raadsadvies Tuskenevaluaasje taalbelied
Tekst van het document
AAN DE RAAD
Datum opgesteld
1 desimber 2021
Datum agendering Onderwerp Portefeuillehouder
23 desimber 2021 Tuskenevaluaasje taalbelied Wethâlder Jan Dijkstra
Behandelend ambtenaar E-mailadres Telefoonnummer
M Visser m.visser@waadhoeke.nl
Samenvatting Yn de tuskenevaluaasje wurdt oan de hân fan de begripen fertroud-sichtber-útnûgjend sjoen nei it ferrin fan de útfiering oer de ôfrûne 2 jier. De evaluaasje stiet stil by de taalkampanje dy’t fierd is, it funksjonearjen fan it Taalplatfoarm, de oanstelling fan in meartalichheidskoördinator en wat koroana betsjut hat foar de útfiering fan it belied. Mar ek oer it berik en effekt fan it belied en hokker aksinten oft oanbrocht wurde yn it ferfolch fan de útfiering. Voorstel 1. Kennis te nimmen fan de tuskenevaluaasje taalbelied
Inleiding Yn novimber 2018 hat jo ried de taalnota ‘Waadhoeke, Lân fan Taal’ fêststeld. Op 22 oktober 2019 is it byhearrende útfieringsprogramma troch it kolleezje fêststeld en ta ynformaasje oan jo ried stjoerd. Dêr is doe by oanjûn dat jo ried yn de simmer fan 2021 ynformearre wurde sil oer de fuortgong. Under oaren troch koroana is dat momint ferskood nei no, desimber 2021. Beoogd (meetbaar) effect Jo ried is tuskentiidsk ynformearre oer de útfiering fan it taalbelied. Motivering 1.1 Mei de tuskenevaluaasje wurde jo ynformearre oer de fuortgong fan it belied Alhoewol’t de útfiering fan it belied by it kolleezje leit en in riedsmemo genôch wêze soe om jo ried te ynformearjen, kieze we foar in riedsadvys. Soks om’t dêrmei de tuskenevaluaasje op jo aginda komt en jo de mooglikheid ha om jo ‘fielen’ oer de fuortgong fan it belied mei it kolleezje te dielen. Analyse Yn de tuskenevaluaasje taalbelied wurdt oan de hân fan de begripen begripen fertroud-sichtberútnûgjend sjoen nei it ferrin fan de útfiering oer de ôfrûne 2 jier. De evaluaasje stiet stil by de taalkampanje dy’t fierd is, it funksjonearjen fan it Taalplatfoarm, de oanstelling fan in meartalichheidskoördinator en wat koroana betsjut hat foar de útfiering fan it belied. Mar ek oer it berik en effekt fan it belied en hokker aksinten oft oanbrocht wurde yn it ferfolch fan de útfiering. Alternatieven Net fan tapassing.
Vervolg It kolleezje jout fierdere útfiering oan it belied. Yn de tuskenevaluaasje binne guon spesifke oandachtspunten beneamd dy’t we yn de útfiering meinimme. Inwonersparticipatie Net fan tapassing. Communicatie It taalplatfoarm wurdt ynformearre oer de ynhâld fan de tuskenevaluaasje. Financiën Net fan tapassing. Juridisch kader Wet gebrûk Fryske taal Europeesk Hânfêst foar regionale talen of talen fan minderheden. Awb
2
| Tussenevaluatie taalbeleid
Bijlagen Bijlage 1: tuskenevaluaasje taalbelied
Boargemaster en wethalders fan Waadhoeke
, boargemaster
, sekretaris
3
| Tussenevaluatie taalbeleid
NR.: D2021-12-000764
De raad van de gemeente Waadhoeke
Mei it each op it útstel fan it kolleezje fan boargemaster en wethâlders fan Waadhoeke fan 7 desimber 2021;
BESLUIT 1. Kennis te nimmen fan de tuskenevaluaasje taalbelied
Sa fêststeld yn de iepenbiere riedsgearkomste fan 23 desimber 2021,
{{Signer2}}
, foarsitter
Signed By: Waanders, M.C.M. <m.waanders@waadhoeke.nl> 27/12/2021 13:18:19 CET ID: b5322760-f114-495f-920e-233b6d15a65e Auth: Scribble
{{Signer1}}
, griffier
Signed By: Bruinsma, W. <w.bruinsma@waadhoeke.nl> 27/12/2021 11:26:38 CET ID: b5322760-f114-495f-920e-233b6d15a65e Auth: Scribble
Dit dokumint is digitaal ûndertekene.
4
| Tussenevaluatie taalbeleid