CConstaterende datTytsjerksteradiel
Koppel je AI →
Document · PDF

3.4 - Fragen FNP - Glêsfezel oanlis

RAAD IT BESLUT 21 mei 2026, gemeente TytsjerksteradielBij agendapunt: Fragehealoerke (ynformearjend)198 woorden

Open het PDF bij de gemeente ↗Naar de vergadering →

Tekst van het document

Uit het bestand gehaald, zonder opmaak, tabellen en afbeeldingen

Fragen foar it fragenhealoere Datum riedsgearkomste: 21 maaie 2026 Underwerp: glêsfezel oanlis Achte kolleezje, Ynlieding Doarpsbelang Wyns-Bartlehiem freget yn in brief oan de Ried fan 15 april 2026 (LIST 07-05-2026) oandacht foar problemen by de glêsfezeloanlis troch Glaspoort. In pear jier lyn is it bûtengebiet fan Tytsjerksteradiel oansluten op glêsfezel. Yn in resint projekt is Glaspoort dwaande mei it oansluten fan de kearnen fan ús doarpen. Lykwols, der binne huzen krekt bûten it komboerd fan it doarp Wyns dy ‘t net oansluten wurde omdat dizze wenten bûten de bebouwde kom lizze soene. Glaspoort hantearret in hiel strikt kritearium ‘bebouwde kom’ wertroch der huzen net oansluten wurde. Bewenners falle op dizze wize tusken wâl en skip. Dizze problematyk liket har net te beheinen ta Wyns-Bartlehiem allinnich. Fragen 1. Is it Kolleezje op de hichte fan dizze problematyk? 2. Kin it Kolleezje befêstigje dat it probleem yndie breder is as allinnich it doarp Wyns? 3. Kin it Kolleezje útlizze hoe ‘t dit kontraktueel regele is mei Glaspoort? 4. Hokker mooglikheden sjocht it Kolleezje om Glaspoort te beweegjen harren belied oan te passen sadat alle wenningen oansluten wurde?

Ut namme fan de FNP-fraksje Tytsjerksteradiel, Tjerk Buma

De tekst is automatisch uit het bestand gehaald en kan afwijken van het origineel (kolommen, tabellen en koppen lopen door elkaar). Het officiële stuk bij de gemeente is leidend. Bron: https://api1.ibabs.eu/publicdownload.aspx?site=Tytsjerksteradiel&id=197fc882-c3a9-476b-adda-40a45eb386b8