CConstaterende datTytsjerksteradiel
Koppel je AI →
Document · PDF

3.7 - fraach mefr. T Krijgsman - Iepenbiere húskes.docx

RAADSVERGADERING 2018 t/m 2024 24 november 2022, gemeente TytsjerksteradielBij agendapunt: Vragenhalfuurtje (informerend)366 woorden

Open het PDF bij de gemeente ↗Naar de vergadering →

Tekst van het document

Uit het bestand gehaald, zonder opmaak, tabellen en afbeeldingen

Fraach foar it fragenhealoerke Datum riedsgearkomste: 24 novimber 2022 Underwerp: Elk iepenbier húske telt. Achte kolleezje, Der binne noch altyd tefolle minsken dy 't de doar net út doare, út eangst gjin húske te finen, twongen wurde oant wyldpisjen of simpelwei yn sjenante situaasjes telâne komme. Gemiddeld moat elke Nederlanner in iepenbier húske diele mei 2.500 oaren. Dat kin en moat oars. Fraach: Kin / wol de gemeente aktyf stimulearje dat der mear bedriuwen - yn hokker hoedanichheid dan ek- aktyf meiwurkje sille/wolle oan ' de Toiletalliantie ' yn Tytsjerksteradiel. Dit om ús ynwenners fan en besikers oan ús gemeente de nedige gemoedsrêst te jaan u.o. om te winkeljen bûten har eigen omjouwing. Ut namme fan de FNP-fraksje Tytsjerksteradiel, T.R. Krijgsman

Yn it Riedsprogram 2022-2026: De gemeenteried wol mei it riedsprogramma syn eigen rol fersterkje...... De ried sjocht it riedsprogramma as in middel om in bydrage te leverjen oan it fergrutsjen fan it betrouwen fan de boarger yn de oerheid / gemeente. Side 9 fan it riedsprogramma: Meedoen is niet voor iedereen vanzelfsprekend. De ried wol kânsegelikens stimulearje. It is in ûnderwerp dat breed is en om in brede blik freget, û.o. oer de kwaliteit fan de libbensomjouwing. Motivaasje efter de fraach: Mear húskes yn Tytsjerksteradiel. Winkellju, hoareka, toeristyske sektor en gemeente help ek mei! De Maag Lever Darm Stichting striidt tegearre mei oare maatskiplike organisaasjes, feriene yn de Toiletalliânsje, foar foldwaande iepenbiere en iepenstelde húskes. Genôch foar de twa miljoen minsken mei in spiisfertarringssykte (Crohn), de oardel miljoen blaaspasjinten, minsken mei in beheining, âlderein, froulju en deitoeristen. Koartsein: elkenien. Want elkenien hat in pear kear deis it húske nedich. Mei de app ‘Hoge Nood’ fan de Taoiletalliânsje kin elkenien helpe. Want elk húske telt. En ús gemeente Tytsjerksteradiel wolle wy freegje om hjir ek by te helpen! Fia de webside ‘ iederewctelt. nl ’ stiet hoefier 't in gemeente is mei belied om iepenbiere en iepenstelde húskes hinne. Dizze is basearre op iepenbiere gegevens, nijsberjochten en kontakt mei gemeenten.

fia info@toiletalliantie.nl Achtkarspelen stiet op nr. 42 fan de 352 / Tytsjerksteradiel stiet op nr. 108 fan de 352 Op ‘e sammellist fan ‘de meest toiletvriendelijkste gemeenten’.

Dat kinne en wolle wy dochs better dwaan!

De tekst is automatisch uit het bestand gehaald en kan afwijken van het origineel (kolommen, tabellen en koppen lopen door elkaar). Het officiële stuk bij de gemeente is leidend. Bron: https://api1.ibabs.eu/publicdownload.aspx?site=Tytsjerksteradiel&id=a0654bb3-ca67-42dc-b4c7-81e5e1236388