B. Vollema FNP Moasje umcg versie 2 27-1-2022 aangenomen.docx
Tekst van het document
Moasje frjemd oan de oarder fan de dei oangeande it behâld Behâld bernehertsjirurgy UMCG Grins. De gemeenteried fan Waadhoeke byinoar yn de riedsgearkomste fan tongersdei 27 jannewaris 2022 Konstatearjende dat: - It kabinet foarnimmens is de ôfdieling bernehertsjirurgy yn it UMCG Grins te sluten en ek de operaasjes foar folwoeksenen mei mear komplekse hertôfwikings te konsintrearjen op twa plakken yn Nederlân, te witten it UMC Utrecht en it Erasmus MC yn Rotterdam; - It kabinet en syn adviseurs har benammen basearje op arguminten op it mêd fan effisjinsje, doelmjittigens, kosten en soarchkwaliteit; Oerwaagjend dat: - Der sadwaande te min in ôfwaging makke wurdt wêryn it perspektyf en de belangen fan de (jonge) pasjinten en harren âlden sels swier meitelle; - De berikberens en beskikberens fan essensjele soarch yn de regio, regionale sprieding, lyksa net lykje te tellen (sjoch taheakke kaart); - Mei it ferdwinen fan de berne- en komplekse hertsjirurgy net allinnich essensjele hertsoarch út it Noarden ferdwynt; it slacht ek in gat yn de multidissiplinêre soarchferliening fan it sikehûs; - Foar âlders fan bern en de bern sels it ûndergean fan in operaasje en alle byhearrende ûndersiken, kontrôles en neisoarch mei sa’n lange reistiid in enoarme belesting is boppe-op de soargen dy’t hja dochs al hawwe; - De berikberens fan essensjele soarch foar de doelgroep hertpasjinten yn it
Noarden slim ûnderstek dien wurdt; mei in striel fan 100 km om elts spesjalisearre akademysk sikehûs (sjoch taheakke kaart) sil in grut part fan Nederlân aanst net mear binnen in akseptabele reisôfstân betsjinne wurde; - Der in breed maatskiplik ferset tsjin de foarnommen sluting fan it sintrum foar bernehertsjirugy fan it UMCG en konsintraasje yn de Rânestêd op gong kommen is, blikend út 256.967 hantekeningen (stân 20 jan 2022) ûnder de petysje ‘Laat UMCG een (kind)hartcentrum blijven’ en tal fan stikken yn de parse; - Der op polityk nivo ûnderwilens alle war dien wurdt foar it behâld foar de regio fan de bernehertsjirurgy by it UMCG, bygelyks mei in brânbrief oan de minister fan VWS út namme fan alle politike partijen yn Provinsjale Steaten fan Grinslân, Fryslân, Drinte, Oerisel en de gemeenteried fan Grins;
Fersiket it kolleezje fan boargemaster en wethâlders -
Om ek op bestjoerlik nivo, yn oparbeidzjen mei UMCG, de bestjoerlike partners yn NoardNederlân en oare belutsenen, rjochting it Regear en 2e en 1e keamer alle war te dwaan foar it behâld fan it sintrum foar bernehertsjirurgy fan it UMCG yn Grins;
-
Om de ried op’e hichte te hâlden fan de fuortgong;
En giet oer ta de oarder fan de dei. Nammens de fraksje FNP, Bert Vollema Fractie VVD Joke Osinga Fractie SAM Hanna van der Werff Fractie Gemeentebelangen Douwe Kamstra Fractie Dit Bloem