3.5 - Fragen FNP - Rapport Natuurbrandsignaal ‘23
Tekst van het document
Fragen foar it fragenhealoere Datum riedsgearkomste: 22 juny 2023 Underwerp: Rapport Natuurbrandsignaal ‘23 Achte kolleezje, Yn jannewaris 2023 kaam it NIPV mei it rapport “natuurbrandsignaal ‘23”. De ôfrûne wiken is it fansels hiel waarm en drûch west en wij hawwe yn ús gemeente in tal prachtige natuergebieten en dêr leit wol in soarch. Derom hawwe wy in pear fragen: 1. Is der yn T-diel belied of in plan wer’t it giet oer natuerbrannen? 2. Binne der ek al plannen ta oanpassing fan it lânskip, ynspyljend op tanimmend brângefaar, lykas oare fagetaasje as brângongen? 3. Wurd der ek wurke oan de kennis om it natuerbrânrisiko yn te skatten? 4. Wat is it senario as der op dit stuit in brân ûntstiet yn bygelyks de Alde Feanen? Ynformaasje en boarne: https://nipv.nl/wp-content/uploads/2023/04/20230123-NIPV-Natuurbrandsignaal23.pdf
Ut namme fan de FNP-fraksje Tytsjerksteradiel, Emmie Soepboer