3.5 - Fragen FNP - Bouwe Wyns
Tekst van het document
Fragen foar it fragenhealoere Datum riedsgearkomste: 18 december 2025 Underwerp: Bouwe Wyns Achte kolleezje, Nei oanlieding fan de brief fan Doarpsbelangen Wyns-Bartlehiem fan 1 desimber lêstlyn en de ynsprekker fanút Doarpsbelangen Wyns-Bartlehiem op 20 novimber lêstlyn oer it stopsetten fan de gearwurking oangeande de ûntwikkeling fan Wyns-Noard, hat de FNP-fraksje de folgjende fragen. 1. Hoe beoardielet it kolleezje sels it proses dat laat hat ta it pas nei twa jier ûntdekken fan de lûdskontoerbeheining by Wyns-Noard? 2. Hoe wol it kolleezje yn it ljocht fan dizze ûntwikkeling dúdlikheid biede oer de hjoeddeiske en takomstige lûdskontoer om Wyns? 3. No’t dúdlik is dat de lûdskontoeren in grutte beheining foarmje, is foar Wyns essensjeel om te witten hokker lokaasjes binnen dit ramt noch realistysk binne. Is it kolleezje ree om, yn nauwe gearwurking mei Doarpsbelangen, te ûndersykjen wêr’t noch mooglikheden lizze en dit dúdlik oan it doarp te kommunisearjen, sadat nije ynisjatyfnimmers útnûge wurde kinne? We sjogge dat it doarp de ôfrûne jierren in soad tiid, enerzjy en eigen middels ynvestearre hat yn it trajekt, wat wy tige wurdearje. It is foar ús fan grut belang dat dizze ynset net ferlern giet en dat ynwenners net ôfheakje.
Ut namme fan de FNP-fraksje Tytsjerksteradiel, Nynke Hinke Rintjema