Agenderingsverzoek FNP - Ingekomen stuk - Inzet drones bij toezicht en handhaving in het fysieke domein
Tekst van het document
7. Ingekomen stuk: Inzet drones bij toezicht en handhaving in het fysieke domein Fragen FNP: Op side 2 stiet: ‘In beginsel is de inbreuk op de privacy beperkt en gerechtvaardigd.’ Wat wurdt hjir krekt mei bedoeld? Om risiko t.o.f. privacy yn byld te bringen wurdt in Data Protection Impact Assessment (DPIA) opsteld. Dit protokol sil foar it yn gebrûknimmen fan de drone foar fêststelling oan it kolleezje foarlein wurde. Wurdt dit protokol ek oan de ried foarlein? De FNP soe dit wol graach sjen wolle. De privacy fan de boarger ha wy heech. Om in pear fragen oan te heljen: Hoelang bliuwt data beskikber? Wa kin dit ynsjen? Hoe wurde boargers ynformearre? By punt 2 stiet: ‘Er zal een veilige professionele drone worden aangeschaft.’ Wat binne de rjochtlinen foar in feilige drone? En hoelang giet sa 'n feilige drone mei? By it kopke Financien wurdt oanhelle dat der op syn minst twa meiwurkers in geskikte oplieding folgje meie. De oplieding kostet 3500, - p.p. Der wurdt keazen foar twa wurknimmers y.f.m. de kwetsberheid. Mar wat as 1 fan 2 (langduorjend) siik wurdt of slimmer noch ûntslach nimt. Dan hast fansels noch 1 wurknimmer. Sil de gemeente dan opnij ynvestearje yn oplieding? Want dêrmei geane de kosten wol wer omheech.