RV Beneaming berneboargemaster Waadhoeke 2025-2026
Tekst van het document
OAN DE RIED
Datum behannele troch Datum agindearring Ûnderwerp Portefúljehâlder Samenvatting
Seleksjekommisje berneboargemaster Waadhoeke 4 september 2025
Behannelend amtner
M. van der Wal
E-postadres
m.vanderwal@waadhoeke.nl
Beneaming berneboargemaster Waadhoeke 2025 N. A. van de Nadort
Tillefoannûmer
06-82014998
Op 28 maart 2024 wie Thijmen de Vries út Berltsum troch de ried beneamd as Berneboargemaster fan Waadhoeke oant de simmer fan 2025. Yntusken hat Thijmen ôfskied naam as Berneboargemaster. De seleksjekommisje stelt foar om Doutzen Jorritsma (10) út Frentsjer te beneamen as de nije Berneboargemaster fan de gemeente Waadhoeke.
Voorstel 1. Doutzen Jorritsma út Frentsjer te beneamen as berneboargemaster fan Waadhoeke oant de simmer fan 2026.
Oanlieding Thijmen de Vries hat foar de simmer fan 2025 ôfskied naam as berneboargemaster. Dêrmei is Thijmen sa’n oardeljier lang de Berneboargemaster fan Waadhoeke west. Tegearre mei boargemaster Marga Waanders en letter mei boargemaster André van de Nadort hat Thijmen by ferskate aktiviteiten in rol spile. Om in nije berneboargemaster te finen hat de gemeente in oprop dien oan alle learlingen út Waadhoeke dy’t takommend skoallejier yn groep 7 of 8 sitte om harren op te jaan as nije berneboargemaster. Op freedtemiddei 20 juny 2025 hawwe mar leafst 17 bern sjen en hearre litten wêrom’t júst sy de nije berneboargemaster fan Waadhoeke wurde moatte. De seleksjekommisje, besteande út wethâlder en lokoboargemaster René de Vries en riedsleden Joke Osinga en Paul de Cock, hat úteinlik keazen foar Doutzen Jorritsma út Frentsjer. Beeäge (mjitber) effekt Nei beaneaming troch de ried is Doutzen Jorritsma per direkt de nije Berneboargemaster fan Waadhoeke oant de simmer fan 2026. Motifearring In Berneboargemaster fersterket de lokale demokrasy. De jierlikse ferkiezing biedt bern de kâns om kennis te meitsjen mei de lokale polityk. De Berneboargemaster kin ideeën oandrage foar gemeentlik belied en spilet in seremoanjele en ynhâldlike rol binnen de gemeente. Alternativen Gjin beneaming of it opnij iepenjen fan de sollisitaasjeproseduere.
Ferfolch Nei in posityf beslút fan de ried sil Doutzen offisjeel ynstalleare wurde as Berneboargemaster. Sy sil de boargemaster begeliede by eveneminten en mooglik ek selsstannich optrede by bern-rjochte aktiviteiten, yn gearwurking mei de sekretariële stipe fan de boargemaster. Partisipaasje De seleksjekommisje bestie út wethâlder René de Vries en riedsleden Joke Osinga en Paul de Cock. Finânsjes Der is in jierliks budzjet fan € 5.000 beskikber foar de útfiering fan de funksje fan Berneboargemaster. Bylagen Dit riedsfoarstel befettet gjin bylagen. Seleksjekommisje Berneboargemaster Waadhoeke , Wethâlder René de Vries , riedsleden Joke Osinga en Paul de Cock
2
| Benoeming Kinderburgemeester Waadhoeke 2025
NR.: 2025-169963 De ried fan de gemeente Waadhoeke
Sjoen it foarstel fan de seleksjekommisje Berneboargemaster Waadhoeke fan 20 juny 2025;
BESLÚT 1. Doutzen Jorritsma út Frentsjer te beneamen as Berneboargemaster fan Waadhoeke oant de simmer fan 2026.
Aldus fêststeld yn de iepenbiere riedsgearkomste fan 4 september 2025,
{{Signer2}}
, foarsitter
Signed By: van de Nadort, N.A. 10/09/2025 19:15:01 CEST ID: 08bf3efe-3ee8-4074-a54c-85e624edf650 Auth: Scribble
{{Signer1}}
Signed By: Lyklema, Tinco 10/09/2025 10:23:16 CEST
, griffier
ID: 08bf3efe-3ee8-4074-a54c-85e624edf650 Auth: Scribble
Dit dokumint is digitaal ûndertekene.
3
| Benoeming Kinderburgemeester Waadhoeke 2025