3.7 - Fragen FNP - Skiepskudde - Wyldgroei beareklau
Tekst van het document
Fragen foar it fragenhealoere Datum riedsgearkomste: De 16de fan de gersmoanne 2025 Underwerp: Skiepskudde – Wyldgroei beareklau Achte kolleezje, Op de webside fan Omrop Fryslân liezen wy op 2de fan de gersmoanne, dat de skiepskuddes yn Tytsjerksteradiel gjin hoeder fine kinne. Dit resultearret der yn dat der dit seizoen gjin skiepskuddes weidzje sille yn Tytsjerksteradiel. 1. Hat it kolleezje in oplossing betocht foar it ûntstiene probleem dat gemeente no mear meane moat? It grutte foardiel fan de keppel skiep fan bedriuw "Bij de Hand" is dat de skiep gek binne op de beareklau. En dan net allinne de bledsjes en de stâlen, mar ek de blommen. Dêrmei losse sy net allinnich it opromjen fan de beareklau op mar foarkomme sy ek de fersprieding. 2. Hat it kolleezje al stappen ûndernommen om de wyldgroei fan de beareklau yn'e klau te hâlden?
Ut namme fan de FNP-fraksje Tytsjerksteradiel, Emmie Soepboer