CConstaterende datTytsjerksteradiel
Koppel je AI →
Document · PDF

4.5 - Fragen CDA - Fuortgong beslút ynsammeling âld papier en karton Burgum

RAADSVERGADERING 2018 t/m 2024 25 januari 2024, gemeente TytsjerksteradielBij agendapunt: Fragehealoerke (ynformearjend)256 woorden

Open het PDF bij de gemeente ↗Naar de vergadering →

Tekst van het document

Uit het bestand gehaald, zonder opmaak, tabellen en afbeeldingen

Fragen foar it fragenhealoere Datum riedsgearkomste: 25 Jannewaris 2024 Underwerp: Fuortgong beslút ynsammeling âld papier en karton Burgum Achte kolleezje, Op 12 desimber l.l. krigen wy fan jo in Riedsbrief dêr 't wy yn op 'e hichte brocht waarden “dat omwille van de veiligheid van de vrijwilligers bij het inzamelen van oud papier het college heeft besloten om OPA geen ontheffing te verlenen voor de huidige werkwijze en het materieel en OPA niet aan te wijzen als inzamelaar van oud papier in 2024”. OPA is dêrnei net by de pakken delsitten gien en hat mei faasje nei in wisse, feilige wize fan papier ynsammelje socht, nammentlik mei kreakpersauto's. Sawol OPA as de CDA-fraksje binne dan ek fernuvere dat it kolleezje hjir net mei akkoart giet. Gelokkich fynt der noch wol oerlis plak tusken it kolleezje en OPA. De CDA-fraksje is dan ek benijd nei de útkomst fan dit fierdere oerlis en ropt it kolleezje op om tegearre mei OPA en mei wat linichheid ta in oplossing te kommen. It kin dochs net sa wêze dat in klup as OPA, sa djip woartele yn Burgum en dy’t oare inisjativen foar ús Mienskip mei mooglik makket, mei de gemeente yn formele stellingnames bedarret en inoar juridysk bestoke. Dêrom freegje wy no wat de fuortgong is fan de petearen en pleitsje foar in soepele opstelling sadat OPA jild ynsammelje bliuwe kin foar ús Mienskip mei it opheljen fan âld papier op in feilige wize.

Ut namme fan de CDA-fraksje Tytsjerksteradiel, Renate Snijder-Wassenaar

De tekst is automatisch uit het bestand gehaald en kan afwijken van het origineel (kolommen, tabellen en koppen lopen door elkaar). Het officiële stuk bij de gemeente is leidend. Bron: https://api1.ibabs.eu/publicdownload.aspx?site=Tytsjerksteradiel&id=3964f220-59e8-4ba0-b6d0-24acd007e559