11-4-23 Motie VadO regeldruk.docx
Tekst van het document
MOASJE Motie conform artikel 29 van het reglement van orde voor de vergaderingen en andere werkzaamheden van de raad van de gemeente Waadhoeke 2018. Betreft: Moasje frjemd oan ‘e oarder fan de dei Underwerp: Rigeljouwing Doarps- en wykkfeesten en/of optochten mei fersierde weinen De ried fan de gemeente Waadhoeke, yn gearkomste byinoar op 20 april 2023 Sjoen: - De ôfrûne jierren de organisaasjekosten fan doarps- en wykfeesten bot omheech gean binne; - It organisearjen fan doarps- en wykfeesten en/of optochten mei fersierde weinen troch rigeljouwing en kosten faai stiet; - Dertroch de kâns bestiet dat soksoarte fan feesten/optochten net mear organisearre wurde kinne; - Doarps- en wykfeesten en/of optochten in wichtich ûnderdiel binne foar de leefberens yn ús gemeente; - De gemeente NE Frysân mei deselde problematyk sit en dêrom kontakt opnommen hat mei de VNG om fermindering fan rigeldruk te bepraten; Oerwaagjende dat: - Op 13 oktober 2022 riedsbreed in moasje oannommen is ta ynsetten fan minder rigels en hjir al yn 2023 mei te begjinnen;l - De kosten foar organisearjen fan eveneminten fierstente heech binne, seker as dat mear as € 6.500 allinnich foar in fersekering is, sa as yn de beantwurding op de skriftlike fragen d.d.
20 febrewaris 2023 sein is; - Dat der mei troch tefolle rigeldruk en kosten gjin of yn elts gefal te min frijwilligers mear te finen binne om de organisaasje op harren te nimmen; Fersiket it kolleezje: 1. Kontakt op te nimmen mei de VNG om de problematiek ‘rigeljouwing yn Waadhoeke’ te besprekken; 2. De Ried op ‘e hichte te hâlden hokker aksjes der yn dit hûs plak fine om ta minder rigeldruk te kommen; 3. De frijwilligers (goedwillende minsken dy’t leek binne op dit gebied) te helpen by de administratieve blokkades dy’t op harren paad komme; 4. Yn ferbân mei de hege kosten fan de folsleine organisaasje (fersekeringen, EHBO, ferkearsregelders ensfh) de mooglikheid te ûndersykjen ta it ferstrekken fan in subsydzje foar in feest dat foar de eigen ynwenners organiseare wurdt, nei foarbield fan de gemeenten NE Fryslân en It Hearrefean; En giet oer ta de oarder fan de dei.
FNP Waadhoeke Hans Nauta Dizze moasje wurdt mei yntsjinne troch: VVD – Gemeentebelangen – CU - SAM