Moasje beskerming byldbepalende beammen.docx
Tekst van het document
Moasje frjemd oan de oarder fan de dei oangeande it beskermjen fan byldbepalende beammen. De gemeenteried fan Waadhoeke byinoar yn de riedsgearkomste fan tongersdei 20 maaie 2021 Konstatearjende dat: • Der yn de gemeenteried gauris ûnrêst is oer it byld dat bestiet oer it ferdwinen fan byldbepalende/monumintalebeammen. Oerwaagjende dat: • Foar elts dúdlik wêze moat hoe’t wy yn Waadhoeke mei ús byldbepalende/monumintale beammen omgean wolle. • Wy witte wolle hoefolle byldbepalende beammen der de ôfrûne trije jier omhelle binne en hoefolle beammen der moochlik gefaar rinne. • Wy gjin ûnnedich burokratysk systeem optúgje wolle. • Wy earst witte wolle wat in goede beskerming fan ús byldbepalende beammen kostjen giet. Fersiket it Kolleezje: • Mei in útwurke foarstel te kommen oer boppesteande punten, mei dêrbij in heldere finânsjele ûnderbouwing.
En giet oer ta de oarder fan de dei Nammens de fraksjes FNP en CDA