Ynspraakreaksje Doarpsbelangen Trynwâlden oer it parseberjocht mienskiplike takomst basisûnderwiis Trynwâlden
Tekst van het document
Ynspraakreaksje Doarpsbelangen Trynwâlden oer it parseberjocht Mienskiplike takomst basisûnderwiis Trynwâlden 13 juny 2024 Achte riedsleden, Ik bin Pieter Woudstra en ik bin siktaris fan Doarpsbelang Gytsjerk, mar yn dit ramt fertsjinwurdigje ik ek de mienskiplike Doarpsbelangen fan Oentsjerk, Aldtsjerk, Mûnein-Readtsjerk, Ryptsjerk en WynsBartlehiem. Op 28 maaie fielden wy nei in lange stilte oer dit ûnderwerp ús tige oerfallen troch it parseberjocht fan 28 maaie fan de gemeente en de skoalbestjoeren dat der ien skoallokaasje komt yn de hiele Trynwâlden. Der hawwe wy in brief oer stjoerd dy as it goed is jimme allegearre krigen hawwe. As Doarpsbelangen yn de Trynwâlden hawwe wy al jierrenlang frege om belutsen te wurden by it proses oangeande de húsfesting fan de skoallen yn de Trynwâlden. As Doarpsbelang Gytsjerk hawwe wy dit ek al ris frege by ús reaksje yn dizze ried op it Yntegraal Húsfestingsplan Ûnderwiis in jannewaris 2022.
1
Dat is hieltiten wat ôfhâlden toch de gemeente mei ferwizing nei it oerliz tusken de gemeente en de skoalbestjoeren en de skoalbestjoeren ûnder inoar. Wy fine dat tige spitich. Dat der wat barre moat begripe wy allegearre wol. Mar net op dizze wize wer’t de maatskiplike en romtlike gefolgen fan in beslút eins hast net meinaam wurde. Der lykt no beslúten te wêzen dat der ien lokaasje komt foar de skoallen yn de Trynwâlden. Dizze lokaasje is lykwols noch net oanwiisd. De milieugefolgen hjirfan, lykas de gruttere ferkearsoanlûkende wurking binne noch net ûndersocht. Ek sil dizze lokaasje mear as 500 learlingen telle, it driget dermei in grutte anonyme megaskoalle te wurden wer’t bern harren mooglik net thús en feilich fiele. Ta fergeliking: de skoallen yn Burgum sitte tusken de 200 en 300 bern. Dit jildt ek foar de nije mienskiplike skoalle yn Hurdegaryp. Wy freegje ús ôf of de skoalbestjoeren it beleid bepale of de gemeente. Bepale de skoalbestjoeren de organisaasje fan it ûnderwiis en moat de gemeente der alinne húsfesting foar leverje of hat de gemeente der ek in oare ynbring yn, bygelyks oer de sosjale aspekten? Foar de takomst soenen wy graach in transparant proses hawwe wolle wer’t ek wy as ferienings fan 2
Doarpsbelangen by belutsen wurde, sûnder foarôf in bepaalde útkomst. Dit soe ek passe yn de nije bestjoerskultuer wer’t no sa folle oer praat wurdt. Graach geane wy in petear mei de wethâlder en de beide skoalbestjoeren hoe’t wy sok in proses foarmjaan kinne. It beslút is rjochte op de takomst en dêrom is de miening fan de mienskip wichtich. Ik tanke jo foar jim omtinken. Pieter Woudstra Siktaris Doarpsbelang Gytsjerk Mei út namme fan Doarpsbelangen Oentsjerk, Aldtsjerk, MûneinReadtsjerk, Ryptsjerk en Wyns-Bartlehiem.
3