Document · PDF
3.4 - Fragen CDA - Pontsje PMK Burgum-Sumar
Tekst van het document
Fraach foar it fragenhealoere Datum riedsgearkomste: 22 juny 2023 Underwerp: Pontsje PMK Burgum-Sumar Achte kolleezje, By de behanneling fan de Kadernota 2023-2026 op 14 July 2022 hat ús ried jilden foar it projekt pontsje Burgum-Sumar reservearre. Troch it oannimmen fan in moasje binne doe in tal rânebetingsten opsteld dêr’t oan foldien wurde moast. Op 18 augustus 2022 hat in oerlis west mei de Stichting Zonnepont PMK i.o. en binne ôfspraken oer de ferfolchstappen makke. Dêrnei ha wy neat mear fernaam oer it pontsje. Kin it kolleezje ús ynformearje oer de stân fan saken? Ut namme fan de CDA-fraksje Tytsjerksteradiel, Renate Snijder-Wassenaar