CConstaterende datTytsjerksteradiel
Koppel je AI →
Document · PDF

3.5 - Fragen FNP - Orange the World

RAAD IT BESLUT 27 november 2025, gemeente TytsjerksteradielBij agendapunt: Fragehealoerke (ynformearjend)334 woorden

Open het PDF bij de gemeente ↗Naar de vergadering →

Tekst van het document

Uit het bestand gehaald, zonder opmaak, tabellen en afbeeldingen

Fragen foar it fragenhealoere Datum riedsgearkomste: 27 novimber 2025 Underwerp: Orange the World Achte kolleezje, Fan 25 novimber ôf oant 10 desimber kleuret it gemeentehûs oranje en derneist hinget der yn dizze perioade in flach. Ek op de webstek fan de gemeente kinne we in koart ferhaal lêze wat de bedoeling is fan de kampanje OrangetheWorld, en fyne we de link nei orangetheworld. Op smoeleboek kinne we lêze dat de gemeente mei dizze symboalyske died sjen lit dat se it net akseptearret dat der geweld stjin frouen brûkt wurd. En dat de gemeente harren ferantwurding nimt foar in feilige mienskip. Wy wolle jim wat sifers jaan, ea wy oergean nei de fragen: 1. Wrâldwiid hat 1 op de 3 froulju te krijen mei fysyk, psychysk en/of seksueel geweld. 2. Yn Nederlân stjert eltse 8 dagen in frou troch geweld. 3. Yn Nederlân krijt 53 persint fan de froulju en 19 persint fan de manlju te meitsjen mei seksueel grinsoerskridend gedrach. 4. Yn Nederlân krijt 1 op de 5 froulju mei partnergeweld te meitsjen. 5. 73 persint fan de Nederlânske froulju hat seksuele yntimidaasje meimakke. 73%, sjoch noch maris goed om jim hinne, 73%! Dizze sifers komme fan de webside orangetheworld.nl Fraach: 1. De FNP wol graach witte hoe't de gemeente harren ferantwurding nimt. Krektlyn hat der yn Burgum in hiele ferfelende situaasje plakfûn, yn it ramt fan net winske hanneljen.

Ut respekt foar de persoanen dy't dit oangiet gean ik dér net op yn. Lykwols ha wy wol in pear fragen oer dizze situaasje. 2. Is de buert op de hichte stelt fan wat der krekt yn harren buert ôfspielet? Sa ja, hoe? Sa nee; werom net? 3. Binne de bedriuwen op de hichte stelt fan wat der yn harren omjouwing ôfspielet? Is der kontakt west mei ien of meardere bedriuwen? 4. Is der help oanbean troch de gemeente (oan dizze bedriuwen)? Sa ja; op hokker wize? Sa nee; werom net?

Ut namme fan de FNP-fraksje Tytsjerksteradiel, Emmie Soepboer

De tekst is automatisch uit het bestand gehaald en kan afwijken van het origineel (kolommen, tabellen en koppen lopen door elkaar). Het officiële stuk bij de gemeente is leidend. Bron: https://api1.ibabs.eu/publicdownload.aspx?site=Tytsjerksteradiel&id=7466bfad-150d-4b08-aa90-37c95e42abc0