Agenderingsverzoek FNP - Realiseren van een zonnepark Stoppelsoal
Tekst van het document
Oan: riedsgriffy, mail: griffie@t-diel.nl FERSYK AGINDEARJEN UNDERWERP FOAR IT IEPEN POADIUM (TECHNYSKE FRAGEN EN PRESINTAASJES / YNFORMAASJE) Datum oanfraach: 10 novimber 2023 Datum Iepen Poadium: fan 16 novimber 2023 Namme riedslid/riedsfraksje: Jan Pieter van der Velde en Freddy de Haan FNP Tytsjerksteradiel Underwerp: Realiseren van een zonnepark Stoppelsoal 7. iepen poadium 4. fan de riedsaginda Beneam hjirûnder de konkrete technyske fragen by it ûnderwerp: Foarlizzend riedsútstel is foar in grutste part basearre op it rapport Ruimtelijke onderbouwing Zonnepark Stoppelsoal fan 20-06-2023, oangeande de ynhâld hawwe wy de folgjende fragen/fersiken: 1. Graach krije wy in ûnderbouwing fan de ekonomyske útfierberheid fan de plannen (bygelyks mei in businesscase), ek yn relaasje ta de planskea-oerienkomst. It giet dan om de ekonomyske útfierberheid foar sawol de opdrachtjouwer Zonnepark Stoppelsoal B.V. as de úteinlike ‘dragende’ partners Novar en Enerzjy Groep Burgum. 2. Wy krije ek graach de 5 bylages/taheakken by it rapport. 3. Op bls. 3 fan it rapport stiet “Dat betekent dat er naast het windpark ruimte wordt geboden voor landschap, natuur en recreatie.”, meie wy der fanût gean dat sawol de inisjatyfnimmers fan it sinnepark as de gemeente Tytsjerksteradiel gjin plannen hawwe foar in wynmûne/wynmûnen op de lokaasje? 4. Op bls.
8 fan it rapport stiet “Gelet op de omvang van het project Burgum (circa 26 hectare veldopstellingen), de kenmerken van het project (zonnepark), het gebied (agrarisch dichtbij reeds gerealiseerde zonneparken) en de aard van de effecten (zeer beperkt), wordt geconcludeerd dat het uitvoeren van een m.e.r.-beoordeling of het doorlopenvan een m.e.r.-procedure niet nodig is.”, wat wurdt hjir bedoeld mei “agrarisch dichtbij reeds gerealiseerde zonneparken”? 5. De plannen (sinnepark op agraryske grûn) foldogge no net oan de provinsjale feroardening Romte Fryslân fan 23-03-2021 artikel 9.6.2, mar it kolleezje fan B&W kin frijstelling freechje by Deputearre Steaten. Graach hearre wy of it kolleezje fan Tytsjerksteradiel frijstelling oanfrege hat en sa ja, dan krije wy ek graach in kopij fan de reaksje fan Deputearre Steaten. 6. Wat is der yn sawol Burgum as Noardburgum dien (hokker ynset is plege/ûndersiken dien) oan de ynfolling fan de treden 1 o.m. 4 fan de Zonneladder en wat wiene de resultaten?
7. Yn de stikken stiet dat it gebiet “minder geschikt gronden voor de reguliere landbouw” betreft. Fynt it kolleezje lytsskalige lânbou as net reguliere lânbou in ûnfolweardich gebrûk fan de agraryske bestimming? Graach krije wy in taljochting. 8. Op bls. 17 fan it rapport stiet “Het zonnepark Stoppelsoal is van tijdelijke aard en voor zolang de technisch-economische levensduur van het zonnepark dit toelaat. Nadat het park 30 jaar zonnestroom heeft geproduceerd wordt het zonnepark verwijderd en kunnen de grondeigenaren de grond weer voor eigen doeleinden gebruiken.”. Betsjut dit dat de resultaten fan natuer- en rekreaasje-ûntwikkelingen dan ek fan tydlike aard binne? Sa nee, hoe wurdt boarge dat dat net it gefal is? 9. Op bls. 22 fan it rapport stiet “De gronden worden momenteel niet gebruikt voor landbouw en zijn door het coulissenlandschapkarakter daarvoor ook minder geschikt/kleinschaliger bedoeld.”, wêrom is feehâlderij/it weidzjen fan fee op dizze lokaasje gjin lânbou? 10. Wêrom wurdt it provinsjale advys om archeologysk ûndersyk útfiere te litten net opfolge? DIT FERSYK OP DE FREED FOAR DE DATUM FAN IT IEPEN POADIUM FOAR 12.00 OERE TASTJOERE OAN DE RIEDSGRIFFY.