3.4 - Fragen dhr. A. Nijboer (FNP) - Feiligens op’e Merke yn Burgum
Tekst van het document
Fragen foar it fragenhealoere Datum riedsgearkomste: 24 november 2022 Underwerp: feiligens op ’e Merke yn Burgum Achte kolleezje, Yn ‘e riedsgearkomste fan 15 septimber hawwe wy fragen stelt oer de oerlêst op ‘e Merke yn Burgum. Der is jongerein wat foar oerlêst soarget en it ferkear wat nei de winkels giet is ek tige drok. De portefeuillehâlder hat de fragen beantwurde en wat tasein en dêr hawwe wy de folgende fragen oer: 1. Yn de neamde riedsgearkomste hat de portefuellehâlder sein: “As jo oan in plein wenje hawwe jo de foardielen, mar ek de neidielen”. Fraach: Kin de portefuellehâlder oanjaan wat oft hy hjir mei bedoeld? 2. De portefuellehâlder hat tasein nei te gean hokker tasizzingen en beloftes oft der dien binne oan de bewenners fan de Merke. Fraach: Kin de Portefuellehâlder us meidiele oft hjir al wat oer bekend is?
Ut namme fan de FNP-fraksje Tytsjerksteradiel, Alex Nijboer