CConstaterende datTytsjerksteradiel
Koppel je AI →
Document · PDF

4.3 - Fragen FNP - Argivaris

RAADSVERGADERING 2018 t/m 2024 25 januari 2024, gemeente TytsjerksteradielBij agendapunt: Fragehealoerke (ynformearjend)252 woorden

Open het PDF bij de gemeente ↗Naar de vergadering →

Tekst van het document

Uit het bestand gehaald, zonder opmaak, tabellen en afbeeldingen

Fragen foar it fragenhealoere Datum: Riedsgearkomste fan 25 jannewaris 2024 Underwerp: Argivaris Achte kolleezje, Op dit stuit rint der in pilot oangeande it Argyf. Stikken kinne by de gemeente oanfrege wurde en binne dan yn te sjen by Tresoar yn Ljouwert. En dat is in tûke tydlike oplossing! It jout ús de gerêststelling dat wy yn alle gefallen foarearst wat hawwe om mei fierder te gean. Mar de FNP hat noed oer de situaasje, want dizze needoplossing wurket as needoplossing mar yn ús eagen net as definitive oplossing Dat hawwe ferskaate minsken ek oanjûn by harren ynspraak yn it Iepen Poadium fan 14 septimber 2023 en 7 desimber 2023. Derneist hawwe sy ek kontakt mei ús fraksje socht hjiroer. Om in tige resint foarbyld te jaan wat it argyf betsjutte kin foar de mienskip is de Doarpskwis fan 29 desimber lêstlyn. Dizze pilot is der om 't der net in kwalifisearre Argyfaris oanwêzich is op ús gemeentehûs yn Burgum. De FNP hat in pear fragen: 1. Is der op dit stuit in fakatuere útskreaun foar de funksje Archivaris? As wurd der op in oare wize socht? 2. Sa ja, wat is de eindatum? Kinne jo oanjaan hoe ’t dat rint? Sa nee, werom wurd der no net socht nei immen wylst it hiel wichtich is en de pilot in eindatum oant juny 2024 hat? 3.

As de fakatuere noch net útskreaun is, kin it kolleezje oanjaan wannear 't dat nei ferwachting barre sil? Ut namme fan de FNP-fraksje Tytsjerksteradiel, Frou Soepboer

De tekst is automatisch uit het bestand gehaald en kan afwijken van het origineel (kolommen, tabellen en koppen lopen door elkaar). Het officiële stuk bij de gemeente is leidend. Bron: https://api1.ibabs.eu/publicdownload.aspx?site=Tytsjerksteradiel&id=96f3c3d4-0cc5-425b-ab53-795d0e53f710