Moasje Oplosse ferkearssitewaasje Oud Kaatsveld
Tekst van het document
Signed By: Koster, R. <r.koster@waadhoeke.nl> 25/12/2022 13:36:08 CET ID: 1c04664c-46fc-4ada-bc9a-080638b2c763 Auth: Scribble
MOASJE Motie conform artikel 29 van het reglement van orde voor de vergaderingen en andere werkzaamheden van de raad van de gemeente Waadhoeke 2018.
Betreft: Moasje frjemd oan ‘e oarder fan de dei Onderwerp: Oplosse ferkearssitewaasje Oud Kaatsveld yn Frjentsjer De ried fan de gemeente Waadhoeke, yn gearkomste byinoar 22 desimber 2022 Sjoen: It krúspunt op it Oud Kaatsveld yn Frjentsjer foar alle ferkearsdielnimmers ûndúdlik en gefaarlik is omdat it trochgeande (fracht)ferkear noch altyd troch de stêd giet yn stee fan der omhinne. Oerwaagjende dat: • De ynrjochting fan it gebied as 30 km regiem net liedt hat ta de oplossing; • It (fracht)ferkear troch de navigaasje faaks noch altyd troch de binnenstêd liedt wurdt • der faak ferkearsopstoppingen binne; • der ûnfeilige sitewaasjes ûntstean foar alle soarten fan ferkearsdielnimmers • der oerlêst is foar omwenjenden • de dyk net bedoeld is foar swier ferkear ek sjoen nei ûnderhâld. • dizze situaasje om in effektive oplossing freget • der in alternative route mooglik is dy’t ûndersocht wurde kin (sjoch kaart). • troch dizze nije ûntsluting de measte problemen oplost wurde kinne • dizze nije ûntslúting ek soarget foar minder ferkearsdruk op en by it Stationsgebiet. • dizze alternative route ek in goeie ûntslúting biedt foar it nij oan te lizzen parkearplak op de Julianastrjitte Draacht it kolleezje op: • dizze alternative route te ûndersykjen op helberheid en betelberheid • hjiroer oan de ried werom te keppeljen úterlik april 2023 En giet oer ta de oarder fan de dei.
Ut namme fan FNP Waadhoeke Hans Nauta
SAM Waadhoeke
VVD Waadhoeke