Ynspraakreaksje dhr. R. Wartena - Taalbelied
Tekst van het document
Taalbelied
Burgum 17 apr. 2024
Achte foarsitter en leden fan de ried,
Op de webside fan de gemeente stiet dat in elk it Frysk mûnling en skriftik brûke kin yn it ferkear mei de gemeente. Op 31 januaris 2024 frege ik by de baly op it gemeentehûs om digitaal yn it Frysk myn nije identiteitsbewiis oan te freegjen. Ik waard wol holpen mar it slagge net. Op 1 febrewaris waard ik belle troch in amtner fan de gemeente. Ik krige te hearren dat de gemeente har bêst docht foar it Frysk, sa as dat stiet yn de Nota Frysk Taalbelied. Frysk sprekke en skriuwe kin wol, mar digitaal in identiteitsbewiis oanfreegje stiet net yn de Nota. Der is te min tiid, te min jild en te min personiel. Op 9 maart 2024 krige ik in brief fan de boargemaster. Dat it digitaal ferkear allinne yn it Nederlânsk dien wurdt komt fan it twatalich belied. Dielen yn it Frysk en oare dielen yn it Nederlânsk. En it digitale diel yn it Nederlânsk, want dat stiet yn ferbining mei it digitale netwurk fan de Ryksoerheid. Ik nim oan dat de arguminten fan de amtner en de boargemaster út namme fan jim útsprutsen binne. Ik bin it net iens mei dizze arguminten dy ‘t ik as útfluchten sjoch. It earste argumint fan skriftlik wol yn it Frysk mar digitaal net kloppet net want digitaal falt ûnder skriftlik. It twadde argumint fan te min tiid kloppet net want der is fan 2014 ôf tiid west. It tredde argumint fan te min jild en te min personiel kin net alhiel brûkt wurde, omdat de wet it foarskriuwt.
Boeren moatte harren ek oan de wet hâlde, of ’t se no jild hawwe of net. It fjirde argumint oer it twatalich belied fan parten Frysk en parten Nederlânsk is hiel wrang. Yn Actief en oare gemeentlike stikken is 10 % Frysk en 90 % Nederlânsk. Jim meitsje fan gelikense rjochten 10 % en 90 %. Kom dêr ris mei by in erfenis. It Frysk is ús erfdiel. It mei net foar minder as 50 / 50. It stik fan de gemeente yn Actief kin de iene wike yn it Frysk en de oare wike yn it Nederlânsk en de webside moat yn beide talen kinne.
Bonaire is in gemeente yn it Keninkryk Nederlân. Bonaire mei 22 000 ynwenners hat minder Papiamint-sprekkers as Frysksprekkers yn Tytsjerksteradiel. Bonaire hat in dûbeltalige webside ek as je der djipper yn geane. Bonaire lit sjin dat dit gjin “ûnevenredige belesting” (Artikel 3.2) is. Yn 2014 is der in wet kommen oer it brûken fan it Frysk. Yn de oanhef steane de gelikense rjochten fan it Nederlânsk en it Frysk. Foar it earst yn 500 jier wurde gelikense rjochten fan beide talen neamd. Yn artikel 2 stiet dat de offisjele talen yn de provinsje it Nederlânsk en it Frysk binne. Dat binne foar de twadde kear gelikense rjochten foar de beide talen. Yn artikel 3 stiet it rjocht om mûnling en skriftlik beide talen te brûken yn it ferkear mei de gemeente. Dat binne foar de tredde kear gelikense rjochten foar de beide talen. Mar jim slúte yn de praktyk en yn de nota it Frysk út fan in folweardige digitale webside. De nota foldocht net oan de wet. Yn artikel 5.1 stiet dat de gemeenten regels opstelle ta it fersterkjen fan it Frysk. Jim bouwe in digitale webside wêr ’t straks 90 % fan it ferkear tusken ynwenners en gemeente oer hinne giet. Jim slúte dêr it Frysk fan út. Dat is in tige grutte ferswakking fan it Frysk yn plak fan in fersterking. Yn artikel 6 stiet dat de Minister bygelyks DigiD yn it Frysk beskikber stelle kin.
Sa kinne jim mei de Minister soarch leverje en it Frysk opnimme yn it digitale netwurk fan de Ryksoerheid. It digitale netwurk fan de oerheid moat foldwaan oan de wet fan de oerheid.
Ik fersykje jimme de gelikense rjochten fan beide talen út de wet fan 2014 sa gau as mooglik yn de praktyk te bringen. Ik wol leafst foar 2025 digitaal yn it Frysk myn identiteitsbewiis oanfreegje kinne.
Dankewol Rients Wartena