CConstaterende datTytsjerksteradiel
Koppel je AI →
Document · PDF

Inspraakreactie I. Prins

RAAD IEPEN POADIUM (RAADZAAL) 28 augustus 2025, gemeente TytsjerksteradielBij agendapunt: Sprekrjocht281 woorden

Open het PDF bij de gemeente ↗Naar de vergadering →

Tekst van het document

Uit het bestand gehaald, zonder opmaak, tabellen en afbeeldingen

28-08-2025

Tige tank foar de kâns om te reagearjen op het foarstel mei betrekking ta de gemeentlik ynvestearring yn het sinnepark. Myn namme is Ico Prins, bestjoerslid fan Enerzjy koöperaasje Trynergie. Wy hawwe yn de Trynwâlden en Hurdegaryp mear as 250 leden en binne dwaande mei enerzjy besparring en opwekking en mienskiplik gebrûk fan in dielauto. Ek as Trynergie wurkje wy graach mei oan de doelstelling fan de gemeente om yn 2040 enerzjyneutraal te wêzen. Oan griene stroom produksje ha wy no op 4 dakken genôch foar ûngefear 400 húshâldings. Op dit momint binne der foar de koöperaasje net folle kânsen om mear griene stroom te produsearjen. De sintrale oerheid hat de regeljouwing sa makke dat wy mei ús lytse projekten dizze net rendabel krije kinne. Ekstra steun fan de gemeente foar in inisjatyf fan de koöperaasjes is hjirby wichtich. Om dizze reden dogge wij de oprop oan de ried om it foarstel te steunen sadat ús gemeente yn dizze slach in goede stap dwaan kin yn de produksje fan griene stroom. As koöperaasjes wurkje wy graach gear mei de gemeente. Wij merke ek yn it gemeentlik oerlis wat wy as koöperaasjes mei de gemeente hawwe dat dit enerzjy neutraal wurden in hege prioriteit hat. Dit is in oanmoediging foar ús om troch te gean my ús aktiviteiten om it enerzjyferbrûk te minderjen en de opwek van duorsume enerzjy.

Mei dizze ynvestearring kinne wy soargje dat de opbringsten net nei it bûtenlân geane mar yn de regio bliuwe en mooglik de koöperaasjes te stypjen. Dit kin in oanset wêze foar in gemeentlik enerzjybedriuw. Wy as koöperaasjes kinne dat net allinne, wy wurkje graach mei oan in gemeentlik enerzjy bedriuw.

De tekst is automatisch uit het bestand gehaald en kan afwijken van het origineel (kolommen, tabellen en koppen lopen door elkaar). Het officiële stuk bij de gemeente is leidend. Bron: https://api1.ibabs.eu/publicdownload.aspx?site=Tytsjerksteradiel&id=467bf2b2-b976-4362-9750-1cc56a9acb9f