CConstaterende datWeststellingwerf
Koppel je AI →
Document · PDF

E-02c Brief PVV Fryslân oer asylbelied Fryslân

Raadsvergadering 10 maart 2025, gemeente WeststellingwerfBij agendapunt: Ingekomen stukken738 woorden

Open het PDF bij de gemeente ↗Naar de vergadering →

Tekst van het document

Uit het bestand gehaald, zonder opmaak, tabellen en afbeeldingen

Boelensloane, 3 febrewaris 2025

De Fryske grinzen binne berikt!

Achte gemeenteried, achte kolleezje fan B&W, De Steatefraksje fan de PVV Fryslân rjochtet him ta jo, om't wy ús al rûme tiid grutte soargen meitsje. Eltsenien dy't goed om him hinne sjocht, sjocht de tanimmende ûnfrede ûnder ús Fryske mienskip. Dizze ûnfrede beheint him, nei jierren fan net serieus nommen wurden, net mear ta mar ien ûnderwerp. It giet sawol om sosjale as finansjeel-ekonomyske aspekten. Lykwols, by ien spesifyk ûnderwerp is de krityk struktureel sterk oanwêzich: de ymmigraasje. Op 20 desimber 2024 hat de minister fan Asyl en Migraasje it ‘Ferdielbeslút Fryslân 2024’ publisearre, wêryn de ferdieling fan asylopfangplakken oer de Fryske gemeenten fêstlein is. In beslút dat foar in soad fernuvering en ûnfrede soarge hat by ús kommissaris fan de Kening Arno Brok, sa as úteinset yn de Ljouwerter Krante fan 31 desimber. Dizze ûnfrede dielt de fraksje fan de PVV Fryslân folslein. Lykwols, hoe koe dit dochs barre? Hoe hat it safier komme kinnen dat Fryslân, de prachtige, rêstige en romme plattelânsprovinsje, yn ‘t gehiel fier boppe de fêststelde opjefte minsken opfangt en dêrneist no ek noch ekstra AMV’ers (Allinnichsteande Minderjierrige Flechtlingen) tawiisd krijt? Wat hjir dúdlik wurdt, is dat de Fryske gemeenten mei harren eardere frijwillige tasizzingen fan opfangplakken foarbarich hannele hawwe.

Dizze foarbarigens hat laat ta in oerskot oan opfangplakken yn Fryslân, dat no (sa wurdt freze) troch de minister brûkt wurde sil om tekoarten yn oare provinsjes oan te foljen. Iets dat fansels te ferwachtsjen wie. Miskien op himsels ek noch logysk. As provinsjes (soms tige terjochte) miene net by steat te wêzen om oan de opjefte te foldwaan en der tagelyk in oare provinsje is dêr’t gemeenten frijwillich mear opfangplakken oanbean hawwe as strikt nedich, dan is ien en ien gau twa. Ek no binne der bestjoerders dy't fan betinken binne dat in strange hanthavening fan de spriedingswet troch de minister in útkomst biedt, wylst deselde bestjoerders yn in situaasje dêr't de spriedingswet nea yn it spul west hie likefolle opfangplakken realisearre hiene as no it gefal is. Fryslân sit hjirtroch mei in grut probleem: in disproportionele lêst, bliuwende druk op ús sosjale gearhing en in groeiende ûnfrede ûnder ús ynwenners.

En wêrom? Wêrom wie ús basishâlding net fan it begjin ôf oan lyk oan dy fan oare provinsjes dy't net foldogge oan de opjefte? Wêrom hat Fryslân der net foar keazen om de miening fan de mearderheid fan ús ynwenners serieus te nimmen? Wêrom binne der noch hieltyd boargemasters dy't wei sjogge fan de groeiende ûnrêst en stug trochgeane mei harren ideologysk dreaune persoanlike fisy? Tiid foar aksje De provinsjale fraksje fan de PVV Fryslân docht in dringend berop op jo, de algemiene en deistige bestjoeren fan de gemeenten, om yn aksje te kommen en tegearre in krêftich sinjaal nei it Ryk ôf te jaan: sa kin it net langer!

De ienige realistyske útwei is it oanpakken fan it probleem by de boarne: de ymmigraasjestream moat flink beheind wurde. Allinnich as it kabinet, ûnder oare troch lokale oerheden, stipe krijt foar syn doel om de ymmigraasjestream yn te damjen, kin dit ek werklikheid wurde. Wy stelle dêrom it folgjende foar: 1. Kom op foar de belangen fan jo eigen ynwenners. Lit harren miening de trochslach jaan yn it wol of net realisearjen fan opfangplakken; 2. Op basis fan it earste punt: stel as Fryske gemeenten tegearre in brief op oan de minister fan Asyl en Migraasje, wêryn dúdlik makke wurdt dat de Fryske boarger net foldwaan wol oan de stelde basisopjefte, noch oan de ekstra tawiisde AMV’ers; 3. Stel ek as mienskiplike boadskip oan de minister dat sûnder in stevige beheining fan de ynstream, der hielendal gjin draachflak of útfierberens mear bestiet foar asylopfang. De hjoeddeiske situaasje is it gefolch fan jierrenlange beliedflaters troch foargeande kabinetten en te foarbarige karren fan gemeentebestjoeren. It oerskot oan opfangplakken yn Fryslân sil brûkt wurde om tekoarten earne oars oan te foljen, wylst ús mienskip de lêsten drage moat.

Wy roppe jo op om op te kommen foar de belangen fan ús eigen ynwenners en tegearre in krêftich sinjaal ôf te jaan oan it Ryk: beheine de ymmigraasje flink! It trochbestean litte fan de hjoeddeiske situaasje sil allinnich mar liede ta mear ûnbegryp en lilkens ûnder de befolking. Kom yn aksje!

Mei freonlike groetnis, Út namme fan de Steatefraksje fan de PVV Fryslân, Jeffrey Graansma

De tekst is automatisch uit het bestand gehaald en kan afwijken van het origineel (kolommen, tabellen en koppen lopen door elkaar). Het officiële stuk bij de gemeente is leidend. Bron: https://api1.ibabs.eu/publicdownload.aspx?site=Weststellingwerf&id=e9af5135-29fb-4109-9d40-46ab198498ec