Amendearre riedsbeslút (yncl. amendemint) - Fêstelle Brede Inclusie Agenda
Tekst van het document
Riedsútstel
Ried Agindapunt Status Program Eardere behandeling Portefúljehâlder Amtner Taheakke
: : : : : : : :
Saak- en stiknûmer
:
20 maart 2025 7 Beslútfoarmjend Programma 6 – Sosjaal Domein N.f.t. C.M. de Pee D. de Wolff 1. Brede Inclusie Agenda 2. Nederlandse vertaling raadsvoorstel 202501214344/25ZG000708
Underwerp Fêstelle “Brede Inclusie Agenda” Wy stelle jo foar te besluten om: 1. De Brede Inclusie Agenda fêst te stellen. Koarte gearfetting Nei de riedsgearkomste fan 19 desimber hawwe wy, mei respekt foar de ûnderskate stânpunten fan de politike partijen, in ôfwaging makke om de “Brede Inclusie Agenda” oan te passen. Dêrmei stribje wy nei konkrete en breed droegen stappen dy't ferskaat en ynklusy yn ús mienskip fersterkje. Foech ried/kolleezje De gemeenteried hat op grûn fan de Wmo it foech om de “Brede Inclusie Agenda” fêst te stellen. Hjirmei stelt de ried de kaders fêst. It kolleezje soarget foar de útfiering. Ynlieding De gemeente Tytsjerksteradiel wol in plak wêze dêr’t elkenien meidwaan kin, mei as sûnder beheining. De “Brede Inclusie Agenda” is it plan dêr't yn stiet hoe't wy as gemeente dêr útfiering oan jouwe. Histoarje - septimber 2021 hat kolleezje in startnotysje oanbean oan de ried dêr't yn beskreaun stiet, yn hoefier't it gemeentlik belied oanslút by it gedachtegoed fan it VN-ferdrach. - 4 novimber 2021 hat de gemeenteried het amindemint “Lokale Inclusieve Agenda” oannimmen. - 3 maart 2022 is in startnotysje fêststeld dêr’t it proses om te kommen ta in lokale ynklusy aginda te kommen. - 13 july 2023 is de moasje “Regenbooggemeente” oannommen.
- 17 maaie 2023 is der in startnotysje skreaun foar it opsetten fan Reinbôgebelied - 1 jannewaris 2024 hat de gemeente him als Reinbôgegemeente beneamd.
Ried Punt Side
: : :
20 maart 2025 7 2
Te berikken effekt Mei de “Brede Inclusie Agenda” stribje wy nei konkrete en breed droegen stappen dy't diversiteit en ynklusy yn ús mienskip fersterkje. Mei de oanpassing fan de “Brede Inclusie Agenda” nei oanlieding fan de opmerkingen fan de ried, wolle wy alle partijen temjitte komme. Opmerkingen út de ried wei: 1. 2. 3. 4. 5. 6.
Ynklusy Diamant sichtberder meitsje en beneame per doelgroep Ynklusy op it mêd fan Fryske taal Konkrete stappen op it mêd fan Tagonklikheid Tema oan de priisfraach “Het Beste Idee van TD”, mear fokus Finansjeel; in part fan it budzjet besteegje oan Reinbôgetema Finansjeel: ûnderbouwing foar 2025 en 2026 yn it finansjele ramt beneame Yntegraal oppakke as gemeente: format oanpasse fan beliedsdokuminten
De neikommende oanpassingen binne ferwurke yn de lêste ferzje fan de “Brede Inclusie Agenda”: 1. 2. 3. 4. 5. 6.
De ûnderskate doelgroepen yn de Ynklusy Diamant wurde eksplisyt en per doelgroep beskreaun op de side mei de titel: Voor wie gaan we ons inzetten? De ôfbylding fan de Ynklusy Diamant is tafoege. Der is in aksjepunt taheakke om mooglikheden te ûndersykjen om de gemeentlike webside oer te setten nei it Frysk. Der binne trije aksjes tafoege op it mêd fan Tagonklikens; it belûken fan ûnderfiningssaakkundigen, ynklusyf stimmen en it skouwen fan nije projekten of romtes. Yn de aksjelist is opnommen dat de Wurkgroep Tagonklikens in tema kiest foar de organisaasje fan “Het Beste Idee van TD” yn 2025. Op it mêd fan Finânsjes binne twa wizigingen trochfierd; der stiet beskreaun dat in part fan it budzjet bestege wurdt oan Reinbôgegemeente en de ynsidintele middels wurde ferdield oer 2025 en 2026. We ûndersykje de mooglikheden om it tema ynklusy ta te heakjen oan it yntegrale wurkjen troch de organisaasje.
Arguminten 1. Movisie hat de Ynklusy Diamant ûntwikkele omdat soks helpe kin by it fisualisearjen fan de ûnderskate aspekten fan ynklusy, dêrom is dy tafoege oan de Brede Inclusie Agenda. 2. Troch de gemeentlike webside (ek) yn’t Frysk beschikber te stellen, drage we by oan de ynklusy fan ús Frysktalige ynwenners. 3. It beneamen fan konkrete aksjes op it mêd fan tagonklikens en it betiid beheljen fan ûnderfiningssaakkundigen draacht by oan in gruttere lykweardigens. 4. Troch mear fokus te lizzen op in bepaald tema binnen ynklusy wurdt foarkommen dat “Het Beste Idee van TD” te breed oppakt wurdt. 5. It takennen fan in part fan de finansjele middels foar Reinbôgegemeente wurdt troch de wurkgroep alle jierren apart reservearre. It oerheveljen fan ynsidinteel budzjet fan 2025 nei 2026 soarget foar in moaie ferdieling fan ynklusy middels wêrtroch't de kommende jierren budzjet beskikber is foar dit tema.
Ried Punt Side
: : :
20 maart 2025 7 3
6. In systematyske oanpak op beliedsdokuminten makket ynklusy binnen alle wurkgebieten sichtber en bringt ynklusy ûnder de oandacht by alle meiwurkers. Der is gjin format foar beliedsdokuminten. Alternativen n.f.t. Kanttekenings/risiko’s n.f.t. Finânsjes Fan 1 jannewaris 2024 ôf is, yn ôfwachting fan definityf belied, wurke neffens it yn it riedsbrief fan 17 maaie 2023 neamde ambysjenivo foar it tema Ynklusy en Reinbôgegemeente. Yn 2024 is der in bedrach fan likernôch € 55.000, - oan finansjele middels útjûn foar it ynhieren fan ekspertize, de startgearkomste, de subsydzjetender “Het Beste Idee van TD”, ynformaasjemateriaal, priisútrikking, it tagonklik meitsjen fan websiden, amtlike kapasiteit en it ûntwerpen fan de “Brede Inclusie Agenda”. De kosten foar de útfiering fan ynklusy yn 2025 wurde dutsen út de restearjende ynsidintele middels (€ 50.000,-) en it strukturele budzjet fan € 3.000,-. Dy middels kinne brûkt wurde foar de organisaasje fan aktiviteiten, stypjen fan ûnderfiningssaakkundigen en it organisearjen fan “Het Beste Idee van TD”. Ek is der struktureel in bedrach fan € 3.000,- foar reinbôgebelied beskikber. Aktiviteiten en útfieringskosten yn it ramt fan tagonklikens moatte betelle wurde út besteande budzjetten dy't keppele binne oan de ûnderskate beliedsterreinen. Tink dêrby bygelyks oan de werynrjochting fan de iepenbiere romte, sport ensfh.
Aksjes om de iepenbiere romte tagonkliker te meitsjen wurde net los oppakt, mar meinaam yn nije (werynrjochting) projekten. Foar 2025 stiet der in ynsidinteel bedrach reservearre fan € 50.000,- en struktureel fan € 3.000,-. It is mooglik om in part fan it ynsidinteel budzjet oer te bringen nei 2026, sadat ek yn dat jier noch ekstra finansjele stipe is op it mêd fan ynklusy. Ynwenners- en oerheidspartisipaasje - Q1 2024: Yn de startgearkomste binne ynwenners belutsen om útdagingen en ideeën út te wikseljen, ynput is meinommen yn de “Brede Inclusie Agenda” - Q2 2024: Yn Nijs en broadsjes is it ûnderwerp ynklusy binnen de gemeente ûnder de oandacht brocht by de amtners. - Q3 2024: Alle ynwenners fan de gemeente Tytsjerksteradiel binne oproppen om mei te dwaan mei “Het Beste Idee van TD”. - Q4 2024: Underfiningssaakkundigen binne oproppen om diel te nimmen oan de Wurkgroep Tagonklikens ûnderfyningssaakkundigen. Kommunikaasje It is wichtich om de ynklusy aginda breed ûnder de oandacht te bringen, sawol binnen de gemeentlike organisaasje as dêrbûten. Wy sette dêrfoar ûnderskate, rjochte kommunikaasjemiddels yn.
Ried Punt Side
: : :
20 maart 2025 7 4
Sa kommunisearje wy mei meiwurkers oer it belang fan ynklusy fia it yntranet. Ek meitsje wy de ynklusy aginda sels tagonklik foar alle meiwurkers op it yntranet. Foar ynwenners is benammen de tapassing fan wat der yn de ynklusy aginda stiet fan belang en net sasear de aginda sels. Wy sette ferskate kommunikaasjemiddels yn om omtinken foar ynklusy te freegjen en de bewustwurding te fergrutsjen: - It organisearjen fan “Het Beste Idee van TD” en in breed kommunikaasjetrajekt dat dêrby heart. - Op fêste tiden jouwe wy updates oer de ynklusive projekten dy't mei troch “Het Beste Idee van TD” mooglik makke binne. - It hisen fan de reinbôgeflagge op gemeentlike gebouwen en berjochtjouwing hjiroer op social media. - De ynklusy aginda krijt in plak op de gemeentlike webside. - By fêststelling fan de aginda jouwe wy hjir omtinken oan op social media. Yntegraliteit It ûnderwerp ynklusy slacht op in hiel soad ûnderdielen binnen de gemeente. Previnsje Ynklusy hat in sterke previntive wurking op ferskate mêden yn de maatskippij. It foarkomt útsluting. Dêrneist befoarderet ynklusy begryp wêrtroch't sosjale polarisaasje en spanningen fermindere wurde. Ferfolchtrajekt Der is in wurkgroep byinoar brocht om gear te wurkjen oan ynklusy en der wurdt oansletten by de Fryske Netwurk Cirkel, in wurkgroep mei ûnderfiningssaakkundigen.
"It Bêste Idee fan TD" 2025 wurdt op'e nij organisearre om ynklusive ideeën op te heljen by de ynwenners fan Tytsjerksteradiel. Der binne ûnderfiningssaakkundigen wûn, sadat sy harren ûnderfining en ynsichten diele kinne mei de gemeente. De aksjes yn de "Brede Inclusie Agenda" binne in paadwizer foar de takomst. Evaluaasje Ein 2026 sil der evaluearre wurde. Burgum, 25 febrewaris 2025 It kolleezje fan boargemaster en wethâlders fan Tytsjerksteradiel, sekretaris,
loko-boargemaster,
dhr. drs. J. Krul
mefr. T. Willemsma
Riedsbeslút De ried fan de gemeente Tytsjerksteradiel; lêzen it foarstel fan it kolleezje fan boargemaster en wethâlders d.d. 25 febrewaris 2025, punt nûmer: 7; sjoen it oannommen amendemint A-7-1: Beslút: 1. De Brede Inclusie Agenda fêst te stellen. 2. It ynsidintele reservearre budzjet foar 2025 fan € 50.000 te ferheegjen mei € 25.000 euro en dat bedrach ta lêste te brengen fan de algemiene reserve.
Sa fêststeld yn de iepenbiere gearkomste fan de ried fan de gemeente Tytsjerksteradiel fan 20 maart 2025.
De griffier,
De foarsitter,
Mevr. mr. A. Dam
Dhr. P.J.A. van de Hoef
Amendement A-7-1 Agendapunt: 7. Vaststellen Brede Inclusie Agenda Onderwerp: Verhogen budget Brede Inclusie Agenda De raad van de gemeente Tytsjerksteradiel in vergadering bijeen d.d. 20 maart 2025 Wijziging/aanvulling: Het besluit als volgt te wijzigen (vetgedrukte tekst): Besluit: 1. De Brede Inclusie Agenda vast te stellen. 2. Het incidentele gereserveerde budget voor 2025 van € 50.000 te verhogen met € 25.000 euro en dit bedrag ten laste te brengen van de algemene reserve. Toelichting: 1. Van de incidentele bijdrage ten behoeve van de ontwikkeling van de inclusieagenda resteert voor 2025 nog een bedrag van € 50.000. Het raadsvoorstel geeft aan dat een deel van dit bedrag kan worden overgeheveld naar 2026. 2. De evaluatie van de inclusieagenda vindt aan het einde van 2026 plaats. Het budget voor de inclusieagenda loopt tot en met 2026. Dit betekent dat, wanneer eind 2026 een evaluatie plaatsvindt, pas bij de behandeling van de kadernota in 2027 afspraken gemaakt kunnen worden over structurele bekostiging vanaf 2028. 3. Er van uitgaande dat het budget tot en met 2026 volledig wordt aangewend, is hiermee het jaar 2027 niet gedekt. 4. Uitgaande van een beschikbaar budget van € 25.000 per jaar is het toevoegen van dit bedrag voor 2027 reëel. 5. Gemeenten zijn verplicht een inclusieagenda op te stellen en daarmee verantwoordelijk voor het beschikbaar stellen van budget.
PvdA/GroenLinks, Aleida Agema CDA, Mariska Wieringa FNP, Freddy de Haan ChristenUnie, Ype van Kammen Stemming Voor
:
Tegen
:
Aangenomen / Verworpen / Ingetrokken De raadsgriffier
De raadsvoorzitter