FNP Skriftlike fragen sebrapaad Seisbierum-Pieterbierum
Tekst van het document
Skriftlike fragen konform artikel 33 fan it reglement fan oarder Ferkearsfeiligens Seisbierum-Pitersbierum
Rjochte oan: it kolleezje fan B&W Ynlieding: Sûnt it yngean fan de nije tsjinstregeling yn jannewaris 2022 rydt de bus net mear troch de doarpen Pitersbierum en Seisbierum hinne, mar oer de provinsjale Hearewei (N393) by de doarpen del. Dêrfoar binne halten ferpleatst fan binnen de beide doarpen nei de drokke Hearewei ta. Pleatslik Belang had freed oandacht frege benammen foar de gefaarlike nije halte by de Liauckemaleane (bushalte Pitersbierum), dy’t in ein (500m) fan it doarp ôf leit. Om dêr te kommen (fia it fytspaad) moatte reizgers twa kear de beammerike Hearewei (80km/h) oerstekke. It soe neffens pleatslik belang gean om tydlike halten, omdat de provinsje mei in wurkgroep noch dwaande is mei in ûndersyk nei de optimale situaasje. Om ’t dit wol oer ús ynwenners giet, smyt dit by de FNP de folgjende fragen op: Fragen: 1. Hoe kin it dat de provinsje tyslike halten ynrjochtet dy’t dúdlik net optimaal binne? 2. Hoe nimt it kolleezje de ynwenners, ferienige yn pleatslik belang mei yn de syktocht nei it nije plak fan de halten? 3. Rekken hâldend mei it boppesteande; wit de wethâlder dat der noch oanpassings komme, lykas in sône mei in legere snelheid, snelheidferminderjende maatrigels, warskôgingsljochten of in sebrepaad? 4. Sa ja, hokker oanpassings binne dat dan? Wêr en wannear komme dy oanpassings dan? 5.
Sa nee, is de wethâlder ré om mei de deputearre Fokkens yn petear te gean oer dizze saak?
Graach in útwreide taljochting mei mûnlinge beandering yn de Rie fan 3 maart 2022
Yntsjinne nammens FNP Waadhoeke Hans Nauta