Raadsvoorstel - Water- en Rioleringsplan (Wrp) Wettersoarch Tytsjerksteradiel
Tekst van het document
Riedsútstel
It Beslút Agindapunt Status Program Portefúljehâlder Amtner Bylage
: : : : : : :
Saak- en stiknûmer
:
23 april 2026 13 Beslútfoarmjend 7 – Folkssûnens en miljeu J.P. van der Velde Y. Visser 1. Wettersoarch Wrp Tytsjerksteradiel 2026-2031 Hoofdrapport, 24 maart 2026 2. Wettersoarch Wrp Tyutsjerksteradiel 2026-2031 Achtergronddocument revisie 04, 24 maart 2026 202504027254 en 26ZG128277
Underwerp Water- en Rioleringsplan (Wrp) Wettersoarch Tytsjerksteradiel Wy stelle jo foar te besluten om: Yn te stimmen mei de finansjele paragraaf fan Wrp Wettersoarch en dizze fêst te stellen. Dit giet dan om de ûnderdielen “programma” en “kostendekking” fan it haadrapport en de haadstikken 10 en 11 fan dit eftergrûndokumint. Koarte gearfetting Us hjoeddeistige vGRP (verbreed Gemeentelijk Rioleringsplan) is fêststeld foar de perioade 2020-2025. Under de Omjouwingswet is in vGRP net langer ferplichte mar de gemeente hat noch altyd in soarchplicht foar de gemeentlike wettertaken en ek is der in gedegen (behear)plan noadich om de egalisaasjefoarsjenning en rioelheffing te ferantwurdzjen. Dêrom is der foar keazen om in Wetter- en riolearingsprogramma (Wrp) op te stellen. It Wrp sil it beliedskader foarmje foar de perioade 2026-2031. It Wrp bestiet út in (beliedsmjittich) haadrapport en in apart technysk eftergrûn dokumint. Foech ried/kolleezje: Op grûn fan de Omjouwingswet is it Wetter- en Rioleringsprogramma in omjouwingsprogramma dat fêststeld wurdt troch it kolleezje fan boargemaster en wethâlders. It Wrp 'WETTERSOARCH' is op 31 maart 2026 fêststeld troch it kolleezje. Lykas earder oanjûn leit it foech foar it fêststellen fan de tariven en de needsaaklike krediten oer de perioade 2026-2031 foar de maatregels by de ried.
Dêrom wurdt it definitieve Wrp foar dizze punten no beslútfoarmjend oan de ried foarlein. Dit giet dan om de ûnderdielen “programma” en “kostendekking” fan it haadrapport en de haadstikken 10 en 11 fan dit eftergrûndokumint. Ynlieding Lykas oanjûn is der foar keazen om in Wetter- en riolearingsprogramma (Wrp) op te stellen. Yn dit Wrp omskriuwe wy hoe't wy ynfolling jouwe oan ús wetlike soarchtaken foar ôffalwetter, himelwetter en grûnwetter. Dêrneist beskriuwt it programma de soarch
foar it oerflaktewetter en de ynfloed fan klimaatferoaring op de wetterketen, en hoe't we dêrmei omgean wolle (klimaatadaptaasje). Op grûn fan de Omjouwingswet is it Wetteren Riolearingsprogramma in omjouwingsprogramma dat fêststeld wurdt troch it kolleezje fan boargemaster en wethâlders. It ûntwerp Wrp 'WETTERSOARCH' is opsteld en op 27 jannewaris 2026 fêststeld troch it kolleezje. It foech foar it fêststellen fan de tariven en de needsaaklike krediten oer de perioade 2026-2031 foar de maatregels leit lykwols by de ried. Dêrom wurdt it definitive Wrp foar dizze punten ek beslútfoarmjend oan de ried foarlein. Op 19 febrewaris 2026 hat de ried besluten om gjin winsken en betinkingen yn te tsjinjen op it ûntwerp Wrp ‘Wettersoarch’. It ûntwerp Wrp is nei fêstelling ta kommentaar foarlein oan de provinsje Fryslân en wetterskip Fryslân. Fjirder is it tastjoerd oan de doarpsbelangen en op besjen lein foar boargers en oare stakeholders om tredden ek de gelegenheid te jaan om reaksjes of opmerkings te jaan. Der binne fjouwer reaksjes binnenkaam. De reaksjes en de beändering binne opnaam yn it eftergrûndokumint.It ûntwerp Wrp hat oant ‘e mei 13 maart 2026 op besjen lein. It Wrp bestiet út in (beliedsmjittich) haadrapport en in apart technysk eftergrûn dokumint en sil it beliedskader foarmje foar de perioade 2026-2031.
Te berikken effekt Wy wolle ús wetlike soarchplichten op it mêd fan wetter sa goed mooglik ynfolle. Sjoen de klimatologyske feroarings sil der in kar makke wurde moatte yn wat wy wol en net akseptabel fine op it mêd fan wetter(oerlêst). Mei it opstellen fan in nij Wrp Wettersoarch hat de gemeente in utfieringsynstrumint foar it bepalen fan de beliedskaders foar de gemeentlike wettertaken op in wize dy't dudlik is foar de behearder mar ek foar bestjoer en boarger. Arguminten 1. It WRP 2026 -2031 jout de ûnderbouwing fan de egalisaasjefoarsjenning riolearing en de rioelheffing Om’t it hjoeddeistige vGRP ferrûn is haw wy, neffens it BBV (Besluit Begroting en Verantwoording), in nij gedegen (behear)plan noadich om de egalisaasjefoarsjenning en rioelheffing te ferantwurdzjen. Dit dogge wy mei it nije WRP 2026 -2031. 2. Troch te ynvestearjen yn ús gemeentlike wettertaken en de foarsjenningen dy’t wy dêrby ynsette, wurde op lange termyn kostebesparringen realisearre. Dat bart troch it ferminderjen fan skea troch wetteroerlêst en it ferheegjen fan de libbensdoer fan besteande ynfrastruktuer. Hege ynvestearringen binne needsaaklik om yn'e takomst hegere kosten foar te kommen. 3. Wy wolle ynfolling jaan oan it proses Wrp sa as dat earder fêstlein is yn de startnotysje Wrp. 4. It nije WRP is in omjouwingsprogramma ûnder de Omjouwingswet.
It slút dêrom oan op ús omjouwingsfisy en op it (takomstige) omjouwingsplan. De tema's en opjeften út ús omjouwingsfisy binne omskreaun op in heech abstraksjenivo. It Wrp is as omjouwingsprogramma de brêge tusken de tema's en opjeften út de omjouwingsfisy en de regels yn it omjouwingsplan. It WRP befettet de beliedsútwurking fan de omjouwingsfizy mei de ynfolling fan ús wetlike soarchtaken foar ôffalwetter, himelwetter en grûnwetter. 5. Nei fêststelling fan it WRP fynt de beslútfoarming fan de finansjele paragraaf (mei tariven rioelheffingen en mearjierrige krediten) troch de gemeenteried plak. Dit giet om de ûnderdielen “programma” en “kostendekking” fan it haadrapport en de haadstikken 10 en 11 fan dit eftergrûndokumint. Alternativen N.f.t.
Side
:
2
Kanttekeningen/risiko’s 1. Der kinne de kommende jierren nije ynsichten ûntstean of boppegrûnske ûntwikkelings komme wêrtroch nije projekten berne wurde. 2. De ynvestearrings fan it besteande areaal binne basearre op ynsichten fan 2025. Dit is foar in part op basis fan kwaliteitsgegevens mar fjirder yn de tiid op basis fan de technyske libbensdoer. Op basis fan dizze ynsichten komt der oan de ein en fuort nei de planperioade in ferfangingspyk fan guon rioelen. It is net útsluten dat in part fan dizze ferfanging earder moat op grûn fan kwaliteitskriteria. Oarsom kin fansels ek. 3. Yn de roaiïng is gjin rekken hâlden mei yndeksearring. 4. Der is ek gjin rekken hâlden mei bygelyks boaiemfersmoarging, dit soe liede kinne ta tanimming fan kosten. Finânsjes De útjeften oan de gemeentlike wettertaken binne foar de kommende planperioade ynsichtlik makke. It hâld yn dat der gemiddeld in jierlikse eksploitaasjebudzjet noadich is fan € 2.800.000,-. Hjiryn binne de útkomsten fan de opiniearjende riedgearkomst fan septimber meinaam. Derneist is der foar alle ynfestearings yn rioelmaatregels yn de planperioade 2026-2031 in bedrach fan € 12.780.000 oan krediet noadich. De kaptaalslesten hjir fan wurde jierliks omslein nei it eksploitaasjebudzjet. De útjeften oan de gemeentlike wettertaken wurde dutsen troch de rioelheffing.
Utgongspunt fan de heffingsberekkening yn it Wrp is in gemiddeld kostendekkingspersintaasje fan ca. 98% yn de planperioade. It jierliks tekoart (ca 2%) kin opfongen wurde troch de foarsjenning. It hâld yn dat de rioelheffing yn de planperioade (oant ‘e mei 2031) in jierlikse stiging plakfynt fan 3,2 persint. Dit is dan eksklusyf yndeksearring. Ynwenners- en oerheidspartisipaasje It ûntwerp Wrp is ta kommentaar foarlein oan provinsje Fryslân en wetterskip Fryslân en tastjoerd oan de doarpsbelangen. Dêrneist is op ús webside en yn de Actief bekend makke dat it ûntwerp Wrp op besjen leit en hat men opmerkings/oanfollings of in reaksje jaan kinnen. Kommunikaasje It definitive Wrp sil bekend makke wurde op ús webside en yn de Actief. Yntegraliteit Foar de begelieding fan it opstellen fan in Wrp is in brede amtlike projektgroep Wrp gearstald (sjoch ek startnotysje). Hjirtroch binne de belutsen teams/ôfdielings oansluten by it projekt/proses en belutsen by it advystrajekt. Gearwurking Wetterskip Fryslân makket diel út fan de projektgroep. Ferfolchtrajekt Nei beslúfoarming oer de finansjele paragraaf yn de ried wurdt it riedsbeslút ferwurke yn it definitive Wrp Wettersoarch en bekend makke op ús side. Fjirder sil it fêststelde Wrp tastjoerd wurde oan wetterskip Fryslân en provinsje Fryslân.
Evaluaasje Oan de ein fan de planperioade wurdt it Wrp op 'e nij ikere en wurdt by in nij Wrp bepaald oft de no fêststelde ambysje noch akseptabel is foar de folgjende planperioade, rekken hâldend mei it wetlik kader op dat stuit. Burgum, 31 maart 2026
Side
:
3
It kolleezje fan boargemaster en wethâlders fan Tytsjerksteradiel, sekretaris,
boargemaster,
dhr. drs. J. Krul
dhr. mr. K.A. Breuker
Side
:
4
Riedsbeslút De ried fan de gemeente Tytsjerksteradiel; Nei it lêzen fan it útstel fan it kolleezje fan boargemaster en wethâlders fan 31 maart 2026, punt nûmer: 13; Beslút: Yn te stimmen mei de finansjele paragraaf fan Wrp Wettersoarch en dizze fêst te stellen. Dit giet dan om de ûnderdielen “programma” en “kostendekking” fan it haadrapport en de haadstikken 10 en 11 fan dit eftergrûndokumint. Sa fêststeld yn de iepenbiere gearkomste fan de ried fan de gemeente Tytsjerksteradiel fan 23 april 2026.
De griffier,
De foarsitter,
mevr. mr. A. Dam
dhr. mr. K.A. Breuker
Side
:
5