskate partijen oangeande de kompensaasjejilden krekt útpakt hawwe, hawwe wy net folle sicht op. Wy soene oars wolris witte wolle oft yn dat stik fan saken ek jild foar edukaasje op it mêd fan ’e greidefûgelproblematyk beskikber is. Hoewol’t der ek genôch goede foarbylden binne – bygelyks yn “Baarderadiel” en “Baarderadiel plus” – sjogge wy ek frijwat kompensaasjelân dêr’t gjin greidefûgels sitte. Net oeral wurdt troch kompensaasje dus de greidefûgelstân foarút holpen! Faaks dat dêr mei it nije “skriezeoanfalsplan” wat oan dien wurde kin. Us ûnderfining is, dat boeren wol fergrienje wolle, mar it moat foar harren finansjeel ek út kinne om stappen yn dat proses te setten. -4. Wat oft de provinsje krekt foar bemuoienis hat mei de útfiering fan ’e kompensaasje, giet winlik bûten it blikfjild fan it BFVW om.

En oft de provinsje de monitoaring goed op oarder hat, hawwe wy ek gjin sicht op. -5. Wy hawwe yndied wol weet fan boeren dy’t neffens ús de kompensaasjeferplichtings net goed ynfolje. Der binne by ús sels eksessen bekend! Mar wêr’t wy dy eksessen by it provinsjaal apparaat krekt melde moatte, witte wy net. Sa soene wy ek graach advisearje wolle om fleksibel te wêzen en yn foarkommende konkrete gefallen útsteld meanen ta te passen. Faaks binne eksterne partijen dan wol fleksibeler as de “grutte provinsje” sels. Wat dat lêste oangiet, hawwe wy goede ûnderfinings mei bygelyks It Fryske Gea. Dy ynstânsje kin wol gauris yn in goed petear mei in boer dy lêste ta it útstellen fan meanen bewege. -6. Ja! De provinsje moat yndied mear stjoere op it goed monitoarjen fan ’e resultaten fan it greidefûgelkompensaasjebelied. Yn dat ferbân soene wy as BFVW ek yn it ramt fan it oanfalsplan skries de nulmjittings dwaan kinne. Nei’t dy wichtige mjittings dien binne, kinne dan fierdere stappen set wurde. Wy hawwe 130.000 hektare lân yn ’e neisoarch. Foar 60.000 hektare jouwe wy de garânsje dat de fûgelstân dêre goed byhâlden wurdt. Ek de “herleg” hâlde wy goed yn ’e gaten. Soks betsjut dus in taname fan it tal nêsten yn it systeem. As BFVW dogge wy gjin meidielings oer absolute oantallen fûgels. Yntern komme wy wol ta skattings fan dy oantallen.

De tekst is automatisch uit het bestand gehaald en kan afwijken van het origineel (kolommen, tabellen en koppen lopen door elkaar). Het officiële stuk bij de gemeente is leidend. Bron: https://api1.ibabs.eu/publicdownload.aspx?site=Leeuwarden&id=efa98176-852e-42d3-9460-d91956f7da96