Inspraakreactie dhr. W. Postma - Plan 60 km Ynspraak IP ried TD oerstek Litsbrêge
Tekst van het document
Achte Ried, kolleezjeleden, amtners en harkers/sjoggers. Tank foar de mooglikheid om jim ta te sprekken en dielgenoat te meitsjen fan de soargen dy’t wy yn Eastermar ha oer de ferkearsfeilichheid. Grif binne jim bekend mei de ferkearsituaasje yn ‘e buert fan ‘e Litsbrêge by Eastermar. Wy doele dan op it oerstekplak foar fuotgongers en fytsers oan ‘e doarpskant fan ‘e brêge. (foto 1 en 2) Dizze oerstek is geregeldwei toaniel fan ‘sawat-ûngemakken’. Gelokkich kin ik noch sizze ‘sawat’, want in echt swier ûngemak mei ferwûnen of slimmer… hat dêr nóch – ik lis mei opsetsin de klam op nóch – net plakfûn. Mar… moatte wy dêrop wachtsje? It liket myn doarpsgenoat Wytske Zandstra, my en folle mear Eastermarders, Heechsânsters, Wytfeansters en Skûlenboargers fan net. Eins moat yn dit rychje ek de Tiiksters neamd wurde, want sûnt it sluten fan ‘e skoalle op ‘e Tike komme der ek skoalbern út dat doarp nei de Eastermarder basisskoalle ‘De Twirre’. Guons fan har meitsje ek gebrûk fan dy oerstek. Wat is dêr dan mis? De dyk dy’t oerstutsen wurde moat, hat in snelheidsrezjym fan 80 km/o., mar de snelheid fan ‘e auto’s is dêr faak heger, nettsjinsteande it feit dat der op sa’n 100 mt.
foar it oerstekplak warskôgingsbuorden stean: ‘Tink derom! Oerstekkende fytsers! (foto 3 en 4) Foar fytsers en fuotgongers wurdt it sicht op dy dyk behindere troch de bochten dy’t yn ‘e dyk sitte, de brêge en de beammen dy’t derlâns stean. De iennige oantsjutting óp ‘e dyk binne de haaietosken dy’t de oerstekkers warskôgje dat hja foarrang ferliene moatte. Us fersyk oan jim as ried – mei yn ‘e achterholle de wittenskip dat der wurke wurdt oan in mobiliteitsplan ofwol it oanpassen fan it GVVP – is om dit oerstekplak feiliger te meitsjen troch…: a. it snelheidsrezjym – dat op de Swartewei rjochting Rottefalle al 60 km/o. is - te ferlengen rjochting Sumar oer de ‘rûnwei’, de Litsbrêge oant de krusing Sumarderwei/Mienskerwei/âlde Sumarderwei en... b. it oerstekplak sichberder te meitsjen foar de automobilist middels warskôgingsstrepen op ‘e dyk en in ferhege oerstekplak yn ‘e foarm fan in ferkearsdrompel. De klam leit yn dizze ynspraakreaksje leit op de feilichheid foar fytser en fuotgonger, mar ek de automobilist moat witte dat er in nuodlik plak naderet. Dêrom lit ik jim de situaasje sjen mei opnamen, makke by sawol 80 as 60 km/o. Want oer de feilichheid fan de automobilist ha wy ek noed. (filmkes). Tank foar jim oandacht.