CConstaterende datTytsjerksteradiel
Koppel je AI →
Document · PDF

3.4 - Fragen CDA - Projektlieder projekt MFA Eastermar

RAAD IT BESLUT 9 oktober 2025, gemeente TytsjerksteradielBij agendapunt: Fragehealoerke (ynformearjend)184 woorden

Open het PDF bij de gemeente ↗Naar de vergadering →

Tekst van het document

Uit het bestand gehaald, zonder opmaak, tabellen en afbeeldingen

Fragen foar it fragenhealoere Datum riedsgearkomste: 9 oktober 2025 Underwerp: Projektlieder projekt MFA Eastermar Achte kolleezje, Juster wie ik foar in oar ûnderwerp efkes oanwêzich by de bestjoersgearkomste fan Doarpsbelang Eastermar. Yn it kader fan “no’t we der dochs binne” dielde it bestjoer in tal soarchpunten, ûnder oaren oer de brêgen fan Eastermar en Skûlenboarch, en oer de foartgong fan it projekt MFA Eastermar. Tidens de wurkbesite fan ús ried oan Eastermar op 28 augustus hat it doarp harren soarch útsprutsen oer de foartgong fan it MFA-projekt, benammen oangeande it oanstellen fan in projektlieder. Ek yn de agindakommisje is dêr de ôfrûne wiken al omtinken foar frege. No binne wy yn oktober, en neffens Doarpsbelang en de Doarpskoöperaasje is der noch altyd gjin projektlieder fûn of oansteld. It doarp stiet klear om gear te wurkjen en rekkenet derop dat de gemeente dizze mienskiplike útdaging mei deselde enerzjy oppakt as Eastermar sels. Fraach: Kin it kolleezje oanjaan wat de aktuele status is oangeande it oanstellen fan in projektlieder foar it projekt MFA Eastermar?

Ut namme fan de CDA-fraksje Tytsjerksteradiel, Jan Willem Sietsma

De tekst is automatisch uit het bestand gehaald en kan afwijken van het origineel (kolommen, tabellen en koppen lopen door elkaar). Het officiële stuk bij de gemeente is leidend. Bron: https://api1.ibabs.eu/publicdownload.aspx?site=Tytsjerksteradiel&id=85e1d088-dcd5-412d-84ae-b8b66d723c10