Agenderingsverzoek FNP -Ingekomen stukken – Evenementenbeleid
Tekst van het document
11. Ingekomen stukken – Evenementenbeleid Fersyk FNP: Yn it wie/wurdt dokumint stiet: “Er is een splitsing gemaakt wat aanvraagtermijnen voor de verschillende categorieën. A: 4 wiken, B: 12 wiken en C: 16 wiken. In A-evenemint is te ferlykjen mei in “ net-belêstend evenemint ” út it âlde belied en bliuwt kwa termyn itselde. B - en C-eveneminten binne útsplitst op basis fan praktykûnderfining.” Fraach: Ik mis it 0 evenemint, kloppet dit? Der wurdt praat oer “ útsplitst op basis fan praktykûnderfining ” Fragen: Kin der dúdlikheid jûn wurde wat de saakkundige oanjûn hawwe as kritearia? Hoe witte organisaasjes dat se in 0, A, B of C evenemint hawwe? En dêrmei op tiid harren evenemint oanmelde, benammen yn it begjin sil dat bekend makke wurde moatte. Dan is der ek de evenemintekalinder. B en C eveneminten moatte foar 1 oktober harren evenemint oanjaan foar dizze kalinder. In plak op dizze kalinder is gjin garânsje dat it evenemint trochgiet. En ast letter bist as 1 oktober, foarôfgeand oan it jier dat it evenemint plakfynt, kinst evenemint dochs noch op de kalinder komme. Fragen: Is it dúdlik by organisaasjes dat se: 1. Op de kalinder stean moatte foar 1 oktober en dat se op 'e tiid harren fergunning oanfreegje moatte? 2.
Is it dúdlik by organisaasjes dat se, as se har net oanmelde foar de kalinder, se it risiko rinne dat yn de gemeente of in buorgemeente in evenemint is en dat harren evenemint dan net trochgean kin? 3. Wurdt it in hurde eask fan de gemeente as ien ‘m net oanmeld hat foar de kalinder, foar 1 oktober, en der al wat oars plakfynt, dat it dan net it evenemint net trochgiet?