CConstaterende datTytsjerksteradiel
Koppel je AI →
Document · PDF

3.4 - Fraach CDA - Sinnepark Skûlenboarch

RAAD IT BESLUT 22 januari 2026, gemeente TytsjerksteradielBij agendapunt: Fragehealoerke (ynformearjend)279 woorden

Open het PDF bij de gemeente ↗Naar de vergadering →

Tekst van het document

Uit het bestand gehaald, zonder opmaak, tabellen en afbeeldingen

Fragen foar it fragenhealoere Datum riedsgearkomste: 22 jannewaris 2026 Underwerp: Sinnepark Skûlenboarch Achte kolleezje, Nammens de CDA-fraksje ha ik ôfrûne wike petearen hân mei besoarchde ynwenners oer it sinnepark Skûlenboarch. De soargen sitte benammen yn de soarchfâldigens rûnom de natuerwearden, en dan mei namme yn it proses fan de natuertoets en de wetterfergunning. De natuertoets is ferbûn oan de omjouwingsfergunning út 2021, dêr’t ek in saneamd ekologysk wurkprotokol ûnderdiel fan is. Tusken 2021 en no sit in relatyf lange perioade, wêryn de sânwinplas foar in grut part mei rêst litten is. Yn dy perioade is der in ferskaat oan floara en fauna waarnommen rûnom de plas, ûnder oaren de see-earn, de otter en in soad ferskillende wetterfûgels sa as de iisdûker. Neffens ús ynformaasje wurdt op dit stuit de natuertoets opnij útfiert. Fragen – natuertoets 1. Wannear wurd de nije natuertoets oplevere? 2. Hoe wurdt der yn de praktyk op tasjoen dat it ekologysk wurkprotokol ek by feroare natueromstannichheden strang neilibbe wurdt, en wa hâldt dêr it tafersjoch op? 3.

Kin it kolleezje befêstigje dat, as út de bywurke natuertoets bliken docht dat beskerme soarten of harren leefomjouwing der baat by hawwe, de planning of de útfiering fan de wurksumheden oanpast of – as dat nedich is – tydlik stillein wurdt? Wetterfergunning De wetterfergunning foar it bouwen op it wetter is ferliend yn 2023. De jildichheid fan dizze fergunning is yn desimber 2025 ferlinge oant 19 july 2027. Oer it generaal sit op sokke besluten in beswierperioade fan seis wiken. 4. Kin it kolleezje befêstigje dat der op dit stuit in folslein jildige wetterfergunning leit foar it sinnepark Skûlenboarch? Ut namme fan de CDA-fraksje Tytsjerksteradiel, Jan Willem Sietsma

De tekst is automatisch uit het bestand gehaald en kan afwijken van het origineel (kolommen, tabellen en koppen lopen door elkaar). Het officiële stuk bij de gemeente is leidend. Bron: https://api1.ibabs.eu/publicdownload.aspx?site=Tytsjerksteradiel&id=8f2b1ab4-ed09-4bfc-b692-d93f59b2f9b3