CConstaterende datTytsjerksteradiel
Koppel je AI →
Document · PDF

3.8 - Fraach FNP - Fragen fan Dorpsbelang Mûnein-Readtsjerk

RAAD IT BESLUT 11 juni 2026, gemeente TytsjerksteradielBij agendapunt: Fragehealoerke (ynformearjend)184 woorden

Open het PDF bij de gemeente ↗Naar de vergadering →

Tekst van het document

Uit het bestand gehaald, zonder opmaak, tabellen en afbeeldingen

Fragen foar it fragenhealoere Datum riedsgearkomste: 11 juni 2026 Underwerp: Fragen fan Dorpsbelang Mûnein-Readtsjerk Achte kolleezje, Nei de ALV fan Dorpsbelang Mûnein-Readtsjerk op 10 april binne in tal útfieringsfragen by de gemeente dellein. Wy begripe fan dit Dorpsbelang dat der oant no ta noch gjin dúdlik antwurd op kaam is/aksje ûndernaam is. Foar ús giet dit net allinnich oer dizze losse punten, mar ek oer de bredere gearwurking tusken gemeente en doarpsbelangen. Doarpsbelangen binne in wichtige skeakel yn ús doarpen: sy helje sinjalen op, bringe praktyske knelpunten ûnder de oandacht en fertsjintwurdigje in grut part fan de mienskip. Dan is it wichtich dat sy ek witte wêr’t se oan ta binne en binnen in reedlike termyn antwurd krije. Fraach: 1. Kin it kolleezje tasizze dat de konkrete fragen fan Dorpsbelang MûneinReadtsjerk snel oppakt en ôfhannele wurde? 2. En kin it kolleezje dêrnei breder oanjaan hoe’t it kontakt mei doarpsbelangen op dit stuit organisearre is, oft dêr knelpunten yn sitte en hoe’t de weromkeppeling oan doarpsbelangen ferbettere wurde kin?

Ut namme fan de FNP-fraksje Tytsjerksteradiel, Nynke Hinke Rintjema

De tekst is automatisch uit het bestand gehaald en kan afwijken van het origineel (kolommen, tabellen en koppen lopen door elkaar). Het officiële stuk bij de gemeente is leidend. Bron: https://api1.ibabs.eu/publicdownload.aspx?site=Tytsjerksteradiel&id=43d2a5a7-a870-4126-80b2-a8d3e883131f