CConstaterende datTytsjerksteradiel
Koppel je AI →
Document · PDF

Agenderingsverzoek FNP - Ingekomen stuk - Zonnepark Stoppelsoal

RAAD IEPEN POADIUM (RAADZAAL) 17 mei 2023, gemeente TytsjerksteradielBij agendapunt: Ingekomen stuk – Zonnepark Stoppelsoal (inhoudelijk)295 woorden

Open het PDF bij de gemeente ↗Naar de vergadering →

Tekst van het document

Uit het bestand gehaald, zonder opmaak, tabellen en afbeeldingen

4. Ingekomen stuk – Zonnepark Stoppelsoal Vragen FNP: Us ynwenners By punt 9 fan it riedsútstel stiet dat der in breed draachflak bestiet foar dit inisjatyf (25 hektare oan sinnepanielen binnen in plangebiet fan 35 hektare oan de Koumarwei te Burgum) yn sawol Burgum as Noardburgum. 1. Graach hearre wy hoe’t dit draachflak fêststelt is? 2. Hoe ‘breed’ is it draachflak konkreet? 3. Wat binne de útbater fan Swartkrús syn beswieren oangeande it inisjatyf? Enerzjyfoarsjenning / Duorsumensaginda Tytsjerksteradiel 4. Hoe grut is it elektrisiteitsgebrûk (eksklusyf grutferbrûkers/yndustry) per jier fan Burgum en Noardburgum, separaat en kumulatyf? 5. Wy krije ek graach de ôfnameprofielen ynklusyf ûnderlizzende sifers oer in jier (bemetten as ynskatting). By foarkar op basis fan 5 minuten-, kertier- as oerwearden, mar op syn minst per dei mei in ferdieling tusken de pykperioade (dei) en de dalperioade (nacht). 6. Hoe grut is de elektrisiteitsproduksje per jier op basis fan 10 hektare oan sinnepanielen en hoefolle is dit op basis fan 25 hektare oan sinnepanielen? 7. Wy krije ek graach de produksjeprofielen ynklusyf ûnderlizzende sifers oer in jier (ynskatting), 1x basearre op 10 ha en 1x basearre op 25 ha.By foarkar op basis fan 5 minuten-, kertier- as oerwearden, mar op syn minst per dei mei in ferdieling tusken de pykperioade (dei) en de dalperioade (nacht).

Bioferskaat / Wetterhúshâlding 8. By punt 5 fan it riedsútstel stiet ‘Door goed beheer en onderhoud wordt de ecologische waarde in het gebied versterkt’. Wat betsjut dit konkreet (bygelyks hoefolle plante- en bistesoarten mear, hoefolle bettere wetterkwaliteit)? 9. Hawwe de plannen ek ynfloed op de wetterhúshâlding/it wetterpeil yn it gebiet? 10. Sa ja, wat is dy ynfloed dan en wat binne de gefolgen foar de omjouwing? 11. Kin it poldergemaal foar dit gebiet oerstallich makke wurde troch de plannen?

De tekst is automatisch uit het bestand gehaald en kan afwijken van het origineel (kolommen, tabellen en koppen lopen door elkaar). Het officiële stuk bij de gemeente is leidend. Bron: https://api1.ibabs.eu/publicdownload.aspx?site=Tytsjerksteradiel&id=0cddeacc-596c-487d-8982-d2aaa787b93b