CConstaterende datTytsjerksteradiel
Koppel je AI →
Document · PDF

Ynspraakreaksje R. Wartena

RAAD IEPEN POADIUM (RAADZAAL) 13 maart 2025, gemeente TytsjerksteradielBij agendapunt: Sprekrjocht905 woorden

Open het PDF bij de gemeente ↗Naar de vergadering →

Tekst van het document

Uit het bestand gehaald, zonder opmaak, tabellen en afbeeldingen

Achte leden fan de ried, Yn 2016 hat Nederlân it ferdrach oer minsken mei in beheining fan de Feriene Naasjes ûndertekene. Yn 2021 slút de gemeente har dêr by oan. Yn 2024 wurdt it Regenboogbeleid opnommen yn de Brede Inclusie Agenda. Dit gehiel hat oerienkomsten mei it Kaderferdrach fan de Ried fan Europa oer beskerming fan minderheden. Dat hat Nederlân yn 2005 ûndertekene. Yn artikel 4.2 is it befoarderjen fan de “volledige” en “daadwerkelijke” gelykheid fan de de Frysktaligen op alle terreinen fan it ekonomyske, sosjale, politike en kulturele libben fêstlein. Dit kinne jim sjen as de ynklúzje fan it Frysk. Njoggen jier letter yn 2014 kaam de Wet gebrûk Fryske taal. Dêr stiet yn de oanhef “dat it winsklik is om yn in wet de posysje fan de Fryske taal yn it bestjoerlik ferkear te ferankerjen en boarch te steean foar de gelikense rjochten fan de Nederlânske taal en de Fryske taal”. Yn dizze wet is it Frysk fêstlein as in folweardige, offisjele taal mei gelikense rjochten. No nim ik de gemeentlike side yn Actief der efkes by. Dy is foar mear as 90 % yn it Nederlânsk. It Frysk komt net fierder as kopkes, as geveltsje-Frysk. Dit binne gjin gelikense rjochten. Foar itselde hie de iene helte yn it Frysk kinnen en de oare helte yn it Nederlânsk, of de iene wike yn it Nederlânsk en de oare wike yn it Frysk. It kostet ek net mear.

(Fergetten út te sprekken: Geveltsje-Frysk is lang net itselde as gelikense rjochten foar beide talen. Neffens de wet heart de gemeente it Frysk te befoarderjen. Mar yn Actief beneidielt de gemeente it Frysk elke wike wer.) Dan nim ik der inkele gemeentlike fyzjes by. Sa as de Wenfyzje, de Struktuurfyzje, de Brede Ynklusy Aginda en de Fyzje op Tsjinstferliening. Se binne ynhâldlik yn it Nederlânsk, mei dêrby wat geveltsje-Frysk. In sitaat út de Fyzje op Tsjinstferliening: Onze inwoners voorzien wij van informatie, waar mogelijk, in de Friese taal. Dat sjocht der hiel royaal út. Yn myn eagen is “waar mogelijk” altiid wol mooglik. Dat past goed by in brede ynklúzje. Hoe is de praktyk? Yn de praktyk binne fierwei de measte fyzjes yn it Nederlânsk. Der leit blykber in grutte beperking op it Frysk. No krije wy de diskusje oer wannear’t it Frysk wol mooglik is en wannear net. Mar dy diskusje hoeft net. De wet skriuwt foar dat der gelikense rjochten binne foar beide talen. Der hie net stean moatten “waar mogelijk in de Friese taal” mar “likegoed en likefolle yn it Frysk”. Mei jim “waar mogelijk” lizze jim beperkingen op oan it Frysk. Google Translate leit gjin beperkingen op. Binnen in sekonde hat Google 5000 karakters yn it Frysk oerset út wat foar taal ek. Chat-GPT leit gjin beperkingen op. As jimme CHAT-GPT yn it Frysk oanskriuwe krije jim yn it Frysk antwurd.

De gemeenteried is ferantwurdlik. De wet skriuwt gelikense rjochten foar, mar jimme lizze beperkingen, eksklúzjes op. Der is ek in fyzje yn it Frysk. Dat is de Nota Frysk Taalbelied. Der stiet ûnder mear: De gemeentepagina’s yn de hûs-oan-hûsblêden binne yn it Nederlânsk. By juridyske advertinsjes is der gjin mooglikheid it Frysk te brûken. Op dit stuit sette wy eins allinnich Nederlânsktalige berjochten op de nije media.

Sa wurdt op de belangrykste terreinen it Frysk útslúten. Dit is mear eksklúzje dan ynklúzje. De Nota foldocht dêrmei net oan de Brede Ynklusy Aginda. Hjir stiet swart op wyt it beneidielen fan it Frysk. De Nota foldocht dêrmei net oan gelikense rjochten foar beide talen. Dan no oer de webside. De tsjinstferliening sil straks foar in grut diel digitaal wurde. It ferkear fan de boarger mei de gemeente kin straks wol foar 80 % digitaal wêze. Om it Frysk út te slúten fan it gewoane en ynhâldlike diel fan de webside is in eksklúzje en gjin ynklúzje. As jimme nei de webside fan de gemeente geane, dan sjogge jim dat dy yn it Nederlânsk is. As jimme yn it sykfinster it wurd “gemeenteried” yntype krije jim as antwurd “Bedoelde u gemeentebreed? Controleer of u het woord juist heeft gespeld.”. De ynwenners fan de gemeente sjogge dan dat de gemeente kiest foar it Nederlânsk en kinne dan tinke dat dat sa heart. Se sjogge de gelikense rjochten net. In protte Frysktaligen sille tinke dat harren taal net folweardich is en sille it harren bern net mear bybringe. Dit past net by in gemeente dy’t stiet foar in brede ynklúzje, dy’t alle ynwenners foar fol oansjen wol, respekt foar elkoar bybringe wol en dingen mooglik meitsje wol. Bonaire en Ljouwert hawwe wol in webside yn twa talen. Dan kin Tytsjerksteradiel dat ek mooglik meitsje.

Achte ried, bestjoer en ûnderwiis hawwe grutte ynfloed op it fuortbestean fan in taal. (Troch de oanwêzichheid fan de hear Bisschop mei roots yn Suriname ekstra útsprutsen: Dêr sit in Surinamer. De oarspronklike taal fan Suriname fan de indianen is fuortreage troch it Nederlânsk. Yn de marzje fine jo noch de oarspronklike taal. Ik hoopje net dat dat mei it Frysk gebeure sil.) Jimme binne ferantwurdlik foar it Frysk fan de gemeente. Ik tink dat it jim taak is om it Frysk ynklusyf en folweardich te brûken yn Actief, yn de gemeentlike fyzjes en op de webside om sa te foldwaan oan de Brede Ynklusy Aginda en oan de Wet gebrûk Fryske taal.

Tank dat ik dit sizze mocht. Rients Wartena

De tekst is automatisch uit het bestand gehaald en kan afwijken van het origineel (kolommen, tabellen en koppen lopen door elkaar). Het officiële stuk bij de gemeente is leidend. Bron: https://api1.ibabs.eu/publicdownload.aspx?site=Tytsjerksteradiel&id=239bec2e-189d-4005-9dc2-c7fff51bbdb6