Riedsútstel - Water- en rioleringsprogramma Tytsjerksteradiel
Tekst van het document
Riedsútstel
It Debat Agindapunt Status Program Portefúljehâlder Amtner Bylage
: : : : : : :
Saak- en stiknûmer
:
11 september 2025 6 Opiniërend 7 – Volksgezondheid en milieu T. Willemsma Y. Visser 1. Beleidskeuzenotitie Water- en rioleringsprogramma Tytsjerksteradiel 202504027254 en 25ZG301790
Underwerp Water- en rioleringsprogramma Tytsjerksteradiel Koarte ynhâld Foar it opstellen fan ús nij ‘Water en rioleringsprogramma’ (Wrp) ‘WETTERSOARCH’ is in ‘beleidskeuzenotitie’ opsteld. Hjirby is sjoen nei karmooglikkheden op strategysk/taktysk nivo. Dizze mooglikheden en de byhearrende finansjele konsekwinsjes binne útwurke yn ‘Beleidskeuzenotitie’ Wrp Tytsjerksteradiel. Foech fan de ried / kolleezje It kolleezje stelt úteinlik it Wrp fêst, mar it fêststelen fan de byhearende rioelheffing is in foech fan de ried. Dêrom is it wichtich dat de ried har ynput jaan kin foar de fjirdere útwurking fan in konsept Wrp. Nei it fjirder útwurkjen wurdt it konsept Wrp nei fêststelling troch it kolleezje op besjen lein en ta ynformaasje oan de ried en oare stakeholders stjoerd. Taljochting Lykas earder beskreaun yn de startnotysje vGRP wolle wy de boargers mar ek de ried fan de start ôf belûke by it nije Wrp. Wy hawwe ynformaasje ophelle by de boargers mei in enkête en in bewennersjûn. Foar riedsleden is der op 6 juny is temamiddei hâlden. Op basis fan de resultaten fan de temamiddei mei de ried, de enkête en de bewennersjûn mar ek op basis fan besteand belied lizze senarios op basis fan kwaliteitsnivo net foar de hân. It ambysjenivo fan it hjoeddeistige vGRP slút nammentlik naadleas oan op de ambysjes fan de omjouwingsfyzje.
Dêrnjonken binne ûnderdielen fan it ambysjenivo yntusken yntegrearre yn oare gemeentlike, troch de ried fêststelde beliedsdokuminten, lykas de ‘duurzaamheidsagenda’ en it beliedsplan ‘biodiversiteit. Wol binne der karmooglikheden yn ekstra ambysje op strategysk/taktysk nivo. Fynt de ried dat wy ynfolling jaan moatte oan dizze ekstra ambysje en yn hokker mate.
It giet dan om; 1. Het nemen van extra (klimaatadaptieve)maatregelen in de openbare buitenruimte; 2. Het betrekken en stimuleren van inwoners tot het treffen van klimaat robuuste maatregelen; 3. Het verplichten van klimaat robuuste maatregelen in het Omgevingsplan. Foar de ferskate ambysjenivo’s binne de útjeften ek fertaald nei de noadige budzjetten. Ofhinklik fan de kar yn ambysje komme dizze kosten dus boppe op it noadige budzjet om it hjoeddeistige nivo yn stân te hâlden. De útjeften foar de kommende planperioade binne berekkene en los fan ambysjenivo’s lizze dizze foar de kommende planperioade aardich heger dan yn de ôfrûne planperioade. Op begruttingsnivo sil der dus al wol in ferskowingplakfine en dêrmei ek yn de hichte fan de rioelheffing. Yn ûndersteande tabel is it noadige ‘ekstra’ budzjet yndikatyf yn byld brocht. It realisearjen fan alle ambysjes hat yn de heffing rûchwei in effect fan € 9,-, útgeande fan fjrtjin tûzen heffingsienheden Tactiek - Maatregel
Jaarlijks gem. benodigd budget in de planperiode (2026-2030)
% verschil t.o.v. budget huidige aanpak planperiode
Huidige aanpak
€2.828.000
+ 0%
1A: Blauwdruk inrichting
+ € 10.000
+ 0,4%
1B: Proactieve samenwerking
+ € 12.500
+ 0,4%
1C: Integrale wijk- en kernplannen
+ € 24.000
+ 0,8%
Totaal ABC
+ € 46.500
+ 1,6%
2A: Kernschouwen
+ € 12.000
+ 0,4%
2B: Subsidieregeling
+ € 30.000
+ 1,1%
2C: Prikkel heffingsgrondslag
+ € 13.000
+ 0,5%
Totaal ABC
+ € 55.000
+ 1,9%
3A: Strenger toezicht
+ € 18.500
+ 0,7%
3B: Afkoppelplannen
+ € 3.000
+ 0,1%
3C: Waterbergingseisen
+ € 3.000
+ 0,1%
Totaal ABC
+ € 24.500
+ 0,9%
Totaal
+ € 126.000
+ 4,5%
Maatregelen openbare ruimte:
Betrekken en stimuleren inwoners:
Verplichten in Omgevingsplan:
Doel is om ‘beleidskeuzenotitie’ Wrp te presintearjen oan de ried en te hifkjen hokker ambysjenivo op dit stuit by ús gemeente past. Op basis fan de útkomsten kin it belied en de byhearende finansjele konsekwinsjes fjirder út wurke wurde yn it konsept Wrp. Foar mear ynformaasje wurdt ferwiisd nei de taheakke ‘Beleidskeuzenotitie’ Wrp Tytsjerksteradiel. Burgum, 19 augustus 2025
Side
:
2
Het college van burgemeester en wethouders van Tytsjerksteradiel, secretaris,
burgemeester,
dhr. drs. J. Krul
mevr. C. Schokker-Strampel
Side
:
3