Bijlage 2 Motie Wetter as apart tema yn de Duorsumheidsnota 2025-2028
Tekst van het document
MOASJE Moasje konfoarm artikel 29 fan it Reglemint fan oarder foar de gearkomste en oare wurksumheden fan de ried fan de gemeente Waadhoeke 2023. Oangeande: Agindapunt 11 Aktualisaasje Duorsumheidsaginda 2025-2028 Underwerp: Wetter as apart tema yn de Duorsumheidsnota 2025-2028 De ried fan de gemeente Waadhoeke, yn gearkomste byinoar op 28 novimber 2024 Konstatearjende dat: 1. Foldwaande skjin wetter essinsjeel is foar de folkssûnens en it miljeu, mar de wetterkwaliteit ûnder druk stiet, mei troch gemeentlike rioeloerstoarten. 2. Wetter in krúsjale rol spilet yn de grien-blauwe ferbining fan it bûtengebiet, wêrby’t it ferbinen fan wetterstreamen yn lânbou- en natuergebieten bydraacht oan bioferskaat en leefberens; 3. Klimaatferoaring liedt ta ekstreme waarsomstannichheden, lykas swiere reinfal, wat freget om strukturele oanpassingen yn wetterbehear om wetteroerlêst foar te kommen; 4. De hjoeddeiske duorsumheidsnota gjin spesifyk tema wetter hat, wêrmei’t de gearhing tusken wetterkwaliteit, -behear en klimaatadaptaasje net genôch ûnderstreke wurdt. Oerwaagjende dat: 1. Skjin wetter behâlde en wetterkwaliteit ferbetterje in mienskiplike ferantwurdlikens is fan ynwenners, gemeente en oare oerheden, wêrby’t dúdlike doelen en prioriteiten nedich binne, lykas yn de swietwetter-strategy fan de Waadaginda 2050, dy’t mei ûndertekene is troch de gemeente Waadhoeke; 2.
De grien-blauwe ferbining fan it bûtengebiet, ek op gemeentegrûn, bydraacht oan rekreaasje, natuerbehâld en wetteropfang, wat sawol ekologyske as ekonomyske foardielen opsmyt; 3. Romte foar wetter, lykas retinsjegebieten en wadi’s, in yntegraal diel wêze moat fan klimaatadaptaasjeplannen om skea troch wetteroerlêst no en yn de takomst te beheinen; 4. It opnimmen fan wetter as apart tema yn de Duorsumheidsnota de urginsje en gearhing fan de wetteropjefte ûnderstreket, en in bettere ôfstimming mooglik makket mei provinsjale en regionale wetterplannen. Fersiket it kolleezje: 1. Mei in addendum, wetter as apart tema op te nimmen yn de Duorsumheidsnota 2025-2028; 2. Oan de hân fan de ûnderskate programma’s in konkreet útfieringsprogramma op te stellen; 3. De ried uterlik 1 july 2025 in konsept fan de nota foar te lizzen wêr’t it tema wetter eksplisyt yn útwurke wurdt. en giet oer ta de oarder fan de dei. Namme: Bert Vollema Ut namme fan de fraksje(s) fan: FNP, GB, SAM, CDA, VVD & CU ___________________________________________________________________________________
De moasje is: oannommen/fersmiten Foar stimmen: Tsjin stimmen: