CConstaterende datwaadhoeke
Koppel je AI →
Document · PDF

Bijlage 4 - Coalitieakkoord Waadhoeke 2026-2030 (Fries)

Gemeenteraad Waadhoeke 4 juni 2026, gemeente waadhoekeBij agendapunt: Vaststellen Coalitieakkoord6.477 woorden

Open het PDF bij de gemeente ↗Naar de vergadering →

Tekst van het document

Uit het bestand gehaald, zonder opmaak, tabellen en afbeeldingen

1 SAM • GEMEENTEBELANGEN • CDA KOÄLYSJE-AKKOART GEMEENTE WAADHOEKE 2026 -2030 HJOED DWAAN WAT MOARN FREGET

2 3 YNHÂLD Mei-inoar sterk foar Waadhoeke 5 Us ambysje 6 Oan de slach! Us plannen op fjouwer tema’s 9 • Romte om te libjen 11 • Eltsenien docht mei 14 • In duorsume takomst 19 • Waadhoeke meitsje we mei-inoar 24 FOAR DE ynwenners hjoed én foar de generaasje fan moarn Mei alles wat we dogge, drage we by oan in sterke en leefbere gemeente Koälysje-akkoart gemeente Waadhoeke 2026-2030 Wurd foarôf Mei-inoarwurkjen bringt ús fierder Op 18 maart 2026 hawwe SAM, Gemeentebelangen en CDA in breed mandaat krigen om mei-inoar ferantwurdlikens te nimmen foar it bestjoer fan Waadhoeke. Dat betrouwen wurdearje we bot. It jout ús enerzjy én in dúdlike opdracht. Mei ambysje en enerzjy wolle we it kommende tiidrek bouwe oan in sterke en takomstbestindige gemeente. Dêrby bouwe we fierder op it fûnemint dat, de ôfrûne jierren sûnt it ûntstean fan Waadhoeke, lein waard en sjogge tagelyk foarút. De wrâld feroaret hurd en freget om karren te meitsjen, mar ek om moed en om gearwurking. Wy wolle der wêze foar alle ynwenners fan Waadhoeke. Foar jong en âld. Yn stêd en doarpen. Ferbinen sjogge we as in wichtige opdracht. Wy wolle de mienskip fersterkje troch minsken, ideeën en inisjativen by inoar te bringen. Troch de ynbring fan eltsenien earnst te nimmen en gear te wurkjen. Sa komme we fierder. Wy sette yn op in mienskip dêr’t eltsenien kânsen yn kriget en nimmen op ‘e sydline stiet.

Wêr’t romte is foar talint, inisjatyf en ûntwikkeling. En wêr’t we soarchfaldich yn omgeane mei de fysike romt dy’t we mei-inoar diele. Mei each foar inoar en foar de generaasjes nei ús. By de formaasje hawwe we as trije partijen ynvestearre yn ûnderling betrouwen en yn gearwur- king. Dy dielde basis foarmet it útgongspunt fan dit akkoart dat ús plannen foar de kommende fjouwer jier beskriuwt. De maatskiplike opjeften binne grut en freegje om ambysje. Tagelyk binne we realistysk oer wat (finansjeel) kin. Wy meitsje in kar en bliuwe fleksibel yn in feroarjende tiid. Dêrom kieze we foar in akkoart op haadlinen, mei fokus op in oantal wichtige tema’s. Wy sjogge dernei út om mei-inoar oan ‘e slach te gean. Mei enerzjy, betrouwen en grutskens. Ut namme fan de fraksjes fan SAM, Gemeentebelangen en CDA. Hanna van der Werff (SAM), Douwe Kamstra (Gemeentebelangen) en Sietze Greidanus (CDA) waadhoeke Lit us hjoed dwaan wat moarn freget. 4 5 Mei-inoar sterk foar Waadhoeke Koälysje-akkoart gemeente Waadhoeke 2026-2030 Gemeente Waadhoeke stiet oan it begjin fan in nij riedstiidrek, mei in nije koälysje fan SAM, Gemeentebelangen en CDA. Mei 19 fan de 29 sitten drage we mei-inoar ferantwurdlikens foar it bestjoer fan ús gemeente. Dy ferantwurdlikens nimme we mei oertsjûging én mei de ambysje om mei-inoar resultaten foar Waadhoeke te boeken.

Wy wolle bouwe oan in iepen en konstruktive relaasje mei de gemeenterie as heechste bestjoersorgaan fan de gemeente. Wy sykje ek de gearwurking mei ynwenners, bedriuwen en organisaasjes. Want goed bestjoer meitsje we mei-inoar. Helder profyl as basis By de koälysjefoarming hawwe we wiidweidich stilstien by de wearden dy’t ús ferbine en de wize fan gearwurkjen. Wy leauwe dat in helder profyl de basis foarmet foar in súksesfol bestjoer. Yn dit haadstik beskriuwe we wêr’t we as koälysje foar steane. KOERSFÊSTENS Wy binne koersfêst. Wy witte wêr’t we hinne wolle. Us doelen jouwe hâldfêst, ek as de waan fan de dei om omtinken freget. Want grutte maatskiplike útdagings freegje fan ús dat wy sjogge nei de lange termyn. Mei alles wat we dogge, drage we by oan in sterke en leef- bere gemeente. Foar de ynwenners hjoed én foar de generaasje fan moarn. ENERZJY EN MOED Mei enerzjy en moed meitsje we hieltyd wer in kar. We doarre te fernijen. Dat betsjut dat we net fuortrinne foar útdagings. Wy binne ambisjeus sûnder oerdwylsk te wêzen. Wy binne net blyn foar maatskiplike ûntwikkelingen en nimme de ynbring fan oaren earnst. Wy harkje om echt te begripen en te ûnderfinen wat de oar fynt en driuwt. En hoe’t we dêrmei fierder of better kinne. GEARWURKING YN IEPENENS Wy binne der foar de minsken en steane midden yn ‘e mienskip. Ut iepenens en nijsgjirrigens wei sykje we nei de gearwurking.

Wy binne tagonklik, tichtby en lykweardich yn ús kontakt. It is ús oertsjûging dat eltsenien meidwaan kinne moat. En dat we út in dielde ferantwurd- likens wei mei-inoar mear berikke as elts foar him- of harsels. ROMTE Dêrom biede wy romte. Oan ynwen- ners, ûndernimmers en organisaasjes. Foar inisjativen en nije ideeën. Want krekt troch eksperimintearjen en learen komme we fierder. Dat betsjut ek dat we it inoar en oaren gunne om flaters te meitsjen. Dêrby binne we der fierder altyd dúdlik oer oant hoefier’t dy romte rikt. Oer wêr’t ús ferantwurdlikens ophâldt en dy fan oaren begjint. FERANTWURDLIKENS EN BETROUWEN Wy lizze út wat we dogge en wêrom. Dêrby binne we earlik oer de karren dy’t we makken en dúdlik oer wat der wol en net kin. Sa bouwe we stapke foar stapke oan it betrouwen fan minsken yn ús as oerheid. Hjir steane we foar: GOED BESTJOER MEITSJE WE MEI-INOAR 6 7 MEI-INOAR MEITSJE WE WAADHOEKE Koälysje-akkoart gemeente Waadhoeke 2026-2030 6 7 Us ambysje Untwikkelingen en kânsen Fierder bouwe betsjut ek dat der ynspile wurde moat op feroarings. Wy sjogge mear âlderein, minder jongerein, lytsere húshâldings en minder minsken op ‘e arbeidsmerk. Dat fernimme we bygelyks yn ‘e soarch, it ûnderwiis, op ‘e wenningmerk en arbeidsmerk. Njonken útdagings biede dy feroarings ek kânsen. Tink oan nije wenfoarmen, brede skoallen, ynnovaasje en digitale soarch.

Waadhoeke is in grutte gemeente mei in protte doarpen. De ôfstannen nei foarsjennings binne relatyf grut. Dat freget om goede berikberens, benammen foar minsken dy’t minder mobyl binne. Dêrom ferbetterje we ferbinings en pakke we ferkearsknipepunten oan. Yn Waadhoeke is der in knoarre wurk yn sektoaren lykas detailhannel, soarch, lânbou, yndustry en bou. In protte bedriuwen binne midden- en lytsbedriuwen of famylje- bedriuwen. Foar harren is it somtiden lestich om mei te bewegen mei feroarings. Dêrom sette we yn op ynno- vaasje en in duorsume ekonomy. De romte, it lânskip en de Waadkust meitsje Waadhoeke oantreklik. Wy wolle wenje, wurkje en libje. Wy koesterje it grien om ús hinne. Troch it meitsjen fan tûke karren kombinearje we dy winsken sa goed mooglik en fersterkje we de libbensomjouwing. De krêft fan Waadhoeke sit yn ‘e doarpen en wiken. Ynwenners binne belutsen en sette harren yn foar harren omjouwing, bygelyks fia ferienings, frijwilligerswurk of mantelsoarch. Tagelyk bliuwe foarsjennings, winkels en ferienings net út harren sels bestean. En ek alle ynwen- ners dogge noch net mei. Dêr geane we mei oan de slach. Wy sjogge kânsen yn nije foarmen fan gearwur- king en lokale inisjativen, lykas multyfunksjonele moe- tingsplakken, om de leefberens op peil te hâlden. De kommende jierren benutte we kânsen om Waad- hoeke te fersterkjen.

Wy soargje foar passende wenten, in krêftige ekonomy en in libbensomjouwing dy’t klear is foar de takomst. Fierder hâlde we foarsjennings berikber, soargje dat eltsenien meidwaan kin en stypje de krêft fan doarpen en wiken. Nei it fêststellen fan dit koälysje-akkoart wurde ús plannen fierder útwurke yn in kolleezjeprogram. Foar in oantal ûnderwerpen hawwe we konkrete ôfspraken makke. Dy bringe we yn dit akkoart yn aparte ramten yn byld. It is goed wenjen, wurkjen en libjen yn Waadhoeke. Ynwenners binne oer it algemien tefreden mei harren libben en fiele harren feilich. De mienskip is sterk. Yn doarpen en wiken sette minsken harren aktyf yn foar harren omjouwing. Dat is in krêft dêr’t we grutsk op binne. Dêr bouwe we fierder op. Fjouwer tema’s Wy bouwe fierder oan in gemeente dêr’t it ek yn ‘e takomst foar eltsenien goed wenjen, wurkjen en libjen is. Dat dogge we op fjouwer tema’s dy’t we yn dit koälysje-akkoart op haadlinen beskriuwe: 1. Romte om te libjen beskriuwt ús plannen foar wenjen, berikberens en in feilige en oantreklike libbensomjouwing. 2. Eltsenien docht mei beskriuwt ús plannen foar soarch, wolwêzen, sport, kultuer en it sosjaal domein. 3. In duorsume takomst beskriuwt ús plannen foar ekonomy, ûnderwiis en duorsumens. 4. Mei-inoar meitsje we Waadhoeke beskriuwt hoe’t we bestjoere, gearwurkje en ús posysje fersterkje.

8 9 Oan de slach! ÚS PLANNEN OP FJOUWER TEMA’S Koälysje-akkoart gemeente Waadhoeke 2026-2030 10 11 Koälysje-akkoart gemeente Waadhoeke 2026-2030 Romte om te libjen Libbensomjouwing yn balâns Wy bouwe oan in gemeente dêr’t it noflik wenjen, wurkjen en libjen is. Yn in sûne en leefbere omjouwing mei doarpen en wiken dêr’t we grutsk op binne. Wy koesterje in weardefol lânskip dêr’t lânbou en natuer mei-inoar yn yn balâns binne. Dêrom wurdt by it meitsjen fan in romtlike kar altyd mei it gehiel rekken hâlden en mei each foar de takomst. Wy wolle ynwenners en bedriuwen safolle mooglik dúdlikens en gemak biede as der in kar oer de fysike libbensomjouwing makke wurdt. Grutte romtlike ûntwikkelingen weagje we yntegraal ôf. Wy belûke ek ynwenners op ‘e tiid by plannen dy’t harren libbens- omjouwing reitsje. Dêrnjonken ynvestearje we yn in oantreklike libbens- omjouwing mei genôch romte foar grien. Lânskiplike eleminten en natuerlike wearden behâlde en fersterkje we ûnder oaren mei help fan it Omjouwingsplan. By ynwreidingslokaasjes hawwe we each foar kwets- bere gebouwen en karakteristike plakken en sykje we nei passende nije funksjes. Hjir sette we de kommende fjouwer jier ekstra op yn: • Wy stribje nei it ferminderjen fan de regeldruk. • Wy hâlde ‘Verken jouw idee’ yn stân sadat inisjatyfnim- mers rap witte oft harren doel kânsryk is.

Dêrby ûnder- sykje we de mooglikheid om leezjes te heffen dy’t by fergunningsferliening yn mindering brocht wurde. In flotte earste sken soe dêrby neat kostje moatte. • Wy geane soarchfâldich mei de romte om. Wy kieze foar ynwreiding wêr’t it kin en útwreiding wêr’t it moat. • By útwreiding fan wenjen en bedriuwigens soargje we foar genôch griene buffers. • Wy steane posityf foar inisjativen foar in natuerbegraafplak yn Waadhoeke oer. Betelber en passend wenjen De kommende jierren bliuwt de fraach nei wenten yn Waadhoeke grut. Oant 2035 binne sa’n 1.100 ekstra wenten nedich. Dêrom bouwe we betelbere en passen- de wenten yn sawol de stêd as ek yn ús doarpen. Dêrby hawwe we each foar leefberens, duorsumens en de oanwêzigens fan foarsjennings. Wy pakke ús rezjyrol mei in folkshúsfestingprogram dêr’t we yn stjoere op oantallen, lokaasjes en doelgroepen. Dêr fiere we in aktyf grûnbelied by en soargje we foar genôch kapasiteit en middels om wenningbou te reälisearjen. Wy fiere de bou fan betelbere wenten op. Dêrby sette we yn op op syn minst 30% sosjale hier en twa tredde betelber yn ‘e nijbou-opjefte. Dêrnjonken ferbetterje we it wenoanbod foar spesifike doelgroepen. Wy stypje begjinners by it finen fan in wen- ning. Wy meitsje ek mear libbensrinbestindige wenten mooglik. Sa kin de âlderein langer selsstannich yn harren eigen omjouwing wenjen bliuwe.

Hjir sette we de kommende fjouwer jier ekstra op yn: • Wy monitoarje ús erfpachtpilot en nimme op grûn dêrfan in beslút oer fierdere ynset. • Wy ferkenne en stimulearje de ynset fan fleksibele wenten. • Wy steane posityf foar inisjativen foar wenfoarmen oer wêrby’t wenjen en soarch kombinearre wurde. • Wy benutte besteande gebouwen better troch werbestimming, wentesplitsing en erfsplitsing. Wy pakke ek leechstân en fertutearze gebouwen oan. Wy bouwe oan in feilige, berikbere en oantreklike libbensomjouwing. Mei passende wenten, tûke ynrjochting en omtinken foar feiligens soargje we foar leefbere doarpen en wiken. Utljochte Soarchfâldich fierder mei Vliet-Tuinen Fan in bedriuwsterrein in oantreklike wenomjou- wing meitsje. Dat is it doel fan de ûntwikkeling fan de wyk Vliet-Tuinen yn Frjentsjer. It bestimmingsplan ‘Franeker – Tuinen en Vliet’ is yn 2025 troch de gemeenterie fêststeld. Fanwegen in beropsproseduere leit it plan op ‘t stuit ta beoardieling by de Rie fan Steat. De útspraak yn dy proseduere bepaalt it ferfolch fan it projekt. Oant dan dogge we gjin nije tasiz- zings of útspraken oer de ynhâld fan it plan. Nei de útspraak binne der twa mooglike rjochtings: it bestimmingsplan bliuwt yn stân of moat op ûnderdielen oanpast wurde. Yn beide gefallen pakke we it ferfolch soarchfâldich op.

Dat dogge we mei each foar de kwaliteit fan de libbensom- jouwing en in goede ynpassing yn it gebiet. Wy fine it wichtich om op ‘en nij yn petear te gean mei bewenners. Wy sette yn op it repa- rearjen fan betrouwen en it ferbetterjen fan de kommunikaasje. Dêrby benutte we ûnder oaren it rinnende ferkearskundich ûndersyk nei berikberens, ferkearsfeiligens en parkearen. Wy ynvestearje yn in oantreklike libbensomjouwing mei genôch romte foar grien 12 13 Feilich wenjen en wurkjen Wy wolle dat ynwenners en ûndernimmers harren feilich fiele kinne. En wy hannelje wêr’t soks nedich is. Wy pak- ke ek ûnfeilige plakken en situaasjes doelrjochte oan. Hieltyd faker wurde leechsteande loadsen en gebou- wen brûkt foar ûnderminende aktiviteiten. Wy sette yn op it tsjingean fan organisearre en ûnderminende kriminaliteit. Dat dogge we troch gear te wurkjen mei regionale partners, sinjalen aktyf op te pakken en goed gebrûk te meitsjen fan beskikbere ynstruminten, lykas de Algemene Plaatselijke Verordening (APV). Wy nim- me ek diel oan Meld Misdaad Anoniem. Mei it projekt Cybersûn meitsje we ynwenners en bedriuwen mear striidber tsjin digitale kriminaliteit. Wy pakke jongereinoerlêst oan en foarkomme dat jongerein ôfglidet rjochting kriminaliteit. Dêrby wurkje we nau gear mei plysje en jongereinwurk en sette we yn op betide sinjalearring en jongereinprevinsje.

Dêrnjonken bliuwe we alert op it beskermjen fan de demokratyske rjochtssteat, ûnder oaren troch kennis en bewustwurding binnen ús organisaasje en by partners te fersterkjen. Flot en berikber ûnderweis Ynwenners, ûndernimmers en besikers moatte harren flot en feilich troch ús gemeente ferpleatse kinne. Dêrom meitsje we wurk fan feilich, betrouber en duor- sum ferkear en ferfier foar eltsenien. Wy ynvestearje yn ferkearsfeiligens, berikberens en duorsume mobiliteit. Dêrby hâlde we each foar leefberens yn doarpen en wiken. Wy ferbetterje de ferkearsfeiligens troch ús mobiliteits- fisy wêr’t soks mooglik is flotter út te fieren. Wy soargje foar in dúdlike en werkenbare ynrjochting fan diken en in logyske kombinaasje fan ferkearsstreamen. Sa is it foar ferkearsdielnimmers fuortendaliks dúdlik hokker gedrach oft der ferwachte wurdt. Dêrnjonken hâlde we it fytsnetwurk op oarder troch besteande fytspaden te ûnderhâlden en te ferbetterjen. Doarpen en wiken hâl- de we berikber. Sa komme we ûnlogyske ôfslutings en omrydrûtes tefoaren. Wy soargje foar mear iepenbiere laadpeallen. Iepenbier ferfier bliuwt wichtich foar de berikberens fan ús gemeente. Dêrom bliuwe we yn petear mei doarpen en wiken oer it ferlet fan iepenbier ferfier. Wy stypje ek inisjativen foar nije foarmen fan ferfier en dielmobiliteit.

Koälysje-akkoart gemeente Waadhoeke 2026-2030 Wy meitsje wurk fan feilich, betrouber en duorsum ferkear en ferfier foar eltsenien Utljochte Ferbettering rûnwei Frjentsjer Wy wolle de rûnwei fan Frjentsjer ferbetterje. We sjogge dêrby kânsen om dat gebiet te ûnt- wikkeljen ta in foarbyldprojekt dêr’t berikberens, ferkearsfeiligens en romtlike kwaliteit hân yn hân yn geane. De rûnwei en Oud Kaatsveld binne krúsjaal foar de berikberens fan Frjentsjer, mar soargje no foar knipepunten yn trochstreaming, ferkearsfeiligens en leefberens. Mei de bou fan mear wenten yn Frjentsjer-Súd en de bou fan nije skoallen yn it gebiet Bloemketerp nimme de swierrichheden allinnich mar ta. Yn ‘e kommende fjouwer jier pakke we dy opjefte fêstberet oan. Wy wolle trije wichtige ferkearsknipepunten oplosse: • Bloemketerp kriget in feilige ûntsluting fia de eastlike rûnwei passend by it oantal bern dat dêr nei de bou fan de skoallen gebrûk fan makket, bygelyks by it oerstekken. • Op Oud Kaatsveld warre we frachtferkear. • De westlike rûnwei rjochtsje we op termyn sa yn dat it frachtferkear better trochstreame kin én der tagelyk in oantreklike omjouwing ûntstiet. Hjir sette we de kommende fjouwer jier ekstra op yn: • Wy meitsje de fytssneldyk F31 tusken Ljouwert en Harns ôf en losse restearjende knipepunten op. Dêrby sykje we ko-finansiering by de Provinsje Fryslân en it Ryk.

• Wy pakke it knipepunt yn it sintrum fan Sint-Anne oan. • Wy aktualisearje de mobiliteitsfisy en de nota parkear- noarmen. Dêrby hawwe we omtinken foar de tanim- mende parkeardruk, ûnder oaren yn Sint-Anne, by sporthal De Trije yn Frjentsjer en by de treinstasjons yn Frjentsjer en Dronryp. • Wy stelle in yntegraal mobiliteitsplan foar Frjentsjer op. • Wy ûndersykje it ferlet oan in ekstra jûnstrein of lette busferbining mei Ljouwert yn it wykein en begjinne by foldwaande ferlet mei in pilot. • By ûnderhâld fan ynfrastruktuer kieze we foar duorsume materialen mei in langere libbensdoer en legere ûnderhâldskosten.

14 15 Koälysje-akkoart gemeente Waadhoeke 2026-2030 Eltsenien docht mei In krêftige sosjale basis foar eltsenien Yn Waadhoeke kinne ynwenners op inoar én op de gemeente rekkenje. Eltsenien moat de romte krije om mei te dwaan, harren te ûntwikkeljen en sa selsstannich mooglik te libjen. Wy sjogge dêrby nei wat minsken sels kinne, wat se mei-inoar dogge en wêr’t stipe nedich is. Wy steane foar in minskwurdich, feilich en gastfrij bestean. Foarkommen is better as genêzen. Dêrom sette we yn op previnsje. Wy wurkje oan sterke doarpen en wiken, dêr’t moeting, ferbining, meidwaan, sûn iten en bewegen de sosjale basis foarmje. Leechdrompelige, frij tagonklike foarsjennings soargje derfoar dat ynwen- ners tichteby hûs stipe fine, foardat profesjonele soarch nedich is. Ferienings, kultuer en wolwêzeninisjativen binne dêrby ûnmisber. Ynwenners dy’t soarch of stipe nedich hawwe, kinne dy ienfâldich oanfreegje. Eltsenien dy’t wurkje kin, moat dy stap meitsje kinne. Us ynwenners ûnderfine genôch finansjele besteanswissens om sûn en kânsryk te libjen. Hjir sette we de kommende fjouwer jier ekstra op yn: • Wy meitsje in ienfâldige rûtekaart, sadat ynwenners witte wêr’t se mei fragen oer soarch, wolwêzen en wurk terjochte kinne. Foar regelingen en foarsjennings kinne ynwenners terjochte by ien loket. • It doarpe- en wikefûns wurket tige goed en bliuwt de kommende fjouwer jier bestean.

• Boargerinisjativen wurde behannele mei it útgongs- punt ‘ja, mitsdat’. Der is in fêst oansprekpunt dat inisjatyfnimmers stipet. • Wy ferkenne útwreiding fan de oanpak fan De Opstap nei oare doarpen en wiken. • Wy fersterkje en boargje de gearwurking tusken ûnder- wiis, ûndernimmers en oerheid fia it sosjaal-ekonomysk aksjeprogram Het Goud van Noordwest. • Wy ferlingje de pilot Groeituin yn Wier mei in jier. Wy sjogge Groeituin begjinnend by 2028 as in basisfoarsjenning fan Empatec. • Wy biede maatwurkbegelieding oan ynwenners dy’t út de bystân wei oan it wurk geane, om ûnwissigens, stres en tebekfal foar te kommen. • Wy fersterkje de gearwurking mei húsdokters fia de akkounthâlder eksterne ferwizers en de praktykstipers GGZ-jongerein. • Wy nimme ús ferantwurdlikens by it útfieren fan de Spriedingswet. Sport en bewegen Alle ynwenners fan Waadhoeke moatte sporte en bewege kinne, ûnôfhinklik fan âldens, ynkommen of beheining. Sport en beweging drage by oan sûnens, moeting en de leefberens yn ús doarpen en stêd. Dêrom ynvestearje we fierder yn in krêftige basis. Dat dogge we likegoed by ferienings as op skoallen, bygelyks troch it ynsetten fan de regisseur Jongeren Op Gezond Gewicht (JOGG). Wy stypje sportferienings en oare sportoanbieders en stimulearje gearwurking, bygelyks fia TeamFRL.

Dêrby is der omtinken foar Fryske en streeksporten, lykas keatsen en fierljeppen, ûnder oaren fia skoalprojekten. Yn Waadhoeke moat eltsenien meidwaan kinne. Likefolle oft it no soarch, sport, kultuer of moeting oanbelanget. Wy bouwe oan in mienskip dêr’t minsken nei inoar yn omsjogge en kânsen krije. Wy steane foar in minskwurdich, feilich en gastfrij bestean

Koälysje-akkoart gemeente Waadhoeke 2026-2030 | 2026-20230 Wy fiere it akkommodaasjebelied út fia it Omgevings- | stimulearjen. Taal en meartaligens sjogge we as krêft en programma Accommodaties. Wy sjogge nei klustering | hannelsmerk fan Waadhoeke. Dêrom stimulearje we it en keppelkânsen tusken foarsjennings, mei behâld | brûken fan Frysk, Biltsk, Frjentsjertersk en Nederlânsk by fan wichtige funksjes yn ús doarpen. By ferfanging fan | kultuer, eveneminten, ekonomy en yn kommunikaasje sportfjilden folgje we dat belied ek. | fan de gemeente. Hjir sette we de kommende fjouwer jier ekstra op yn: | Hjir sette we de kommende fjouwer jier ekstra op yn: • | Wy begjinne in pilot Gratis Aktyf rjochte op ynwenners | • | Wy wolle de kultuerhistoaryske ferhalen fan fan 65 jier en âlder. | Waadhoeke better fertelle, bondelje en útdrage. • | It swimbad op Bloemketerp yn Frjentsjer wurdt dizze | Dat dogge we ûnder oaren mei help fan Visit bestjoersperioade iepene. | Noardwest Fryslân. • | Wy sette ús maksimaal yn foar it behâld fan in | • | Wy omearmje de nije koers fan teäter De Koornbeurs takomstbestindige swimfoarsjenning yn Sint-Anne. | en stelle de besteande middels binnen de hjoed- • | Wy ikerje op ‘e nij it sportbelied op yntegraal belied | deiske ôfspraken dêrfoar ek fierder noch beskikber. foar sport en bewegen.

Mei ekstra omtinken foar | Dêrnjonken moedigje we gearwurking mei oare (griene) boartersplakken en bewegen yn ‘e | organisaasjes, hoareka en it Koninklijk Eise Eisinga iepenbiere romte. | Planetarium oan om nije kânsen te kreëarjen. • | Foar de kultuersektor yn Waadhoeke jildt: ynnova- | TAAL EN tive takomstbestindige plannen dy’t fuortkomme út | MEARTALIGENS Kultuer en erfgoed as krêft | gearwurking, beoardielje we op helberens. Dêrfoar | SJOGGE WE AS KRÊFT EN fan Waadhoeke | is allinnich ynsidintele finansjele stipe - mocht dat | HANNELSMERK FAN Kultuer, taal en erfgoed drage by oan de identiteit, | nedich wêze - mooglik. | WAADHOEKE sosjale gearhing en leefberens fan Waadhoeke. | • | Wy geane yn petear mei Seewyn Kunsteducatie oer Kultuer spilet dêrnjonken in wichtige rol yn ‘e persoan- | de gearwurking mei amateurferienings, wêrby’t socht like ûntwikkeling en it wolwêzen fan minsken. Dêrom | wurdt nei oansluting by it ferlet fan dy ferienings. ynvestearje we yn in sterke en tagonklike kulturele | De gearwurking moat binnen it besteande budzjet ynfrastruktuer. | ferbetterje. • | Wy sette it belied foar Frysk, Biltsk, Frjentsjertersk en | ûnder oaren troch te ynvestearjen yn rekreätive kuier- en Wy behâlde en fersterkje kultuer en erfgoed. Wy fiere it | Nederlânsk fuort. | fytsrûtes.

Wy stypje ek eveneminten dy’t bydrage oan fêststelde erfgoedbelied út en soargje derfoar dat de | • | Wy geane troch mei de taalkampanje. Yn 2028 biede | de libbenens fan ús gemeente. By einbeslút wolle we basis op oarder is. Dat dogge we ûnder oaren mei in | taal en kultuer ekstra kânsen, omdat yn dat jier ûnder | besikers langer oan ús regio bine mei in fariëarre en erfgoedregister, it yn kaart bringen fan kultuerhistoarys- | oaren 10 jier gemeente Waadhoeke en 175 jier PC | duorsum oanbod. ke wearden en it beskermjen fan gemeentlike monu- | fierd wurde. | Utljochte minten. Waadhoeke beskikt oer in bysûnder bestân oan | Hjir sette we de kommende fjouwer jier ekstra op yn: | Gratis Aktyf yn Waadhoeke histoaryske tsjerkoargels. Yn oparbeidzjen mei it oargel- | • | Wy ferbetterje it rekreätive rûtenetwerk, bygelyks fia fjild soargje we foar mear bekendheid en it brûken fan | Gastfrij genietsjen yn Waadhoeke | boerelânpaden, doarpsompaadsjes en farrûntsjes. | Gratis Aktyf Waadhoeke is in inisjatyf fan de dy oargels, bygelyks fia in oargelrûte troch Waadhoeke.

| Wy bouwe oan in duorsume gastfrijheidssektor dy’t | • Wy ferleegje de regeldruk foar eveneminte-organisaas- | gemeente Waadhoeke, yn oparbeidzjen mei Wy ynvestearje fierder yn it ferbetterjen fan de tagonkli- | bydraacht oan de leefberens, kultuer, natuer en lokale | jes troch yn te setten op mearjierrige subsydzjes en | Stichting Seewyn Kunsteducatie en Stichting Sport kens fan erfgoed, ûnder oaren troch de digitalisearring | ekonomy fan Waadhoeke. De Waadsee en it Plane- | fergunnings. | Fryslân. Mei dat program kriget jongerein fan 12 derfan. | tarium fan Eise Eisinga (beide UNESCO Wrâlderfgoed) | • | Wy stribje nei mear oernachtingsmooglikheden yn | oant en mei 23 jier de kâns om leechdrompelich biede grutte kânsen foar rekreaasje en toerisme. | Waadhoeke. De ekstra ynkomsten út in ferheging fan | en sûnder kosten yn beweging te kommen. Dêrnjonken ynvestearje we yn in sterke kulturele basis | de toeristebelesting ynvestearje we foar in part op ‘e troch gearwurking tusken kulturele organisaasjes, | Wy soargje foar in oantreklike en ‘te belibjen’ omjou- | nij yn ‘e sektor | Wy kontinuearje Grats Aktyf Waadhoeke. amateurferienings en profesjonele ynstellingen te | wing likefolle foar ynwenners as besikers. Dat dogge we | De pilot ferlingje we oant en mei 2028. Healwei 2027 evaluearje we it inisjatyf. Op basis dêrfan bepale we hoe’t we nei 2028 fierder geane.

Dielnimming bliuwt yn alle gefallen sûnder finan- sjele drompel. Sa meitsje we sport en kultuer foar eltsenien tagonklik en stimulearje we in aktive, sûne en enerzjike generaasje. 16 | 17 18 19 Koälysje-akkoart gemeente Waadhoeke 2026-2030 Wy bouwe oan in krêftige, takomstbestindige en ûndernimmende ekonomy Ondernimmen mei romte foar waaksen Wy bouwe oan in krêftige, takomstbestindige en ûnder- nimmende ekonomy. Mei romte foar ynnovaasje, duor- sume wurkgelegenheid en ekonomyske waaksdom. Wy stimulearje gearwurking tusken ûndernimmers, ûnderwiis, oerheid en ynwenners. Sa kinne bedriuwen harren ûntwikkelje en krije alle ynwenners de kâns om mei te dwaan op de arbeidsmerk. Wy sette yn op takomstbestindige bedriuwigens. Wy stimulearje bedriuwen om te ynvestearjen yn ferduorsuming, ynnovaasje en gearwurking, bygelyks op bedriuwsterreinen. Dêrby is omtinken foar kollektive oplossings foar netkrapte, fergriening en sirkulariteit. Wy soargje ek foar genôch beskikbere bedriuwskavels yn Frjentsjer en leverje maatwurk yn ‘e rest fan de gemeente. Dêrnjonken wurkje we oan in sterk ûndernim- mingsklimaat en winne we nije bedriuwen om harren yn ús gemeente te fêstigjen. Fitale winkelgebieten sjogge we as úthingboerd en moetingsplak fan ús gemeente. Dêrom stypje we winkel- gebieten yn Frjentsjer en Sint-Anne fierder mei help fan sintrummanagement en oanjagers dy’t gearwurking fersterkje.

By einbeslút fersterkje we de gearwurking tusken ûnderwiis, ûndernimmers en oerheid. Fia inisjati- ven lykas Het Goud van Noordwest bringe we partijen byinoar en stimulearje we ûnder oaren banebeurzen en inisjativen foar jongerein dy’t út byld driigje te reitsjen. Hjir sette we de kommende fjouwer jier ekstra op yn: • Wy ferbetterje de gemeentlike tsjinstferliening oan ûndernimmers. Sa hawwe we omtinken foar ús kommunikaasje en we meitsje prosessen ienfâldiger en oersichtliker. • Wy wolle it Raadhuisplein yn Frjentsjer ûntwikkelje ta in oantrekliker gebiet om ta te hâlden. • Wy ûndersykje mooglikheden om leechsteande en fertutearze gebouwen yn winkelgebieten oan te pakken. • Wy bringe sosjale doelgroepen, lykas ynwenners fan it asylsikerssintrum en statushâlders, yn kontakt mei ûndernimmers yn ‘e regio. • Wy fiere it fêststelde belied foar húsfesting fan arbeidsmigranten út en sette der faasje efter as soks mooglik is. In duorsume takomst Wy bouwe oan in takomstbestindige gemeente. Mei in krêftige ekonomy, goed ûnderwiis en in sûne libbensomjouwing yn balâns mei natuer en miljeu. Sa soargje we ek goed foar de generaasjes nei ús.

20 21 In sterke lânbou yn balâns mei lânskip en natuer Feefokkerij, lânbou en glêstúnbou binne fan grutte betsjutting foar Waadhoeke. Yn oparbeidzjen mei gruthannel, yndustry en leveringsbedriuwen foarmet de lânbou in wichtige motor fan ús ekonomy. Tagelyk stea- ne we foar grutte útdagings, tink oan nije regeljouwing, klimaatferoaring en it sâlt wurden fan de grûn. Dêrom bouwe we oan in krêftige lânbousektor mei takomst. In sektor dy’t duorsum ferbûn is mei lânskip, natuer en de mienskip. Us fisy en ambysjes lizze we fêst yn it omjou- wingsprogram lanlik gebiet. Dêryn besteegje we ûnder oaren omtinken oan de iepenens fan it lânskip. Hjir sette we de kommende fjouwer jier ekstra op yn: • Wy stimulearje agrarysk natuerbehear. Dat dogge we yn gearwurking mei agraryske kollektiven. • Wy befoarderje duorsume en natuerynklusive lânbou. • Wy stypje de koarte keat en fergrutsje de bekendheid dêrfan. • Wy organisearje struktureel oerlis mei agraryske en natuerorganisaasjes. • Wy sette de bestimmingsreserve Ontwikkelfonds ek yn foar projekten op it mêd fan bioferskaat en lânbou. Duorsum foarút: energzjyneutraal en sirkulêr Wy wolle as gemeente it goede foarbyld jaan yn duorsum hanneljen en wurkje ta nei in enerzjyneutrale gemeente yn 2040. Mei de duorsumensaginda geane we ûnfermindere fierder. By alles wat we dogge, nimme we sirkulariteit as útgongspunt.

Wy wurkje de kommende jierren op trije spoaren: Oars mei enerzjy omgean betsjut dat we net mear enerzjy ferbrûke as dat we sels duorsum opwekje. Wy stypje enerzjykoöperaasjes en ûndersykje mienskip- like eigendomsmodellen foar opwekjen en opslach. Wy evaluearje ek de enerzjygearwurking op bedriuws- terreinen, lykas kollektive batterijen, sinnepanielen, wyn en tûke stjoering. Wy sette yn op ynnovaasje en stribje nei emisjeleaze ynfrastrukturele projekten. Wy wurkje net mei oan it fêstigjen fan datasintrums. Oars mei natuer omgean betsjut dat we ekologyske wearden behâlde en fersterkje. Dat dogge we bygelyks troch griene inisjativen fan ynwenners te stypjen. Wy geane fierder mei it ûndersyk nei it sâlt wurden fan de grûn. Koälysje-akkoart gemeente Waadhoeke 2026-2030 Oars mei grûnstoffen omgean betsjut dat we ynsette op ôffalskieding, bewustwurding, ôffalprevinsje en risaikling. It kommende tiidrek wolle we ynwenners bewust meitsje fan de mooglikheden dy’t der binne om ferantwurde te konsumearjen. Hjir sette we de kommende fjouwer jier ekstra op yn: • Wy ûndersykje de mooglikheden om in eigen gemeentlik waarmte- en enerzjybedriuw op te setten, yn gearwurking mei lokale koöperaasjes. • By projekten yn ‘e iepenbiere romte hawwe we ekstra omtinken foar fergriening en klimaatadaptaasje. • Wy optimalisearje ôffalskieding, bewustwurding, ôffalprevinsje, ferwurking en risaikling.

Dêrby sjogge we ek nei de mooglikheid fan Diftar. Utljochte Op ‘en paad nei in energzjyneutrale Waadhoeke Wy wolle dat Waadhoeke yn 2040 energzjyneu- traal is. Dat betsjut dat we alle enerzjy dy’t we brûke duorsum opwekje. Wy geane dêrby fierder op de koers dy’t de ôfrûne jierren ynsetten is. De gemeente hat it ôfrûne tiidrek wurke oan it klimaatlânskip. Yn de fierdere útwurking en op grûn fan opdiene ynsichten kieze we derfoar om dat projekt ûnderdiel te meitsjen fan it Gebieds- proces Duurzaam Waadhoeke. Dêrby sjogge we mei klam breder as allinnich it sykgebiet by Seis- bierrum. Yn dat proses bringe we enerzjy, natuer, wetter en libbensomjouwing byinoar. Dat helpt ús om goede, gearhingjende karren te meitsjen, de gearwurking te fersterkjen en ynwenners aktyf te belûken. Wy soargje der boppedat foar dat op syn minst 60% fan de opbringsten fan duorsume enerzjy te’n goede komt oan ús ynwenners, mei ekstra omtinken foar de doarpen dy’t de measte ympekt ûnderfine. De enerzjy dy’t we yn 2040 brûke, moat duorsum opwekke wêze. Wy geane op ‘e siik nei logyske lokaasjes foar opwekjen en opslach fan enerzjy, rjochte op it yn balâns bringen fan fraach en oanbod fan enerzjy. Nije ûntwikkelingen lykas bio- enerzjy, SMR en akwatermy hâlde we yn ‘e kuer. Tagelyk sette we stabyl yn op enerzjybesparring, mei as doel it folsleine enerzjygebrûk mei likernôch in tredde te ferminderjen.

Inisjativen fan enerzjykoöperaasjes stypje we, mitsdat dy goed passe by de omjouwing en de mienskip. Dêrnjonken ferbetterje we de kommuni- kaasje en it kontakt mei ynwenners, sadat plannen dúdlik binne, soargen earnst nommen wurde en it draachflak fergrutte wurdt.

22 23 Kânsen foar alle talinten Yn Waadhoeke kriget eltsenien gelikense kânsen om him of har te ûntwikkeljen. Bern, jongerein en folwoek- senen moatte harren talinten ûntdekke en benutte kinne. Underwiis, berne-opfang, soarch, wolwêzen en de lokale ekonomy wurkje dêrby nau gear. Sa bouwe we oan in krêftige basis foar persoanlike waaksdom en de takomst fan ús regio. Underwiis fynt plak yn takomstbestindige, feilige en duorsume gebouwen. Wêr’t soks mooglik is kombinear- je we funksjes, sadat skoallen bydrage oan krêftige en leefbere kearnen. De kommende jierren reälisearje we nije skoalgebouwen op Bloemketerp, yn Menaam en yn Winsum. Wy sette yn op gelikense ûntwikkelkânsen. Wy stypje dêrom inisjativen lykas Waadkracht. Wy subsidiearje ek programs foar kultuer, natuer, sport en meartaligens. Dêrnjonken fersterkje we de oansluting tusken ûnderwiis en arbeidsmerk. Hjir sette we de kommende fjouwer jier ekstra op yn: • Wy stimulearje ynnovatyf ûnderwiis, lykas de Einsteinclass, it lear-wurkplein en technykûnderwiis. • Wy stypje skoallen dy’t wurkje oan ynklusyf ûnderwiis. • Wy stelle in nij yntegraal húsfestingsplan Underwiis fêst. Dêrby is der ek omtinken foar griene skoalpleinen, yntegrale bernesintrums en krêftige doarpsskoallen. • Wy sette de gearwurking tusken ûnderwiis, ûndernim- mers en oerheid fia Het Goud van Noordwest fuort.

In normaal en sûn libben Alle ynwenners fan Waadhoeke krije de kâns om fearkrêftich, wjerstânskrêftich, kânsryk en sûn op te waaksen, te libjen en sûn âlder te wurden. Wy meitsje de beweging fan soarch nei sûnens en wurkje fierder út it tinken wei fan positive sûnens: fan sykte en soarch nei gedrach, sûnens en wolwêzen. Wy stelle in nije nota sûnensbelied fêst en weagje sûnens struktureel mei yn alle domeinen fan belied en útfiering (Health in All Policies). Wy soargje tagelyk ek foar in sûn begjin foar bern fia de trochûntwikkeling fan de keatoanpak Kansrijke Start. Dêrnjonken rjochtsje we ús fierder op it tefoarenkommen en tebekkringen fan oergewicht. Wy stimulearje in sûne en aktive libbensstyl en sette yn op previnsje fan gebrûk fan ferslaavjende middels. Tagelyk fersterkje we de mentale sûnens, ûnder oaren troch it fuortsetten en wêr’t soks mooglik is útwreidzjen fan Welzijn op Recept. Wy hawwe ek omtinken foar fitaal âlder wurden. Wy wurkje fierder oan in deminsjefreonlike gemeente en stimulearje moetings en beweging. Ta beslút soargje we foar in libbensomjouwing dy’t útnûget ta bewegen, boartsjen en moetsjen. Hjir sette we de kommende fjouwer jier ekstra op yn: • Wy fiere Opgroeien in een Kansrijke Omgeving (OKO) yn.

Dy Iislânske oanpak rjochtet him op it tefoaren kommen fan alkohol-, drugs- en tabaksgebrûk troch jongerein troch in libbensomjouwing te bieden dêr’t se lokkich en sûn yn opwaakse kinne. • Wy ûndersykje de mooglikheden om earstelinesoarch tichteby te fasilitearjen. • Wy meitsje konkreet wurk fan ús ambysje: Waadhoeke is in ynklusive gemeente. Wy evaluearje it hjoeddeiske antydiskriminaasjebelied en de útfie- ringsaginda ynklúzje en ferskaat 2023–2025. Op grûn dêrfan stelle we nij ynklúzje- en diversiteitsbelied op, mei dêryn in Lokale Ynklúzje-Aginda rjochte op bettere tagonklikens. Koälysje-akkoart gemeente Waadhoeke 2026-2030 Yn Waadhoeke kriget eltsenien gelikense kânsen om him of har te ûntwikkeljen

24 25 Koälysje-akkoart gemeente Waadhoeke 2026-2030 Waadhoeke meitsje we mei-inoar In gemeente ticht by syn ynwenners Wy steane foar in betroubere, begryplike en tagonklike oerheid foar eltsenien. In protte giet goed en tagelyk sette we troch mei it ferbetterjen fan ús tsjinstferliening en ús hâlden en dragen rjochting klanten. Ein 2025 hawwe we ús fyzje op tsjinstferliening aktualisearre. Dy fyzje foarmet de basis foar de fierdere ûntwikkeling fan ús organisaasje en stipe fan ynwenners, ûndernim- mers en partners. Wy ferbetterje ús digitale tsjinstferliening, ûnder oaren mei MijnWaadhoeke en troch te ûndersykjen hoe’t we AI feilich en ferantwurde ynsette kinne. Mei help fan de biblioteken stypje we ynwenners by it fersterkjen fan harren digitale feardichheden. Wy wurkje oan bettere berikberens en hegere klantte- fredenens, dy’t we struktureel mjitte mei help fan ûndersiken en klantreizen. Dúdlike en begryplike kommunikaasje stiet sintraal, mei omtinken foar tagonklik taalgebrûk en kwaliteitsboarging. Wy wolle sichtber en tichteby wêze. Dêrom wurkje we fierder mei foarútskode amtners, lykas doarps- en wykkoördinatoaren, akkountmanagers en in evenemin- tekoördinator. Wy organisearje ek ús tsjinstferliening fysyk tichteby ynwenners. It serviceloket yn Sint-Anne sette we struktureel fuort.

Meitinken en meidwaan Wy wolle in belutsen en tsjinstbere gemeente wêze, dêr’t ynwenners en ûndernimmers dúdlik yn witte hoe’t se ynfloed útoefenje kinne op belied en útfiering. Partisipaasje moat dúdlik, werkenber en op ‘e tiid plakfine. Dêrom stelle we in partisipaasjeferoarderings- en oerkoepeljend partisipaasjebelied op. Dêrby wurkje we mei de partisipaasjeljedder. Sa is foarôf dúdlik hokker rol ynwenners en ûndernimmers hawwe by gemeentlike beslútfoarming. Wy belûke ynwenners en ûndernimmers op ‘e tiid by plannen dy’t harren libbensomjouwing reitsje. Wy wolle ek ferskate groepen better berikke en nije foarmen fan meitinken en meidwaan ferkenne. Jongerein kriget dêrby mei klam in plak: harren stim moat op in passende en effektive wize meinommen wurde yn besluten oer de takomst fan Waadhoeke. Hjir sette we de kommende fjouwer jier ekstra op yn: • Wy ûndersykje de ynstelling fan in âldereinrie. • Wy eksperimintearje mei partisipaasjeynstruminten lykas in boargerberie en Right to Challenge. • Wy evaluearje de hjoeddeiske opset fan de jonger- einrie en de berneboargemaster en fersterkje wêr’t soks nedich is de wize wêrop’t jongerein belutsen wurdt by beslútfoarming. In sterke gemeente meitsje we mei-inoar. Wy soargje foar goede en tagonklike tsjinstferliening. Wy wurkje gear mei ynwenners, ûndernimmers, organisaasjes en oare oerheden.

Wy fersterkje ek ús posysje yn ‘e regio, yn Nederlân en dêrbûten. WY STEANE FOAR IN BETROUBERE, BEGRYPLIKE EN TAGONKLIKE OERHEID FOAR ELTSENIEN 26 27 Waadhoeke yn posysje foar de takomst Wy wurkje doelberet oan de ûntwikkeling fan Waad- hoeke op de lange termyn. Dêrby fersterkje we ús posysje yn ‘e regio en rjochting it Ryk en Europa, sadat we ús belangen goed behertigje kinne en kânsen benutte kinne. Wy sette de strategyske ûntwikkelingsaginda en de ûntwikkelingslinen út de nota Herijking Ontwikkelper- spectief fuort. Tagelyk yntinsivearje we ús gearwurking troch aktyf diel te nimmen oan regionale, nasjonale en Europeeske programs en netwurken. De Waadsee hat ynternasjonaal en nasjonaal de heechst mooglike beskerme status. It tijgebiet is UNESCO Wrâlderfgoed én it is it grutste Natura 2000- gebiet fan ús lân; dat fanwegen de unike natuerwear- den. By de waadkust lâns lizze wichtige kânsen foar lânskiplike, ekonomyske en toeristyske ûntwikkeling. Dy kânsen benutte we wêr’t soks mooglik is binnen ekologyske grinzen en fersterkje we troch de nota Perspectief op de Waddenkust út te fieren. Dêrnjonken bliuwe we aktyf belutsen by it Fries Programma Wad- denkust en de Vereniging Waddenzeegemeenten. Ta beslút sette we yn op in robúste belangebehertiging, mei doelfêste lobby, krêftige netwurken en it aktyf benutten fan finansieringsmooglikheden.

Finansjeel yn balâns, no en aanst In solide en takomstbestindige finansjele húshâlding is de basis ûnder dit koälysje-akkoart. Wy stribje nei in begrutting dy’t sawol op koarte as ek op lange termyn yn balâns is. Wy meitsje by de finansjele mooglikheden ûnderskied tusken strukturele en ynsidintele middels. Us útgongspunt is dat de begrutting foldocht oan it advys fan de VNG: it earste jier fan de mearjierrebe- grutting moat slutend wêze. Foar de oare trije jierren fan de mearjierrebegrutting brûke we it rapport ‘Toe- komstbestendige begroting’ om karren te meitsjen. Dat rapport jout ynsjoch yn ‘e karromte yn ‘e begrut- ting en de finansjele en maatskiplike effekten. De taak- stelling Sociaal Domein wurdt ynfolle yn oerienstimming mei dat rapport. Wy hawwe ek noch altyd betrouwen dat it Ryk gemeenten úteinlik genôch kompensearje sil foar harren taken en ferantwurdlikheden. De Algemiene Reserve is ús finansjele buffer om ynsidintele ôffallers op te heinen. Troch wizige om- stannichheden yn ‘e risiko’s en nei ferliking mei oare gemeenten, binne wy fan betinken dat in oanpassing fan de risikofaktor fan 1.2 nei 1.0 ferantwurde is. Wy wolle de earder fêstleine ûndergrins fan de Algemiene Reserve ferleegje fan € 15 nei € 10 miljoen. Dêrtroch ûntstiet der romte om te ynvestearjen.

Dat dogge we soarchfâldich en allinnich foar ynsidin- tele útjeften, ynvestearrings dy’t strukturele besparrings opsmite of it dimpen fan takomstige lêsten. By finansjele karren sykje we earst nei besparrings, effisjinsje en alternative ynkomsten. Fan 2028 ôf meitsje we de rioelheffing stapke foar stapke kostedekkend, ûnder oaren fia taryfdifferinsjaasje. It ferheegjen fan de ûnreplike-saakbelesting (OZB) foar ynwenners en ûnder- nimmers, njonken de reguliere ynflaasjekorreksje, is foar ús de minst winske opsje. Wy freegje it kolleezje dit koälysje-akkoart út te wurkjen yn in kolleezjeprogram, ynklusyf de finansjele oersetting yn ‘e begrutting. Koälysje-akkoart gemeente Waadhoeke 2026-2030 Wy fersterkje ús posysje yn ‘e regio en rjochting it Ryk en Europa 28 adres Harlingerweg 18 8801 PA Franeker postadres Postbus 58 8800 AB Franeker online www.waadhoeke.nl info@waadhoeke.nl tillefoan 0517 380 380

De tekst is automatisch uit het bestand gehaald en kan afwijken van het origineel (kolommen, tabellen en koppen lopen door elkaar). Het officiële stuk bij de gemeente is leidend. Bron: https://waadhoeke.bestuurlijkeinformatie.nl/Document/LoadAgendaItemDocument/11609fa0-2c25-43f5-85d2-862bb21647f9?agendaItemId=783e3aca-c967-4cf1-ac2c-db5779d30eb2