CConstaterende datwaadhoeke
Koppel je AI →
Document · PDF

FNP, CU,BBB, GB Motie Openbare toiletvoorzieningen verbeteren_hoge nood_20260112

Gemeenteraad Waadhoeke 2 juni 2026, gemeente waadhoekeBij agendapunt: Moties vreemd aan de orde van de dag408 woorden

Open het PDF bij de gemeente ↗Naar de vergadering →

Tekst van het document

Uit het bestand gehaald, zonder opmaak, tabellen en afbeeldingen

___________________________________________________________________________________ De moasje is: oannommen/fersmiten Foar stimmen: Tsjin stimmen: M O A S J E Moasje konfoarm artikel 29 fan it Reglemint fan oarder foar de gearkomst en oare wurksumheden fan de ried fan de gemeente Waadhoeke 2023. Underwerp: Waadhoeke nei in ynklusive en tagonklike toiletfreonlike gemeente De ried fan de gemeente Waadhoeke, yn gearkomste byinoar op 2 juny 2026 Konstatearjende dat: • Gemeente Waadhoeke op plak 154 fan de 342 gemeenten stiet op de ranglist fan meast toiletfreonlike gemeenten, mar mei in meager rapportcijfer fan 5; • Gemeente Waadhoeke in belied foar ynklúzje en diversiteit fiert, wêryn it meidwaan fan alle ynwenners sintraal stiet; • Foar in soad ynwenners en besikers, benammen minsken mei darm- en blaasproblemen, in skjin en goed fynber toilet binnen 500 meter fan grut belang is; • Ek minsken mei in fysike beheining, lykas rolstoelbrûkers, faak beheind gebrûk meitsje kinne fan besteande toiletfoarsjennings; • Dizze groepen folweardich meidwaan moatte kinne oan it maatskiplik libben; • Stichting HogeNood in wichtich platfoarm is foar it fynber meitsjen fan toiletten, mar dat tagonklikheid foar minsken mei in beheining dêr noch net struktureel genôch yn meinaam wurdt; • Ferbetteringen oan toiletfoarsjennings net allinnich dizze doelgroepen helpe, mar de hiele mienskip te’n goede

komme; Oerwaagjende dat: • In tagonklik, skjin en goed fynber toilet in basisfoarsjenning is; • Ynklúzje en gelikense tagong sichtber wurde moatte yn de iepenbiere romte; • De gemeente in wichtige rol hat yn regy, stimulearring en gearwurking mei ûndernimmers en ynstellings; • In strukturele ferbettering fan toiletfoarsjennings bydraacht oan leefberens, sûnens, gastfrijens en sosjale ynklúzje; Fersiket it kolleezje: 1. Te stribjen nei it ynklusy- en diversiteitsbelied te ferbinen oan it belied foar iepenbiere en iepenstelde toiletfoarsjennings; 2. It gemeentehûs fanút de foarbyldrol fan de gemeente iepen te stellen as iepenbiere toiletfoarsjenning en as earste ta te heakjen oan de App Hoge Nood. 3. In dúdlike en realisearbere mearjierrige ambysje fêst te stellen om Waadhoeke yn de kommende riedsperioaden struktureel heger te bringen op de ranglist fan toiletfreonlike gemeenten; 4. Yn kaart te bringen hoefolle iepenbiere en iepenstelde toiletten der binne en hoefolle dêrfan tagonklik binne foar minsken mei in beheining; 5. Yn gearwurking mei ûndernimmers, ynstellings en Stichting HogeNood it tal tagonklike en iepenstelde toiletten aktyf út te wreidzjen;

___________________________________________________________________________________ De moasje is: oannommen/fersmiten Foar stimmen: Tsjin stimmen: 6. De ried jierliks te ynformearjen oer de foarútgong op dit mêd; en giet oer ta de oarder fan de dei. Namme: Bert Vollema (FNP) Ut namme fan de fraksje(s) fan: FNP, CU, BBB, GB

De tekst is automatisch uit het bestand gehaald en kan afwijken van het origineel (kolommen, tabellen en koppen lopen door elkaar). Het officiële stuk bij de gemeente is leidend. Bron: https://waadhoeke.bestuurlijkeinformatie.nl/Document/LoadAgendaItemDocument/9d93ae72-c2d4-47ab-8e2a-12ed8b79bc52?agendaItemId=7bb4c5cd-5250-42c0-96a9-ff554e4cc433