3.5 - Fraach mefr. E. Soepboer (FNP) - Berikberens gemeente
Tekst van het document
Fragen foar it fragenhealoere Datum riedsgearkomste: 24 novimber 2022 Underwerp: Berikberens gemeente Achte kolleezje, De FNP wol graach in fraach stelle oer de berikberens fan de gemeente. Te faak hearre wy it lûd dat de gemeente (noch hieltyd) min berikber is. Koroana hat fansels dêr syn oandiel yn hân en wy begripe ek de krapte yn de personiele besetting. Yn it riedsprogram 2022-2026 (side 3) jouwe wy as ried it belang oan om de kloof tusken boarchers en de gemeente te ferlytsjen. Dêr wurdt de kwaliteit fan de stjinstferliening as belang sjoen. Mei dizze wittenskip en fragen fanút de boarchers wol de FNP graach witte as it kollege al dwaande is mei in startnotysje foar de klantbestjinningsstrategy, en mei namme as der al in nul-mjitting west hat? En as die der noch net west hat, kin it kollege oanjaan as dit yn de planning leit? As in tiidspaad oanjaan? Want sjoen de situaasje en it ferlet by de boargers is der driuwend ferlet fan in nije/oare oanpak Ter ynfo; in pear foarbylden: •
• •
Boarger hat in enerzjypetear oanfrege en hat dêrfoar € 35,00 betelle. Dêrnei komt der gjin datum foar in petear. De boarger bellet en docht syn ferhaal yn it Frysk dêr't op sein wurdt: ‘dat versta ik niet’. Nei in twadde kontakt wurdt tasein dat der wurk fan makke wurdt. Yntusken binne wy inkelde wiken fierder, hat der noch gjin enerzjycoach west en ek gjin ôfspraak fia de mail. Doarpsbelangen wol ynformaasje oer kombuorden en der wurdt dêrnei gjin kontakt opnommen (probleem is by Herfsontmoeting oplost). Ofrûne wike seagen wy in reaksje op in artikel fan de Gemeente (op FB) 'je belje mar der is net ien berikber of it is te drok dan kin jo kieze om werombelle te wurden en dêrnei is it 4 wiken letter en noch neat heard’.
Ut namme fan de FNP-fraksje Tytsjerksteradiel, Frou W.E. Soepboer