CConstaterende datTytsjerksteradiel
Koppel je AI →
Document · PDF

Inspraakreactie dhr. Dijk

RAAD IEPEN POADIUM (RD) 16 april 2026, gemeente TytsjerksteradielBij agendapunt: Sprekrjocht1.235 woorden

Open het PDF bij de gemeente ↗Naar de vergadering →

Tekst van het document

Uit het bestand gehaald, zonder opmaak, tabellen en afbeeldingen

Achte riedsleden, bêste oanwêzigen, Ik sprek hjir jûn yn út namme fan de inisjatyfnimmers fan De Warren, fan BurgumWest en yn dit ferbân wolle wy jo, wolle wy jimme, it folgjende meijaan.

Foar ús is it helder dat wy no fol ynsetten bliuwe moatte op de inisjativen en ûntwikkelings yn De Warren. Dêr is de ôfrûne jierren in hiel soad tiid en enerzjy yn sitten gien. Mar der is ek in grut fertrouwen ûntstien yn de plannen dy’t we as inisjatyfnimmers mei-inoar ûntwikkele hawwe foar De Warren. Der leit ûndertusken net allinnich in fyzje, mar ek in breed partisipaasjeproses ûnder, in Mienskipskaart en in útfieringsaginda. No is it de tiid om de stap te setten nei it gebietsrjochte omjouwingsprogramma. Krekt dêrtroch steane we no op in krúsjaal punt. Dit is net mear in faze fan opnij betinke fan wat we dwaan kinne soenen mei De Warren, mar krekt de faze om te fersilverjen fan wat der oan plannen leit. Wat ús oanbelanget moatte wy dat ek sa beneamen bliuwe. De ynvestearring dy't no fanút it Kolleezje frege wurdt foar de fierdere útwurking fan it gebietsrjochte omjouwingsprogramma is net samar in technyske ferfolchstap. Nee, fansels net! It is krekt it natuerlike momentum om no, om yn dit jier werklik safolle fêst te lizzen, út te wurkjen en yn beweging te setten dat wy yn de kommende jierren echt fersnelle kinne rjochting realisaasje. As wy dat goed dogge, soene wy sels de ambysje útsprekke meie dat noch binnen dizze riedsperioade de earste inisjativen sichtber of sels al yn útfiering binne. Dat is net oerdreaun. Dat is krekt wat past by de faze wêryn't we no sitte.

De Warren is boppedat folle mear as in plan foar in gebiet. De krêft sit foar ús sawol yn de ûnderlinge gearhing (samenhang) fan de plannen as yn de betsjutting fan it realisearjen fan de plannen en it tsjinjen fan in boppelizzend doel. Dat doel is it leverjen fan in ekonomyske en sosjaal-maatskiplike ympuls foar Burgum én foar de regio. Troch rekreaasje, toerisme, kultuer, natuer - en wetterbelibbing en de gearwurking tusken de inisjatyfnimmers ûntstiet wat nijs. Untstiet dát wat Burgum oant no ta noch net hat!

Mei it museum, de stjerrewacht, it planetarium, de kulturele funksjes, it hotel en de hoareka plus de ferbining mei it wetter kinne we echt wat unyks taheakje. Burgum wurdt dêrmei folle sterker delsetten as doarp oan it wetter. Dat is net allinnich oantreklik foar besikers, mar ek foar de eigen ynwenners en foar de leefberens binnen it doarp as gehiel. De beweging dy't De Warren yn gong set, helpt ek om op plakken yn Burgum romte te kreëarjen. Krekt troch dat funksjes ferskowne, kinne nije kombinaasjes ûntstean, kin op meardere plakken binnen Burgum sjoen wurde nei werûntwikkeling en oan nije wenfoarmen. (Tink bygelyks oan de ferpleatsing fan it Observeum en de oefenromte foar Legato yn de Ikker en oan de ferpleatsing fan de miljeustrjitte en de gemeentewerf). De ynsette line mei De Warren moatte we no ôfmeitsje en trochsette. Net wer werom nei de tekentafel, mar fierder bouwe op wat der leit. Wy hawwe as doarp en as mienskip de ôfrûne jierren krekt sjen litten dat wy by steat binne om mei-inoar in breed droegen koers del te setten. Dan moatte we no ek de moed hawwe om dêr bestjoerlik en polityk oan fêst te hâlden. Dit is it momint om troch te pakken. Dit is it momint om te fersnellen. En dit is it momint om mei-inoar fan de ynsette koers echt in sukses te meitsjen. It is oan de ried en it Kolleezje om dit mooglik te meitsjen.

Dat freget om moed, fyzje en trochsettingsfermogen. Wy rekkenje op jimme! Tank foar jim oandacht

Geachte raadsleden, beste aanwezigen, Ik spreek hier vanavond in namens de initiatiefnemers van De Warren, van BurgumWest en in dit verband willen wij u, willen wij jullie, het volgende meegeven. Voor ons is het helder dat wij nu vol moeten blijven inzetten op de initiatieven en ontwikkelingen in De Warren. Daar is de afgelopen jaren veel tijd en energie in gaan zitten. Maar er is ook een groot vertrouwen ontstaan in de plannen die we als initiatiefnemers met elkaar hebben ontwikkeld voor De Warren. Er ligt inmiddels niet alleen een visie, maar ook een breed participatieproces onder, een Gemeenschapskaart en een uitvoeringsagenda. Nu is het de tijd om de stap te zetten naar het gebiedsgerichte omgevingsprogramma. Precies daardoor staan we nu op een cruciaal punt. Dit is niet meer een fase van opnieuw bedenken van wat we zouden kunnen doen met De Warren, maar juist de fase om te verzilveren van wat er al aan plannen ligt. Wat ons betreft moeten wij dat ook zo blijven benoemen. De investering die nu vanuit het College wordt gevraagd voor de verdere uitwerking van het gebiedsgerichte omgevingsprogramma is niet zomaar een technische vervolgstap. Nee, natuurlijk niet! Het is juist het natuurlijke momentum om nu, om in dit jaar werkelijk zoveel vast te leggen, uit te werken en in beweging te zetten dat we de komende jaren echt kunnen versnellen richting realisatie.

Als we dat goed doen, zouden we zelfs de ambitie mogen uitspreken dat nog binnen deze raadsperiode de eerste initiatieven zichtbaar of zelfs al in uitvoering zijn. Dat is niet overdreven. Dat is net wat past bij de fase waarin we nu zitten. De Warren is bovendien veel meer dan een plan voor een gebied. De kracht zit voor ons zowel in de onderlinge samenhang van de plannen als in de betekenis van het realiseren van de plannen en het dienen van een bovenliggend doel. Dat doel is het leveren van een economische en sociaal-maatschappelijke impuls voor Burgum én voor de regio. Door recreatie, toerisme, cultuur, natuur- en waterbeleving en de samenwerking tussen de initiatiefnemers ontstaat iets nieuws. Ontstaat dát wat Burgum tot nu toe nog niet heeft! Met het museum, de sterrenwacht, het planetarium, de culturele functies, het hotel en de horeca plus de verbinding met het water kunnen we echt wat unieks toevoegen. Burgum wordt daarmee veel sterker neergezet als dorp aan het water.

Dat is niet alleen aantrekkelijk voor bezoekers, maar ook voor de eigen inwoners en voor de leefbaarheid binnen het dorp als geheel. De beweging die De Warren in gang zet, helpt ook om op plekken in Burgum ruimte te creëren. Juist door dat functies verschuiven, kunnen nieuwe combinaties ontstaan, kan op meerdere plaatsen binnen Burgum worden gekeken naar herontwikkeling en aan nieuwe woonvormen. (Denk bijvoorbeeld aan de verplaatsing van het Observeum en de oefenruimte voor Legato in de Ikker en aan de verplaatsing van de milieustraat en de gemeentewerf). De ingezette lijn met De Warren moeten we nu afmaken en doorzetten. Niet meer terug naar de tekentafel, maar verder bouwen op wat er ligt. Wij hebben als dorp en als gemeenschap de afgelopen jaren juist laten zien dat we in staat zijn gezamenlijk een breed gedragen koers neer te zetten. Dan moeten we nu ook de moed hebben om daar bestuurlijk en politiek aan vast te houden. Dit is het moment om door te pakken. Dit is het moment om te versnellen. En dit is het moment om met elkaar van de ingezette koers echt een succes te maken. Het is aan de raad en het College om dit mogelijk te maken. Dat vraagt om moed, visie en doorzettingsvermogen. We rekenen op jullie! Dank voor jullie aandacht

De tekst is automatisch uit het bestand gehaald en kan afwijken van het origineel (kolommen, tabellen en koppen lopen door elkaar). Het officiële stuk bij de gemeente is leidend. Bron: https://api1.ibabs.eu/publicdownload.aspx?site=Tytsjerksteradiel&id=6125fa5c-bcad-4ee0-8d16-28f1a011b91b