CConstaterende datTytsjerksteradiel
Koppel je AI →
Document · PDF

3.5 - Vragen CDA - Kuierpaad oan de Stinswei yn Garyp

RAAD IT BESLUT 16 april 2025, gemeente TytsjerksteradielBij agendapunt: Fragehealoerke (ynformearjend)198 woorden

Open het PDF bij de gemeente ↗Naar de vergadering →

Tekst van het document

Uit het bestand gehaald, zonder opmaak, tabellen en afbeeldingen

Fragen foar it fragehealoere Datum riedsgearkomste: 16 april 2025 Underwerp: Kuierpaad oan de Stinswei yn Garyp Achte kolleezje, By de oanlis fan De Centrale As kamen jilden beskikber om de oanlizzende doarpen te kompensearjen en in positive ympuls te jaan. De ynset fan ús gemeente wie benammen rjochte op de realisaasje fan rekreative maatregels lykas de oanlis fan fyts - en kuierpaden. Yn dat ramt is ferline jier úteinset mei de oanlis fan in kuierpaad ter hichte fan Easterein oan de Stinswei yn Garyp. It paad is noch net klear en is neffens it pleatste boerd net tagonklik fan 1 febrewaris oant en mei 1 septimber fanwege briedende fûgels. Foar briedende fûgels wurdt lykwols meastal in perioade hantearre fan 15 maart oant 15 july dêr't gjin tagong yn tastien is. 1. Wêrom is de perioade hjir sa lang keazen? Om't it wurk oan dit paad yn dizze perioade dan klear is? 2. En wat betsjut dat foar de takomst, as it paad oanlein is, dat dit kuierpaad mar 5 moannen yn it jier iepen is? Mei oare wurden, hokker perioade wurdt keazen as dit kuierpaad klear is? Ut namme fan de CDA-fraksje Tytsjerksteradiel, Renate Snijder-Wassenaar

De tekst is automatisch uit het bestand gehaald en kan afwijken van het origineel (kolommen, tabellen en koppen lopen door elkaar). Het officiële stuk bij de gemeente is leidend. Bron: https://api1.ibabs.eu/publicdownload.aspx?site=Tytsjerksteradiel&id=abff7659-5502-4d12-90e0-914977c36ef2