CConstaterende datwaadhoeke
Koppel je AI →
Document · PDF

Schriftelijke vragen Voortgang Huisvesting Arbeidsmigranten -20241014

Gemeenteraad Waadhoeke 17 oktober 2024, gemeente waadhoekeBij agendapunt: Beantwoording schriftelijke vragen en memo's290 woorden

Open het PDF bij de gemeente ↗Naar de vergadering →

Tekst van het document

Uit het bestand gehaald, zonder opmaak, tabellen en afbeeldingen

Mûnlinge fragen Mûnlinge fragen konfoarm artikel 33 fan it Reglemint fan oarder foar gearkomsten en oare wurksumheden fan de ried fan de gemeente Waadhoeke 2023. Underwerp: Voortgang huisvesting arbeidsmigranten

De fraksje fan FNP Waadhoeke hat de folgjende fragen oan het kolleezje: 1. It kolleezje hat tasein foar 1 oktober 'it folsleine belied húsfesting arbeidsmigranten 2024' oan de ried te stjoeren. Dit is noch net slagge. Wannear kin de ried it stik wol ferwachtsje?

2. Op 15 febrewaris is yn de gemeenteried nij belied foar húsfesting arbeidsmigranten fêststeld. Twa wichtige ûnderdielen dêrfan binne (koart gearfette) dat 1. gjin nije fergunnings ferliend wurde foar ‘keamergewiis ferhier’ en 2. dat der rommere mooglikheden komme om arbeidsmigranten te festigjen op eigen terrein fan wurkjouwers. Kin it kolleezje de ried ynformearje oer it tal konkrete oanfragen foar grutskalige húsfesting dat no yn behanneling is, mei hoefolle ûndernimmers it yn petear is om ta in konkrete oanfraach te kommen én om hoefolle ‘bêden’ (wenplakken) it yn beide gefallen giet?

3. Kin it kolleezje oanjaan hoefolle fergunningen foar keamergewiis ferhier yn 2024, 2025 en 2026 ôfrinne en hoefolle 'bêden' (wenplakken) foar arbeidsmigranten dêrnei (per jier) net mear brûkt wurde kinne?

4. Kin it kolleezje oanjaan oft it in spanning foarsjocht yn it tempo wêryn nije wenromte foar arbeidsmigranten beskikber komt en it tempo wêrmei wenromte yn keamergewiis ferhier yn doarpen en wykken ophâldt te bestean? En as it kolleezje hjir in spanning foarsjocht, hokker maatregels treft it dan no al om derfoar te soargjen dat arbeidsmigranten hjir wenromte fine kinne? (sûnder dat de lêst dochs ôfskood wurdt op ús doarpen en wykken troch - út need - fergunnings foar keamergewiis ferhier te ferlingen)?

Datum: 14 oktober 2024 Paul de Cock Ut namme fan de fraksje(s) fan: FNP Waadhoeke

De tekst is automatisch uit het bestand gehaald en kan afwijken van het origineel (kolommen, tabellen en koppen lopen door elkaar). Het officiële stuk bij de gemeente is leidend. Bron: https://api1.ibabs.eu/publicdownload.aspx?site=waadhoeke&id=86af5092-ddf3-4978-86a9-43cfc4fba642