CConstaterende datwaadhoeke
Koppel je AI →
Document · PDF

11159 WAADHOEKE Coalitieakkoord 2022-online-FR

Gemeenteraad Waadhoeke 24 mei 2022, gemeente waadhoekeBij agendapunt: Vaststellen coalitieakkoord3.479 woorden

Open het PDF bij de gemeente ↗Naar de vergadering →

Tekst van het document

Uit het bestand gehaald, zonder opmaak, tabellen en afbeeldingen

Sûn wurkje oan ’e takomst SAM, GEMEENTEBELANGEN, FNP

2022 2026

ÚS AMBYSJES FOAR GEMEENTE WAADHOEKE

Noflik wenjen Duorsumens Meidwaan In moai lânskip En de gemeente as stiper

Ús ambysjes foar gemeente Waadhoeke

Foaropwurd Noflik wenjen. Duorsumens. Meidwaan. In moai lânskip. En de gemeente as stiper. Dy fiif ûnderwerpen komme yn ús trije partijprograms hieltyd op ‘e nij werom. Se hawwe ús ynspirearre by de foarming fan de twadde Waadhoeke-koälysje fan SAM, Gemeentebelangen (GB) en FNP. Wat wolle we de kommende fjouwer jier berikke? Wy sjogge benammen hoe’t we as gemeente de grutte tema’s, dy’t wrâldomfetsjend spylje, wer lokaal meitsje kinne. Wy meitsje it ferskil mei: Mear wenningbou, sadat noflik wenjen tagonklik is foar eltsenien. Duorsumens, oftewol takomstbestindich wêzen. Dat komt yn in protte tema´s werom: tink oan enerzjy, sûnens, wolwêzen en wurk. Eltsenien docht mei. En meist wêze wa’tst bist. Punt. Lânskip, natoer en lânbou fersterkje inoar. De gemeente is stypjend. Regels binne tsjinjend, net liedend. Wy tinke yn mooglikheden: “Ja, dat kin, mitsdat we dat en dat regelje.” Ús gemeente ken in soad bewennersinisjativen. Waadhoeke is der om dy inisjativen te stypjen en waacht dêrby de belangen fan álle ynwenners. Wannear’t de mienskip dúdlik seit: ‘Dit is wat wy wolle’, dan sjogge wy hoe’t we dat dwaan kinne. Tegearre mei ‘belutsen’ ynwenners en kollega’s kinne we in hiel soad foarinoar krije. Dat is in krêftige stap foarút. Mei in protte wille en entûsjasme hawwe we dit akkoart opsteld. Wy binne der grutsk op.

In protte tank giet út nei ynformateur Peter van der Voort en formateur Henni van Asten. En - net te ferjitten - nei alle amtners dy’t harren dêrfoar ek op Goedfreed en Keningsdei ynset hawwe. Tige tank allgearre!

Algemien

Ús jonge fúzjegemeente stiet oan de foarjûn fan in nij riedstiidrek mei in nije koälysje fan SAM, Gemeentebelangen en FNP. Dy koälysje hat 20 fan de 29 riedssitten. Alle trije partijen hawwe by de ferkiezings ien sit winst behelle. Se hawwe de ambysje útsprutsen om mei-inoar oan de slach te gean. Yn ‘e ôfrûne fjouwer jier is der hurd wurke oan it harmonisearjen fan it belied, it aktualisearjen fan behearplannen en it op oarder bringen en hâlden fan de bedriuwsfiering. De lêste twa jier barde dat fanwegen koroana ûnder bysûndere omstannichheden. De pandemy rekke ús ynwenners, ús ûndernimmers en fansels ek it kolleezje en de gemeenterie. De útdagings dêr’t we foar steane, lykas leefberens, duorsumens en tagonklikens, binne net feroare. De wrâld feroaret wol, en dat kin somtiden rap gean. Sa hiene we net foarsjen kinnen dat der in kriich yn Europa útbrekke soe, dy’t op alderhanne wizen trochwurket yn ús gemeente. Yn dit koälysje-akkoart sketse wy op haadlinen wêr’t we oan wurkje wolle. Ûnder de tema’s Sûn libje, Libje & Wurkje en Wurkje oan ’e takomst beskriuwe we ús opjeften en ambysjes op fjirtjin ferskillende gebieten. Foarôfgeand dêroan fertelle we hoe’t bestjoer en finânsjes ús dêrby stypje.

Minder ôfstân tusken ynwenners en de gemeente

Bestjoer

Finânsjes

De ôfrûne fjouwer jier hat Waadhoeke in begjin makke mei ‘mei-inoar besjoeren’. It kommende tiidrek geane we dêr as rie en kolleezje warber fierder mei. Dat wurdt binnen de gemeentlike organisaasje al op ferskate wizen ynfolle, bygelyks mei it program tsjinstferliening. Dochs ûnderfine ynwenners, ûndernimmers en ferienings noch hieltyd drompels om de gemeente te benaderjen en om yn kontakt te kommen mei de krekte ôfdieling of meiwurker.

It kolleezje en de gemeenterie hawwe de ôfrûne fjouwer jier in hoeden finansjeel belied fierd. De nije koälysje kin begjinne mei in sûne balâns en mearjierrebegrutting. Tagelyk moatte we konstatearje dat der mear ambysjes lizze as dat der jildmiddels beskikber binne. Ús opjeften op it mêd fan enerzjytransysje, duorsumens, behear en foarsjennings freegje om strukturele bydragen fan it Ryk. En krekt dat mist.

It is de winsk fan de nije koälysje dat alle ynspannings fan de organisaasje no ek sichtber en merkber wurde foar eltsenien. We sette yn op in better klantkontakt, in bettere digitale berikberens en leechdrompeliger persoanlike kontakten. De riedsen kolleezjeleden kinne dêr ek oan bydrage. Minder ôfstân tusken de ynwenners en de gemeente is ús doel. Dêrom sille we ek de mooglikheid fan in serviceloket yn Sint Anne ûndersykje. De doarp- en wykfisys, -fûnsen en -koördinatoaren hawwe holpen om inisjativen út de mienskip wei op te pakken. Dat súksesfolle konsept wolle we hanthavenje, ferbetterje en útwreidzje. Yn ‘e regio wurkje we aktyf gear mei kollega-oerheden. Dat biedt kânsen foar ekstra budzjetten en rappere prosedueres. Wy kinne sa ek taken effisjinter oppakke, tsjin legere kosten en mei minder risiko. Dat jildt bygelyks foar de Regiodeals en de gearwurking op it mêd fan digitalisearring.

Wol liket der de kommende trije jier romte te wêzen om de nedige fûnsen dy’t harren al bewiisd hawwe, lykas it Stedsen doarpsfernijingsfûns en it Doarpe- en wikefûns, te foljen. Der is ek noch jild foar plannen dy’t al makke binne en foar in beheind tal nije plannen. Der is dêrby omtinken foar de beheinde útfieringskapasiteit fan ús organisaasje. Wy geane dêrnjonken aktyf op ‘e siik nei nije fûnsen, subsydzjeregelings en ynvestearringsromte. Wy sjogge hieltyd kritysk en kreatyf nei ús eigen begrutting. Dat sil ek wol moatte, want de wrâld feroaret rap en der wachtsje de nedige útdagings dy’t ek op finansjeel mêd ûnwissigens mei harren meibringe. Dat jildt bygelyks foar de nije Omjouwingswet, de digitalisearring en it op ‘en nij ikerjen fan it gemeentefûns. It kolleezje wurdt frege om nei de simmer mei in kolleezjeprogram te kommen dêr’t in neiere útlis, prioritearring en finansjele oersetting fan it koälysje-akkoart yn útwurke is.

Sûn libje ‘Sûn libje’ giet oer de sûnens en it libben fan alle ynwenners fan Waadhoeke. Ús ambysjes foar sport, lins, wolwêzen en materiële wolfeart hearre ek by dat tema. Wy wolle dat sport en kultuer foar eltsenien tagonklik binne en biede stipe as dat net sa is. Ynwenners dy’t muoite hawwe om rûn te kommen, helpe we om harren fêste lêsten te ferleegjen. Sûn en lokaal iten wolle we stimulearje.

Sport en kultuer foar eltsenien tagonklik

1.

Sport

2.

Wolwêzen

Wat wolle we berikke?

Wat wolle we berikke?

1. Berikbere en tagonklike sportfoarsjennings

1. A  lle ynwenners krije de kâns om mei te dwaan Wat sille we dêrfoar dwaan? • De ‘Sosjale Ynklúzje Aginda’ útwurkje en fierder ûntwikkelje en dêrfoar budzjet frijmeitsje. • Derfoar soargje dat taal gjin barriêre is om meidwaan te kinnen yn Waadhoeke. • Twa pilots opsette om te ûndersykjen hoe’t ynwenners drompelfrij sporte kinne en kultuer belibje kinne.

Wat sille we dêrfoar dwaan? • It besteande belied fierder útfiere, bygelyks troch de ynset fan buertsportkootsjes. • Ynsette op multyfunksjoneel brûken fan foarsjennings, sadat dy tagonklik binne foar alle doelgroepen, bygelyks mei breedtesport. • Boartsjen, bewegen en moetsjen yn ‘e bûtenlucht stimulearje, ek mei stipe fan buertsportkootsjes.

2. Jongerein binne psychysk sûn en warber Wat sille we dêrfoar dwaan? • Ûnderwiis, konsultaasjeburo’s en ferienings mear romte jaan foar previntive soarch. • Ûndersykje hoe’t we goede foarbylden fan ekstra soarch yn it ûnderwiis, lykas de Einsteinklasse en Grutsk, fierder útrôlje kinne yn Waadhoeke. • Fersterkje fan de gearhing tusken it jongerein- en feiligensbelied om jongereinkriminaliteit te foaren te kommen. • Ynsette op kwalitatyf goede, berikbere en beskikbere soarch as previnsje net tarikkend is.

2. In libbendich en fitaal sportklimaat Wat sille we dêrfoar dwaan? • Ferienings stypje by it ynfoljen fan bestjoersfunksjes en by it winnen en behâlden fan leden. • Gearwurking tusken ferienings oanmoedigje, bygelyks troch it stimulearjen fan omnyferienings en breedtesport. • De keppeling fan funksjes yn (sport-)akkommodaasjes stimulearje. • Foarljochting jaan oer goede foarbylden en neifolging dêrfan oanmoedigje.

3. Maatskiplike útsluting troch skuldeproblematyk foarkomme Wat sille we dêrfoar dwaan? • Goede foarbylden yn it lân folgje om ek yn Waadhoeke passende oplossings foar skuldeproblematyk biede te kinnen. • Ynsette op bewustwurding, kennis en feardichheden om fierdere finansjele swierrichheden foar te kommen, ûnder oaren oer it paad fan betide sinjalearring.

3.

Materiële wolfeart

Wat wolle we berikke?

Earmoed foarkomme, bestride en fersêftsje, sawol yn inge (tekoart oan jildmiddels) as yn brede (sosjale útsluting) sin Wat sille we dêrfoar dwaan? • Ynwenners stypje om wer boppe de earmoedegrins út te kommen, bygelyks troch in enerzjykootsj-plus dy’t harren helpt mei it besparjen op fêste lêsten. • Ynsette op meidwaan en derby hearren oer it paad fan wurk, mar ek mei bernepakketten en partisipaasjefûnsen. • Dupearren fan de taslagekwestje yn ‘e gemeente nei ferlet stypje by de ôfhanneling. • Gjin gemeentlike heffings foar inisjativen op it mêd fan sosjale ynklúzje (bygelyks grientetúntsjes foar minima).

4.

Lins

Wat wolle we berikke?

1. Kultuer biedt eltsenien dy’t yn Waadhoeke wennet, wurket of ferbliuwt de gelegenheid ta ûntwikkeling en moetings, ta genietsjen, ûntdekken en meidwaan Wat sille we dêrfoar dwaan? •A  ktyf ynsette op de ûntwikkellingen yn de no jildende kultuernota: ûntdekke, meimeitsje en doarre en dwaan! •D  e Koornbeurs kriget in sintrale rol as kultuerknooppunt en siket ferbining mei de amateurkeunst en de ferienings yn ‘e gemeente. De gemeente stimulearret gearwurking op it mêd fan kultuer. •R  omte biede oan ynnovaasje: it giet net allinnich om ‘kaartsjes ferkeapjen’, mar ek om nije, langduorjende ferbinings. • It talint yn ‘e eigen regio koesterje. •O  mtinken foar de situaasje nei koroana: wat is der nedich foar opstart en trochstart? • S typje fan súksesfolle eveneminten, lykas de PC, festivals en de Waadhoeke-fytstochten. •Û  ndersykje hoe’t it âlde stedshûs fan Frjentsjer in bredere funksje krije kin yn ferbining mei de deunbye omjouwing, bygelyks as skeakel tusken Planetarium en Museum Martena. •Û  ndersykje oft de tún fan it Akademygebou yn Frjentsjer wer in botanysk karakter krije kin. • It hjoeddeiske belied foar meartaligens fuortsette. • In trep yn ‘e toer fan de Martinitsjerke reälisearje as nije toeristyske attraksje. • In monumintebelied meitsje.

2. Bewegen en sporten binne ûnmisber foar in sûne en aktive libbensstyl Wat sille we dêrfoar dwaan? • It hjoeddeiske sport(akkommodaasje)belied evaluearje, mei as útgongspunten: ferduorsuming fan akkommodaasjes, brûkberens, funksjonaliteit en brede tagonklikens. •A  kkommodaasjes wurde safolle mooglik troch meardere brûkers benutte. • S wimbad Bloemketerp wurdt ferfongen troch in duorsume iepenbiere swimfoarsjenning.

3. I n oantreklik wen- en wurkklimaat mei in lânskip dat útnûget om te kuierjen, te fytsen en te sporten Wat sille we dêrfoar dwaan? •D  erfoar soargje dat ynwenners ûntspanning fine kinne yn harren deunbye omjouwing. •D  e iepenbiere romte sa ynrjochtsje dat dy útnûget ta sporten, boartsjen, bewegen en moetsjen. • S pesjaal omtinken jaan oan it toerisme yn ‘e kuststreek, benammen de berikberens en de toeristyske foarsjennings. •D  e mooglikheden ûndersykje dy’t it Waadfûns biedt foar ûntwikkeling. •M  ear omtinken jaan oan tagonklikens en duorsumens op rekreätive rûtes en plakken, bygelyks genôch oplaadpunten foar elektrysk riden, fytsen en farren en blomrike plakken mei goed strjitmeubilêr. •Û  ndersykje oft minsken mei ôfstân ta de arbeidsmerk ynset wurde kinne foar tsjinstferliening by rekreätive rûtes en plakken. •R  ekreätive farwegen goed befarber meitsje. •R  omte biede foar kemperplakken. •Û  ndersykje hoe’t de gemeente de oanlis fan glêsfezel befoarderje kin.

5.

Sûnens

Wat wolle we berikke?

1. Weardefolle netwurken yn doarpen en wiken Wat sille we dêrfoar dwaan? •Û  ndersykje hoe’t we in gruttere rol spylje kinne yn de organisaasje fan de sosjale gearhing (bygelyks doarps- en wykkoördinatoaren yn kombinaasje mei it opbouwurk). • It Doarpe- en wikefûns optimalisearje. • It netwurksintrum ‘De Opstap’ as pilot evaluearje. •A  ktyf yn petear mei soarchfersekerders en húsdokters om de kontinuïteit fan de húsdoktersoarch fierder garandearje te kinnen.

2. Sûn iten is foar eltsenien tagonklik Wat sille we dêrfoar dwaan? • Grientetúnprojekten, itensbosken en inisjativen foar plôktunen stimulearje. • It ‘Too good to go’-prinsipe oanmoedigje. • As gemeente it goede foarbyld jaan troch yntern sûne, lokale alternativen oan te bieden. • It lokale, sûne oanbod aktyf stimulearje en oanmoedigje.

3. In sûne libbensstyl is foar eltsenien tagonklik Wat sille we dêrfoar dwaan? • In nije sûnenssoarch meitsje, dêr’t we by ynsette op ‘positive sûnens’. • De ynset fan buertsportkootsjes ferbreedzje nei alderhanne organisaasjes foar wolwêzen, libbensstyl en partisipaasje. • Kultuer en sport as middel brûke foar in sûnere libbensstyl en foar partisipaasje.

Libje & Wurkje ‘Libje & Wurkje’ beskriuwt hoe’t wy gearlibje en wurkje wolle yn Waadhoeke. In sterk bedriuwslibben is wichtich, want dat leveret wurkgelegenheid op. Ûndernimmers wolle we dan ek de romte biede en fraach en oanbod op de arbeidsmerk wolle we better op inoar ôfstimme. Dêrby sjogge we oer de gemeentegrinzen hinne. Binnen har grinzen is de gemeente ferantwurdlik foar de feiligens.

Wy harkje en steane iepen foar inisjativen

1.

Feiligens

2.

Mienskip

Wat wolle we berikke?

Wat wolle we berikke?

De ynwenners fiele harren feilich yn harren eigen libbensomjouwing

1. Foar jongerein (13-18 jier) is der in feilich, tagonklik plak dêr’t se inoar moetsje kinne

Wat sille we dêrfoar dwaan?

Wat sille we dêrfoar dwaan? • Kontakt lizze mei de jongerein. • Romte biede en ferantwurding oan de jongerein sels jaan.

• It yntegraal feiligensbelied aktualisearje. • Mear omtinken besteegje oan bewustwurding oer ûndermining en organisearre kriminaliteit en dêr krêftiger tsjin optrede. • De boa’s gemeentebreed ynsette, dêr’t dat it meast nedich is.

2. Der is in effektyf antydiskriminaasjebelied Wat sille we dêrfoar dwaan? • As ‘Reinbôgegemeente’ it Útfieringsplan Antydiskriminaasje útfiere. • Goede foarbylden folgje om diskriminaasje tsjin te gean, tegearre mei Tûmba en it COC.

3. Inisjativen fan ynwenners wurde stimulearre Wat sille we dêrfoar dwaan? • It Doarpe- en wikefûns ferbetterje en trochsette. • De doarps- en wykkoördinatoaren faker ynsette en in rommer takepakket jaan.

3.

Berikberens

Wat wolle we berikke?

In feilich, betrouber en duorsum ferkears- en ferfierssysteem foar eltsenien en foar alle ferfiersmiddels Wat sille we dêrfoar dwaan? • Flink oan de slach mei it útfieren fan de maatregels út de Mobiliteitsfisy. • De mooglikheden ûndersykje foar ekstra laadpeallen op wichtige plakken mei in protte besikers en dy ek reälisearje. • Mei it binnenstêdmanagement yn Frjentsjer besjen oft de befoarrieding tûker organisearre wurde kin, sadat de ferkearsdrokte ôfnimt.

4.

5.

Arbeid

Arbeidsmerk

Wat wolle we berikke?

Wat wolle we berikke?

Ûndernimmers krije romte en kânsen foar duorsume ûntwikkeling, dêr’t soks mooglik is mei maatwurk Wat sille we dêrfoar dwaan? • Hjoeddeiske en nije ûndernimmers mei help fan in Ûndernimmersloket stypje by it sykjen nei subsydzjes en mooglikheden om te ferduorsumjen en te ynnovearjen. • Yn it fêstigingsbelied rekken hâlde mei de ynfloed op de omjouwing: de aard en de skaal fan de ûndernimming moat ynpasber wêze. Warberens yn ‘e kearnen is wolkom. • De fisy op de binnenstêd op ‘e nij yn beried nimme. • Gearwurkjen yn ‘e regio, benammen yn Noardwest-Fryslân, is wichtich. It program ‘Ûntwikkelperspektyf’ wurdt fierder útwurke. • It hjoeddeiske ynkeap- en oanbestegingsbelied ûnder de loep nimme, mei omtinken foar duorsumens, lokale wurkgelegenheid en de winning fan minsken mei in ôfstân ta de arbeidsmerk. • Ekstra bedriuwigens yn de agraryske sektor mooglik meitsje, bygelyks kampearjen by de boer. Sokke lytsskalige inisjativen binne ek goed foar de leefberens op it plattelân en foar it toerisme. • Ynsette op minder regels. • Stribje nei in flotte en doelmjittige tsjinstferliening oan ûndernimmers.

In sterk bedriuwslibben is wichtich

In bettere ôfstimming tusken fraach en oanbod op de arbeidsmerk troch te ynvestearjen yn minsken Wat sille we dêrfoar dwaan? • Derfoar soargje dat eltsenien meidwaan kin nei fermogen, mei as útgongspunt: safolle mooglik oan it wurk, mar mei each foar de minsklike maat. • Beweging en trochstreaming út de deibesteging nei in wurktrajekt stimulearje, bygelyks mei help fan it projekt ‘Wurkjouwer’. • It budzjet en de wize fan finansiering meie gjin obstakel wêze foar in passend wurkplak. • As gemeentlike organisaasje sels it goede foarbyld jaan troch mear minsken mei in ôfstân ta de arbeidsmerk yn tsjinst te nimmen. • It learwurkbedriuw sa ynrjochtsje dat mear minsken mei in beheining of mei in ôfstân ta de arbeidsmerk oan duorsum wurk holpen wurde. • Ynsette op it saneamde ‘Û3’-konsept: gearwurking tusken oerheid, ûnderwiis en ûndernimmers. • Mooglik meitsje dat arbeidsmigranten dy’t hjir foar in koart tiidrek binne, safolle mooglik op bedriuwsterreinen tahâlde.

Wurkje oan ’e takomst Duorsumens is ien fan de pylders fan dizze koälysje en keart yn likernôch alle tema’s werom. We wolle enerzjy besparje en dêr’t soks mooglik is oerstappe op lokale duorsume enerzjyboarnen, om sa minder ôfhinklik te wêzen fan bûtenlânske fossile brânstoffen. Ús ambysjes foar wenjen, ûnderwiis en lânskip rjochtsje harren ek op in duorsume takomst foar jong en âld.

Duorsum is ít kaaiwurd foar de takomst

1.

Ûnderwiis

Wat wolle we berikke?

1. K  walitatyf goede, duorsume en takomstbestindige skoallen en skoalgebouwen (sjoen it tal learlingen en de komst fan yntegrale bernesintrums) Wat sille we dêrfoar dwaan? • It behearplan skoallen aktualisearje op tema’s lykas duorsumens en luchtkwaliteit/ fentilaasje. • By nij- of ferbou de gearwurking tusken ûnderwiis, soarch, sport, kultuer en berne-opfang stimulearje.

2. Gearwurking tusken oerheid, ûnderwiis en ûndernimmers om fraach en oanbod by inoar te bringen Wat sille we dêrfoar dwaan? • Ynsette op it saneamde ‘Û3’-konsept.

2.

Wenjen

Wat wolle we berikke?

Mear wenten om oan it sterk tanommen ferlet foldwaan te kinnen, wêrby’t de romtlike kwaliteit, duorsumens en ûntwikkelings lykas de fergrizing yn acht nommen wurde Wat sille we dêrfoar dwaan? • De wenningbou opfiere, leafst binnen mar mooglik ek bûten de beboude kom fan no. Dêrby wurde de mooglikheden foar gemeentlik grûnbesit ûndersocht. Ein 2022 moat it wenningbouprogram foar de kommende jierren der lizze. • By nijbouplannen oanslute by it lokale ferlet (maatwurk), dêr’t omtinken by jûn wurdt oan de jongerein, begjinners en de âlderein en oan lokale bining, mar ek romte is foar tydlike of bysûndere wenfoarmen lykas tiny houses en knarrenhof. • Dúdlike prestaasjeôfspraken mei de korporaasjes meitsje, ûnder oaren oer de bou fan ekstra hierwennings, lokale bining by tawizing, betelberens, ferduorsuming, de posysje fan begjinners by de ferkeap fan besit en de mooglikheid fan tydlike ferhier fan wenten dy’t ûnderdiel binne fan in werstrukturearringsprojekt. • In begjinnersliening foar jongerein o/m 35 jier fêststelle, dy’t jildt foar sawol besteande wenten as foar nijbou en sawol foar jongerein dy’t yn ‘e gemeente wenje as foar jongerein ‘om utens’. • Soargje foar genôch fieding fan it steds- en doarpsfernijingsfûns, sadat de gemeente by werstrukturearrings- en nijbouprojekten yn ‘e iepenbiere romte ynvestearje kin.

• De sichtberens fergrutsje troch aktiver oer aktuele projekten te kommunisearjen. • De mooglikheden foar sirkulêre wenningbou foar in tiidrek fan tsien oant fyftjin jier ûndersykje: tydlike wenten dy’t duorsum en natoerynklusyf boud wurde. • De mooglikheid ûndersykje om nij te bouwen op gemeentegrûn, wêrby’t dy grûn yn erfpacht oan de eigeners útjûn wurdt. • Yn neifolging fan de lanlike ûntwikkelings besjen oft it ynstellen fan in feroardering foar in selsbewenningsplicht mooglik is.

3.

4.

Duorsumens

Lânskip

Wat wolle we berikke?

Wat wolle we berikke?

Yn 2040 energzyneutraal wêze, dat wol sizze dat we alle enerzjy dan út in duorsume boarne helje Wat sille we dêrfoar dwaan? • It enerzjylânskip fierder ûndersykje mei de yntinsje om dêr sa rap mooglik mei oan de slach te gean. • Ynwenners en bedriuwen helpe by de enerzjytransysje: ynwenners dy’t harren wenning ferduorsumje wolle, kinne ûnôfhinklik maatwurkadvys krije, minsken út it midden- en lytsbedriuw kinne in berop dwaan op in bedriuwsenerzjykootsj foar begelieding by it ferduorsumjen fan harren bedriuw. • In yntegraal plan opstelle foar de ferduorsuming fan maatskiplik fêstgoed (skoallen, sportakkommodaasjes, kultuer- en soarchgebouwen). • Ynwenners de mooglikheid biede om gebrûk te meitsjen fan de finansjele regelingen fan it Stimullearingsfûns Folkshúsfesting Nederlânske gemeenten (SVn).

• As gemeente sels it goede foarbyld jaan troch: - yn ‘e mearjierrige ûnderhâldsplannen fan gemeentlike gebouwen ynvestearrings op te nimmen foar ferduorsuming fan it fêstgoed; - materieel dat oan ferfanging ta is safolle mooglik te ferfangen troch in duorsum (elektrysk) alternatyf; - in (digitaal) loket yn te rjochtsjen dêr’t ynwenners terjochte kinne mei al harren fragen oer duorsum (fer)bouwen, enerzjybesparjen, enerzjyopwekjen en finansieringsmooglikheden; - dêr’t soks mooglik is ferduorsuming ek as eask opnimme by fergunnings, subsydzjes, ynkeap en oanbestegings; - klimaatadaptaasje yntegraal ûnderdiel meitsje fan it gemeentlike belied.

In duorsume takomst foar jong en âld

Lânskip, natoer en lânbou fersterkje inoar duorsum, sadat we fierder genietsje kinne fan in sûn en útienrinnend lânskip Wat sille we dêrfoar dwaan? • Mear omtinken jaan oan ekologysk bermbehear, dêr’t wol rekken hâlden wurdt mei de ferkearsfeiligens. It meanbelied is rjochte op it beskermjen en fersterkjen fan flora en fauna. • Ûndersykje hoe’t we bydrage kinne oan de boskstrategy út it Klimaatakkoart troch mear ‘fertikaal’ grien en mear bioferskaat te reälisearjen, passend by it lânskip fan Waadhoeke. • Foar alle lytse poppen dy’t berne wurde in beam plantsje. • Inisjativen stypje dy’t de natoer, it lânskip en it bioferskaat fersterkje, lykas it inisjatyf fan it Agrarysk Kollektyf Waadrâne. • Lokale inisjativen om in doarp of wyk griener te meitsjen, kinne in berop dwaan op it Doarpe- en wikefûns of op in spesjale subsydzjeregeling. • Natoer- en miljeu-edukaasje struktureel oanbiede op skoallen om bewustwurding by bern en âlden te fergrutsjen. As de pilot súksesfol is, sil dat ûnderdiel wurde fan it ûnderwiisbelied. • De gearwurking mei de agraryske sektor fersterkje. • Easken stelle oan de lânskiplike ynpassing fan bedriuwen en bedriuwsterreinen. • Net meiwurkje oan de fêstiging fan grutskalige databedriuwen en distribúsjesintrums.

adres Harlingerweg 18 8801 PA Frjentsjer

postadres Postbus 58 8800 AB Frjentsjer

online waadhoeke.nl info@waadhoeke.nl

T 0517 380 380

De tekst is automatisch uit het bestand gehaald en kan afwijken van het origineel (kolommen, tabellen en koppen lopen door elkaar). Het officiële stuk bij de gemeente is leidend. Bron: https://api1.ibabs.eu/publicdownload.aspx?site=waadhoeke&id=142801e3-bcc1-467a-9be2-c1b0aa3288b8