Amendement adfysnota ekstra ympuls wenningmerke 03032022 GB.doc
Tekst van het document
AMENDEMINT Amendemint konform artikel 28 fan it reglemint fan oarder foar de gearkomsten en oare wurksumheden fan de ried fan de gemeente Waadhoeke 2018 Oangeande:
Agendapunt 09 , ried 03 maart 2022
Underwerp:
Utfiering moasje ekstra ympuls wenningmerke
Konstatearjende dat: - Nei oanlieding fan in unanym oannommen moasje ekstra ympuls wenningmerke in advysnota makke is - der in driuwend ferlet is fan (nije) wenningen yn ús gemeente - yn kaart brocht is dat der yn Waadhoeke in protte gemeentegrûn beskikber is as mooglike bougrûn. Dat dit mooglikheden jout om saneamd binnenstêdelik as bûtenstêdelik te bouwen en dat dit bydrage kin oan it oplossen fan it wente-tekoart - yn de kearnen fan doarpen en stêd yn prinsipe contingentleas boud wurde mei - it foar ús ynwenners (doarps-en wykbelangen) dúdlik is wer at romte beskikber is. Stelt de gearkomste foar yn it by dit foarstel foege ûntwerpbeslút de folgjende wiziging oan te bringen: Yn de adfysnota ûnder Foarstel op side 2 op te nimmen • dat de bestimming fan de yn kaart brochte gemeentegrûn (rûchwei sa’n 25 ha) binnen de doarps-en stêdgrinzen mei foarrang oanpast wurdt middels in wizigingsfoech nei bestimming Wenjen, sadat dêr, as der fraach is, mear faasje komt yn it bouwen fan nije wenten. Ut namme fan: Gemeentebelangen Waadhoeke ___________________________________________________________________________________
It amendemint is oannommen/fersmiten Tsjin stimmen: Foar stimmen:
Adrie Weiland
___________________________________________________________________________________
It amendemint is oannommen/fersmiten Tsjin stimmen: Foar stimmen: