Skriftlike fragen FNP Wente Blessum - Mondelinge beantwoording in raad 10 februari
Tekst van het document
Skriftlike fragen konform artikel 33 fan it reglement fan oarder
Rjochte oan: it kolleezje fan B&W Taljochting: Yn de Ljouwerter Krante fan 29 jannewaris 2022 stie in stik oer it wegerjen fan in bouwfergunning fan in âld pân yn Blessum yn ferbân mei it feit dat de kâns bestiet dat der misskyn mosken ûnder de dakpannen krûpe kinne en flearmûzen komme kinne. De minsken dy’t dizze ferwaarleazge wente kocht ha, hawwe no minstens in jier fertraging mei de bou om in mosk dy’t noch gjinien sjoen hat. Boppedat hawwe beliiid om rotte keazzen yn ús gemeente op te romjen. Dit smyt by de FNP de folgjende fragen op: Fragen: 1. Is it kolleezje bekind mei de situaasje yn Blessum? 2. Wit it kolleezje wêrom de fergunning krekt wegere is? 3. As is yndie om it nesteljen fan de mosken giet; is it kolleezje bekind dat der ek technyske mooglikheden binne, byg. spesjale dakpannen mei in iepening, dy’t foar dit soarte gefallen ûntwikkele binne? 4. Kin it kolleezje hjir aksje op ûndernimme?
Graach in útwreide taljochting.
Yntsjinne nammens FNP Waadhoeke Hans Nauta