CConstaterende datTytsjerksteradiel
Koppel je AI →
Document · PDF

Riedsútstel - Bioferskaatplan Tytsjerksteradiel

RAAD IEPEN POADIUM (RAADZAAL) 12 september 2024, gemeente TytsjerksteradielBij agendapunt: Bioferskaatplan Tytsjerksteradiel (prosedureel)1.116 woorden

Open het PDF bij de gemeente ↗Naar de vergadering →

Tekst van het document

Uit het bestand gehaald, zonder opmaak, tabellen en afbeeldingen

Riedsútstel

Ried Agindapunt Status Program Eardere behandeling Portefúljehâlder Amtner Taheakke Saak- en stiknûmer

: : : : : : : : :

19 septimber 2024 8 Beslútfoarmjend Programma 5 – Sport, Kultuer en Rekreaasje N.f.t. Mefr. T. Willemsma Mefr. D.M. van der Pol 1. Bioferskaatplan Tytsjerksteradiel Z2023-04152 / S2024-13720

Underwerp Bioferskaatplan Tytsjerksteradiel Wy stelle jo foar te besluten om: 1. Yn te stimmen mei it beliedsplan bioferskaat. 2. Foar de útfiering in bedrach fan € 175.000 ienmalich foar rekken fan de algemiene middels komme te litten en € 140.000 foar rekken fan it begruttingsresultaat fan 2025 ôf. Koarte gearfetting Nei oanlieding fan de efterútgong fan ús bioferskaat hat de ried opdracht joen om in plan op te stellen dêr’t wy as gemeente in stap mei foarút dwaan kinne. Dêrom is der in Beliedsplan Bioferskaat opsteld dat it beliedskader foarmje sil foar de perioade 20242030. Foech ried/kolleezje De ried stelt de beliedskaders fêst en dêrmei it nije bioferskaatplan. Ofhinklik fan de kar fan de ried sil it kolleezje oan de slach mei de útfiering fan it nije plan. Ynlieding Om ynfolling te jaan oan de opdracht fan de ried is der earder in startnotysje opsteld. Op basis fan de startnotysje hawwe wy de ried, ynwenners en oare belanghawwenden belutsen by it meitsjen fan in Beliedsplan Bioferskaat. Meardere senario’s binne útwurke en úteinlik is der yn mearderheid in foarkar útsprutsen foar it senario ' Herstel en Versterk '. Mei dit senario hoopje wy as gemeente in bydrage te leverjen oan it fersterkjen fan it bioferskaat en wer mear fearkrêft yn it systeem te krijen. Dat is noadich foar no en takomstige generaasjes om in leefbere ierde te behâlden. Dy kar leit by de ried.

Foar mear ynformaasje wurdt ferwiisd nei it taheakke Beliedsplan Bioferskaat Histoarje Yn de riedsgearkomst fan 23 febrewaris 2023 is de startnotysje oannaam. Foar it plan is der by alle partijen op ferskate wizen ynformaasje ophelle. Yn april 2023 hat der yn Burgum in brainstormsesje west foar ynwenners, riedsleden en eksterne belanghawwenden. Dêrneist hat op de Denkmee webside in enquête west foar eltsenien yn de gemeente. Tegearre mei in advysburo is ynhâldlik in ferdjippingsslach útfierd om

Ried Punt Side

: : :

19 septimber 2024 8 2

goed ynsjoch te krijen yn de situaasje yn ús gemeente. Foar belutsen amtners is in temasesje holden. Dizze stappen hawwe laat ta in nij en earste bioferskaatplan. Op 23 maaie hat der in presintaasje west oer de ferskillende senario’s en op 30 maaie hat de ried yn mearderhheid harren foarkar útsprutsen foar it senario ‘Herstel en Versterk’. Dit is no útwurke yn in beliedsplan. Te berikken effekt It doel is om mei it beliedsplan it bioferskaat te fersterkjen en te ferbetterjen. Om dat te mjitten is monitoarjen in underdiel fan it plan om ynsichtlik te krijen wat ús aksjes teweech bringe. Dat is ta in hichte mooglik troch bygelyks it ynventarisearjen fan de planten. As gemeente binne wy mar in lytse skeakel yn in grutter gehiel. Allinnich sille wy it tij net keare, mar binne wy ek ofhinklik fan de wrâld om ús hinne, want alles hinget gear mei inoar. Dat makket it lestich om konkrete doelen yn sifers te formulearjen. Arguminten 1. It útstel past yn it ynsetten belied Yn de Duurzaamheidsagenda (2021) wie al in paragraaf oer it bioferskaat. Ek yn oar belied wurdt it al krekt even neamd. It plan is oerkoepeljend, set alles op ‘e rige en docht in stap foarút nei de takomst. 2. It bioferskaat nimt ôf It is al jierren bekend dat it min giet mei it bioferskaat troch minsklik hanneljen. Troch in Beliedsplan Bioferskaat wolle wy besykje dêr ferbettering yn te bringen.

Alternativen Yn de tarieding binne trije senario’s útwurke yn it Beliedsplan Bioferskaat. Kanttekenings/risiko’s 1. It bioferskaatplan is opsteld mei de kennis fan no Dat it min giet is bekend, mar de oplossingen dêrfoar binne kontinu yn feroaring troch nije ynsichten. Mei de kennis fan no geane wy oan de slach. Der is yn it plan romte om dêr op yn te spyljen. Finânsjes

Groen Blauw Grijs Geel Bewustwording Totaal

Eenmalig

Structureel

€ 90.000 - € 110.000 € 25.000 - € 35.000 € 10.000 - € 20.000 € 3.000 - € 7.000 € 2.000 - € 3.000 € 130.000- € 175.000

€ 10.000 - € 15.000 € 35.000 - € 45.000 € 20.000 - € 30.000 € 15.000 - € 25.000 € 20.00 - € 25.000 € 100.000 - € 140.000

Foar de útfiering fan it beliedsplan stelle wy foar in bedrach fan € 175.000 ienmalich foar rekken fan de algemiene middels komme te litten en € 140.000 foar rekken fan it begruttingsresultaat fan 2025 ôf. Yn de Kaderbrief 2025-2028 is oan jûn dat de strukturele lêst fan € 140.000 fan 2026 ôf begjinne mat, dit mat al fan 2025 ôf beskikber wêze. De strukturele middels wolle wy fuortendaliks yn 2025 ynsette.

Ried Punt Side

: : :

19 septimber 2024 8 3

Foar útlis oer it tastânkommen fan de bedragen kinne de bylagen yn it beliedsplan riedplachte wurde. It plan rint oant en mei 2030. Ynwenners- en oerheidspartisipaasje By it opstellen fan it plan binne sa as earder oanjûn op ferskate wizen de belanghawwenden derby belutsen. Ek by it útroljen fan it plan spylje sy in wichtige rol en hawwe wy eltsenien noadich om it bioferskaat te fergrutsjen. Kommunikaasje It definitive bioferskaatplan sil bekend makke wurde op ús webside, yn de Actief en Denkmee side. Yntegraliteit Foar it opstellen is amtelik in oerlis west en hat der it hiele trajekt nau kontakt west mei de belutsen amtners. Previnsje N.f.t. Gearwurking N.f.t. Ferfolchtrajekt Nei beslútfoarming wurdt it plan bekend makke. Alle jierren wurdt der in útfieringsplan makke en nei de ried tastjoerd. De maatregels yn dit beliedsplan oangeande it kapitaalgoed iepenbier grien sille ûnderdiel útmeitsje fan it grienbeliedsplan. Dêryn wurde se útwurke yn belied en de útfiering fan it belied. Evaluaasje Oan de ein fan de planperioade wurdt it bioferskaatplan op ‘e nij ikere en wurdt by in nij bioferskaatplan bepaald oft de no fêststelde ambysje noch akseptabel is foar de folgjende planperioade. Burgum, 27 augustus 2024 It kolleezje fan boargemaster en wethâlders fan Tytsjerksteradiel, Sekretaris a.i.,

Boargemaster,

Dhr. drs. J. Krul

Dhr. drs. L.J. Gebben

Riedsbeslút De raad van de gemeente Tytsjerksteradiel; gelezen het voorstel van het college van burgemeester en wethouders d.d. 16 july 2024, punt nummer: 8; Beslút: 1. Yn te stimmen mei it beliedsplan bioferskaat; 2. Foar de útfiering in bedrach fan € 175.000 ienmalich foar rekken fan de algemiene middels komme te litten en € 140.000 foar rekken fan it begruttingsresultaat fan 2025 ôf. Aldus vastgesteld in de openbare vergadering van de raad van de gemeente Tytsjerksteradiel van 19 september 2024.

De griffier,

De voorzitter,

Mevr. mr. A. Dam

Dhr. drs. L.J. Gebben

De tekst is automatisch uit het bestand gehaald en kan afwijken van het origineel (kolommen, tabellen en koppen lopen door elkaar). Het officiële stuk bij de gemeente is leidend. Bron: https://api1.ibabs.eu/publicdownload.aspx?site=Tytsjerksteradiel&id=bcf3a469-376f-44b2-af6f-0c0d6865a4c0