CConstaterende datwaadhoeke
Koppel je AI →
Document · PDF

Amendemint Erfpacht GB, SAM en FNP.doc

Gemeenteraad Waadhoeke 11 mei 2023, gemeente waadhoekeBij agendapunt: Verordening starterslening Waadhoeke285 woorden

Open het PDF bij de gemeente ↗Naar de vergadering →

Tekst van het document

Uit het bestand gehaald, zonder opmaak, tabellen en afbeeldingen

AMENDEMINT

Amendemint konform artikel 28 fan it reglemint fan oarder foar de gearkomsten en oare wurksumheden fan de ried fan de gemeente Waadhoeke 2023 Oangeande:

Feroardening Startersliening Waadhoeke

Underwerp:

Foarsteld beslútpunt 2: Kennis te nimmen fan de memo startersliening en erfpacht

De gemeenteraad van Waadhoeke, in vergadering bijeen op 11 mei 2023, Konstatearjende dat: • Troch KAW oanjûn wurdt dat erfpacht ek foardielen hat, mei namme mear (finânsjele) romte foar potensjele keapers en ek geskikt is foar tydlike wenningbou; • Dit net neamt is yn de memo, mar oanjûn wurdt dat it belang fan erfpacht in beperkte mearwaarde hat en derom op ‘e lange baan skowd wurdt; • De startersliening ek syn beheining hat, en bygelyks minsken útslút dy’t âlder binne as 35 jier of ea earder in hûs kocht hawwe; Oerwaagjende dat: • Yn dizze tiid fan krapte wat húzen oanbelanget, stiigjende boukosten, in folle hegere rente én de wenningdeal dy’t slúten is yn Noordwest Fryslân, sjogge wy erfpacht, neist de startersliening, as in ekstra kâns om in betelbere wenning te keapjen; • Op dizze wize mooglik nóch mear ynwenners fan Waadhoeke makkeliker tagong krije kinne op de wenningmerke; • Troch ynsichtelik te meitsjen wat de kosten binne en de foar-en neidielen yn kaart te bringen, der in oerwage beslút nommen wurde kin oer ynfiering fan erfpacht. Beslút: 1. De verordening starterslening Waadhoeke vast te stellen. 2. Erfpacht fierder út te wurkjen om yn te setten as mooglik ynstrument njonken de startersliening. En dizze útwurking foar te lizzen oan de ried sa gau as mooglik, mar úterlik foar 1 april 2024.

Gemeentebelangen, FNP en SAM Waadhoeke Namme: Adrie Weiland (GB) Hanna van de Werff (SAM) Bert Vollema (FNP)

___________________________________________________________________________________

It amendemint is oannommen/fersmiten Tsjin stimmen: Foar stimmen:

De tekst is automatisch uit het bestand gehaald en kan afwijken van het origineel (kolommen, tabellen en koppen lopen door elkaar). Het officiële stuk bij de gemeente is leidend. Bron: https://api1.ibabs.eu/publicdownload.aspx?site=waadhoeke&id=01eb4d12-cabe-4354-97f7-70ae41f67f11