CConstaterende datTytsjerksteradiel
Koppel je AI →
Document · PDF

3.7 - Fraach FNP - Frijstellingen fan de Leerplichtwet

RAAD IT BESLUT 11 juni 2026, gemeente TytsjerksteradielBij agendapunt: Fragehealoerke (ynformearjend)237 woorden

Open het PDF bij de gemeente ↗Naar de vergadering →

Tekst van het document

Uit het bestand gehaald, zonder opmaak, tabellen en afbeeldingen

Fragen foar it fragenhealoere Datum riedsgearkomste: 11 juni 2026 Underwerp: Frijstellingen fan de Leerplichtwet Achte kolleezje, Nei oanlieding fan de útstjoering fan BOOS fan 20 maaie 2026 oer frijstellingen fan de learplicht op grûn fan artikel 5 ûnder b fan de Leerplichtwet 1969, en it resinte berjocht dat de gemeente De Haach nei oanlieding fan in útspraak fan de Hege Ried sokke frijstellingen net langer takent of ferlinget, stelle wy de folgjende fragen: Fraach: 1. Binne der yn Tytsjerksteradiel bern mei in frijstelling op grûn fan artikel 5 ûnder b? Sa ja, om hoefolle giet it no, en hoe hat dat tal him de ôfrûne fiif skoaljierren ûntwikkele? 2. Yn de útstjoering fan BOOS kaam nei foaren hoe maklik oft sa’n frijstelling oanfrege wurde kin. Hoe toetst de gemeente oft de beswieren echt oer de rjochting fan it ûnderwiis geane, en net om oare beswieren? 3. De Hege Ried hat koartlyn útsprutsen dat by artikel 5 ûnder b strang toetst wurde moat oft it beswier echt oer de rjochting fan it ûnderwiis giet. De gemeente De Haach folget dêrom de line om sokke frijstellingen net langer ta te kennen of te ferlingjen. As der yn Tytsjerksteradiel sokke frijstellingen binne, is it kolleezje dan ree te ûndersykjen oft ús gemeente in ferlykbere line folgje kin en moat, en de ried dêr op koarte termyn oer te ynformearjen?

Ut namme fan de FNP-fraksje Tytsjerksteradiel, Nynke Hinke Rintjema

De tekst is automatisch uit het bestand gehaald en kan afwijken van het origineel (kolommen, tabellen en koppen lopen door elkaar). Het officiële stuk bij de gemeente is leidend. Bron: https://api1.ibabs.eu/publicdownload.aspx?site=Tytsjerksteradiel&id=f4fcc81d-25a6-4089-9355-76a6591ac1d9