Riedsútstel - Konsept-Fyzje en beliedsramt Kultuer, Frysk en erfguod 2027-2035
Tekst van het document
Riedsútstel It Debat : 1 oktober 2026 Agindapunt : 5 Status : Opiniearjend Program : 5 – Sport, kultuer en rekreaasje Portefúljehâlder : J.P. van der Velde Amtner : I. Hoekstra-Dijkman Bylage : 1. Konsept-Fyzje en beliedsramt Kultuer, Frysk en Erfguod Saak- en stiknûmer : 2026081730694 en 26ZG148143 Underwerp Konsept-Fyzje en beliedsramt Kultuer, Frysk en erfguod 2027-2035 Koarte ynhâld Mei de fyzje "Bouwe oan de identiteit fan moarn" stelt de gemeente de koers fêst foar it kultuer-, Frysk- en erfguodbelied foar de perioade 2027-2035. It belied ferbynt kultuer, taal en erfguod mei maatskiplike opjeften lykas leefberens, dielname, sosjale gearhing en brede wolfeart. Foech fan de ried / kolleezje De gemeentried hat it foech om gemeentlik belied en de dêrby hearrende maatskiplike doelen en finansjele kaders fêst te stellen. It kolleezje is ferantwurdlik foar de útfiering fan it belied binnen de troch de ried fêststelde kaders. Ynhâldlik kader Us belied fan no is fersnippere. Der is ôfsûnderlik belied foar kultuer (Kultuernota Ut de Kulizen) en foar it Frysk (nota Frysk taalbelied) noch ûntwikkele mei de gemeente Achtkarspelen. Foar erfguod ûntbrekt in gemeentlik beliedsramt. De besteande beliedskaders fan kultuer en Frysk passe net mear folslein by de hjoeddeiske maatskiplike ûntwikkelingen.
Fergrizing, tanimmende iensumens, feroarjende foarmen fan partisipaasje, digitalisearring en druk op frijwilligers freegje om in nije yntegrale koers. De fyzje kiest foar in brede benadering dêr't kultuer, Frysk en erfguod net allinnich kulturele wearden binne, mar ek bydrage oan identiteit, leefberens, sûnens, dielname, sosjale gearhing en brede wolfeart. De strategyske koers is rjochte op: • sterke doarpen en in aktive mienskip; • in werkenber en sichtber Tytsjerksteradiel; • in libbend Frysk; • in takomstbestindich kultureel ekosysteem;
• | erfguod as kwaliteit fan de leefomjouwing. Dêrmei slút it belied oan op de fisy Fersterkjen Sosjale Basis, de Omjouwingsfisy, it GALA en ferskate lanlike en provinsjale beliedskaders. Fan fyzje nei útfiering It beliedskader beskriuwt de strategyske koers foar de perioade 2027-2035. De konkrete útfiering wurdt fierder útwurke yn mearjierrige en jierlikse útfieringsprogramma's. Dêrby steane maatskiplike effekten sintraal en wurdt stjoerd op resultaten lykas dielname, frijwilligersynset, sosjale ferbining, it gebrûk fan it Frysk, gearwurking en erfguodpartisipaasje. De útfiering fynt plak fia de trije pylders: • | Moetsje; • | Understeune; • | Untwikkelje. In wichtich útfieringsynstrumint wurdt de yntegrale subsydzjeregeling Mienskip 2028, wêrmei't inisjativen op it mêd fan kultuer, Frysk, erfguod en leefberens yn ûnderlinge gearhing stipe wurde. Prosedureel kader It beliedskader is ta stân kommen yn gearwurking mei ynwenners, kulturele en erfguodorganisaasjes en oare maatskiplike partners. Under oaren fia de doarpentoer en in moetingsmiddei binne winsken, ideeën en oandachtspunten ophelle út de mienskip en meinommen yn de útwurking fan de fyzje. Nei fêststelling troch de gemeentried wurdt it belied per 1 jannewaris 2027 útfierd. Yn 2031 fynt in tuskentiidske evaluaasje plak en yn 2035 in ein-evaluaasje.
Finansjeel kader De útfiering fan it beliedskader fynt plak binnen de besteande troch de gemeenteried fêststelde finansjele kaders. Nije ambysjes of útwreidingen wurde allinnich útfierd as dêr dekking en aparte bestjoerlike beslútfoarming foar beskikber is. Subsidiecategorie | Subsidiebedrag 2026 | subsidiebedrag 2027 dbieb | € | 654.053 | € | 670.404 De Wâldsang | € | 334.302 | € | 342.660 Park Vijversburg | € | 5.000 | Nader te bepalen Culturele Commissie De Pleats | € | 6.156 | € | 6.310 Federatie zangverenigingen | € | 5.000 | € | 5.125 Het Achterland Subsidie 2027 en 2028 is naar voren gehaald. Middelen 2027 en 2028 komen | € | 30.000 | - uit de reserves. Budget technisch nog besteedbaar in 2027 en 2028, maar wordt in de begroting 2027 en 2028 Side | : | 2 afgeraamd ten gunste van het begrotingssaldo. Lokale omroep Basisbekostiging richtlijnbedrag €1,75 | € | 23.703 | € | 24.535 per huishouden. 2026 14020 huishoudens.
Iepenloftspul (1x per 2 jaar € 9.000) | € | 4.500 | € | 4.500 Observeum | € | 66.546 | € | 68.209 Subsidieregeling Samenleving – cultuur Harmonie, fanfarekorpsen, brassband en | € | 41.000 | € | 41.000 drumband Subsidieregeling Samenleving – cultuur | € | 15.000 | € | 15.000 culturele activiteiten Subsidieregeling Samenleving – cultuur | € | 5.000 | € | 5.000 Friese taal en cultuur Begrotingssubsidie Frysk | € | 2.208 | € | 2.265 Lês/mar-Foar Begrotingssubsidie Frysk | € | 3.185 | € | 3.265 Afûk kursussen € | 1.255.653 | € | 1.188.273 Kommunikaasje N.f.t. Opiniearjende fragen Wy hawwe in konseptfisy opsteld foar kultuer, Frysk en erfguod foar de perioade 2027 - 2035. Mei dizze fyzje sketse wy in mooglike koers foar de kommende jierren. By dizze opiniëarjende behanneling hearre wy graach fan de ried oft wy mei dizze konseptfyzje op it goede spoar sitte en hokker aksinten, karren of oanfollingen de ried wichtich fynt foar de fierdere útwurking fan de definitive fyzje. Yn it bysûnder hearre wy graach de opfettingen fan de ried oer de folgjende fragen. 1. | De konseptfyzje posisjonearret kultuer, Frysk en erfguod as wichtige boustiennen foar leefberens, identiteit, partisipaasje en brede wolfeart. Yn hoefier ûnderskriuwt de ried dizze brede maatskiplike betsjutting en wêr sjocht de ried kânsen om dy rol de kommende jierren fierder te fersterkjen? 2.
| De konseptfyzje set yn op it fersterkjen fan de besteande basis en it takomstbestindich ûntwikkeljen fan kultuer, Frysk en erfguod. Wêr sjocht de ried kânsen om dizze ambysjes fierder út te bouwen, sadat kultuer, Frysk en erfguod noch sterker bydrage kinne oan de identiteit, leefberens en brede wolfeart fan Tytsjerksteradiel? 3. | Hokker rol sjocht de ried foar de gemeente by de útfiering fan de fyzje en hoe kinne de rollen fan ramtstellen, ferbinen en mooglik meitsje neffens de ried it bêste ynfolle wurde? 4. | De konseptfyzje kiest foar in brede erfguodoanpak, dêr't njonken monuminten ek ferhalen, tradysjes, kolleksjes, argiven en ymmaterieel erfgoed sintraal yn steane. Side | : | 3 Side : 4 Hokker kânsen sjocht de ried om dy brede oanpak fierder te ûntwikkeljen en te benutten foar de identiteit en leefberens fan de gemeente? 5. Hokker oanfoljende tema's, opjeften of kânsen fertsjinje neffens de ried in sterker plak yn de definitive fyzje om de maatskiplike mearwearde fan kultuer, Frysk en erfguod fierder te fergrutsjen? 6. Hokker ûnderdielen fan de fyzje fertsjinne neffens de ried prioriteit yn de fierdere útwurking, sadat maatskiplike doelen fan de fyzje optimaal realisearre wurde kinne? Burgum, 8 septimber 2026 It kolleezje fan boargemaster en wethâlders fan Tytsjerksteradiel, sekretaris, dhr. drs. J. Krul boargemaster, dhr. mr. K.A. Breuker